Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

31 10

 

Fannemiddei giet de meldkeamer yn Ljouwert ticht. Yn dy meldkeamer kom je binnen at je 112 skilje, mar skrik net, jim tillefoantsjes komme wol troch want tagelyk giet yn Drachten in meldkeamer iepen.  Mei wat omtinken en da’s wol frjemd , meastal die de plysje der it swijen ta de ôfroune tsien jier by elke soarte fan reorganisaasje, want dêr snapte nimmen wat fan. Der bin sels splinternije plysjeburo‘s bout dy’t nea troch de plysje brûkt binne, want dan wie der al wer in korps opheven of sa. En omt it spultsje wie fan boppe ôf út den Haach wei, of fan ûnderen ôf troch de 31 boargemasters dy’t dobbelden om in plysje mear of minder, kin we net in skuldige oanwize. No ja toe dan mar, allegear. De meldkeamer ferhûzet fan Ljouwert nei Drachten.

Om tolve oere sette se yn Ljouwert de knop om. Dan is it ynienen stil. Dan dogge se in tillefoantsje  nei Drachten en freegje, ha jim wat binnen , en at it earste gefal him dan oantsjinnet, en ik wik jim dat soks in sabeare gefaltsje is fan de plysje sels, dan giet der in gejuichje op yn Drachten. Yn Ljouwert net. Yn Ljouwert komt korpssjef Kramer deryn. En alle oare elitaria yn unifoarm. Dan sprekt Kramer it folkje ta. Jim ha’t geweldich dien, sifers, moai gefaltsje, sis mar dy poppe dy’t berne waard op de boat fan Skylge nei Harns, no en dan dogge se it ljocht út. Werom? No dat hat noch noait út west. De ljochten yn de  meldkeamer wiene altyd oan. Der hat altyd ien sitten. Niks gjin wykein, Krystdagen of Sinteklaasjûn, der koe altyd immen yn de kroech in glês bier oer him krije kinne, der koe mei elke Kryst in krystbeam yn de hens fleane, der koe op elke Sinterklaasjûn in dronken Sinterklaas fan it dak rûgelje. Dy minsken en krystbeammen moasten holpen wurde, dus der siet altyd ien. No net mear. De Ljouwerters stappe yn in auto om ien oere en ride nei Drachten. Ljouwert stiet leech.

Yn Drachten is it ljocht fannemoarn oangien, de minsken  moasten allegear efkes fiele wer’t de knopkes sitte, se ha lêsten al oefene , it gie hartstikkene goed, se dogge it ljocht om tolve oere op. En dat ljocht giet net wer út. It is in noch wichtiger kantoar as yn Ljouwert, want at je no fannemoarn by Gruttegast oer de provinsjegrins tsjin in Grinzer beam ride, dan giet jo tillefoantsje nei de Grinzer meldkeamer. En fannemiddei makket dat neat mear út, it is in noardelike 112 en dy giet nei Drachten. Wy helje ús skouders op. It sil wol sa moatte. Ja, it âlde systeem wie goed. Ja, en it nije ek.  Gjin foardiel en gjin neidiel.  Inkel mar it gefoel dat Drachten no ienris it sintrum fan it noarden is. Derom giet Middel ek fuort, tink ik, net streberich genôch. Mar der giet it no net oer. Hoe’t we it ek wende en keare en hoe’t we de Fryske identiteit ek bewarje sile, sa linkendewei wurdt alles noardelijk. In  hiel soad saken bin dat al, der komt noch folle mear by, oant de sikenhûzen ta. En om mar net knokke te hoegen oer it sintrale apperaat, oant en mei oer in tal jieren it provinsjehûs foar it noarden, dan komt alles gewoan yn it minst Fryske en meast sintrale noardelike plak Drachten telânne. Werom at wy ea sa’n idioat provinsjehûs bout ha, en wat we we dêr mei moatte oann de Twabaksmerk , it Fries Museum kin net iens ferkocht wurde, no it is in moai studzje – ûnderwerp. Mar dat is it al te let. Sels al soe Ljouwert sa idioat wêze en stap yn dat kulturele haadstêd plan, it ljocht sil de kommende jieren yn Ljouwert noch hiel faak definityf útgean.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s