Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

01 11

 

It is hjoed in hiel wichtige dei foar de lju dy’t wenje yn de gemeenten Achtkarspelen, Tytjerksteradiel en Kollumerlân. Om 9 oere aanst is it al 24 oeren lyn dat de lêste drup wetter út de kran rûgele is yn dy gemeenten. Dat betsjut dat de need sa heech wurden is dat elkenien by sportkomplex  de Wetterstins yn Burgum komme kin, dêr is wetter. Nee, nee, it is net altyd sa dat in gebou wer’t wetter op stiet dat je der wetter krije kinne at it wetter op is. Somtiden hyt it gewoan multifunksjoneel sintrum. Of Vitens of sa. En it is ek net sa dat je bygelyks by in wettertoer wetter krije kinne, want dy dingen wenje no gewoan minsken yn. En dy ha dus ek gjin wetter. Mar hjoed ha we in bytsje feest en is de Wetterstins it sintrale plak foar de mienskiplike oefening Nooddrinkwater. Want jim ha fansels allang oan jim kraan murken dat ien of oare idioat opskreaun hat dat dy kraan it net docht, wylst er de hiele dei gewoan wetter útkaam is juster. En at jim aanst fan bêd komme, alle wetter komt der noch hieltiid út hear.

Mar oefening Nooddrinkwater giet der dus fanút dat jo 24 oeren net oan drinkwetter komme koenen en dus moat fyftich frijwilligers allegear nei de Wetterstins komme, en dan krij se in sek mei wetter. Dus at jo yn Muntsjesyl wenje dan moat je sa’n30 kilometerrinne, want at der need is kin je net mear autoride of fytse fansels. Ja Sudhorn leit dan tichterby , mar it leit yn Grins en Grins is net opnaam yn de  kalamiteitenprogramma’s fan de Fryske gemeenten. Dus nei Burgum, dan sûp je dêr dy sek leech en dan blykt dat je net mear krije ,want yn it kalamiteitenprogramma stiet dat elkenien ien sek krijt. Sju , je moatallegear yn de rige stean, jo identiteitsbewiis meinimme , krek as by it stimmen en  en jo krije in stimpel op’e hân at je de sek krije, minsken mei stimpeltsjes en krúskes op it papier krije net in sek mear. En we hoopje no mar dat yn de gefallen dat der echt need is dat immen dan dat stimpeltsje meinimt út dat laad  yn it gemeentehûs, essentieel foar de hiele oefening.

Wat in baarlike nonsens. Besteegje de tiid en it jild no earne oars oan as oan sa’n domme ambtlike oefening. Noch efkes ôfsjoen fan it feit dat we optheden somtiden wol langer as 24 oeren gjin wetter mear krije kinne, of gjin elektrysk, gas, tillefyzje , tillefoan of ynternet omdat elkenien gedurich yn de grûn omklauwt. No en ús bern seure mear oer de mobiele tillefoan dy’t it net docht as oer wetter, dan nimme se wol cola en waskje harren mei spa. Mar at der echt need wêze soe giet it fansels allegear echt oars as at der in stik as wat amtners mei in papierke en in stimpeltsje yn de hân sekjes wetter útdiele. Dat wurdt hjoed brocht troch Vitens. No at we need ha, is de earste bom smiten op Vitens en at we in  ierdskok krije dan is dy tafallich by de Wetterstins yn Burgum en is it stimpeltsje fuort, en wit dy man fan Muntsjesyl net wer’t hy hinne moat om syn sekje. En werom yn dy gemeenten, krekt as   kin je dan wol wetter krije yn Warten of Sudhorn. Ja, it is goed om te oefenjen op rampesitewaasjes. Mar doch dan foar hiel Fryslân  in kear de kraan ticht sûnder te warskôgjen. En dan alles efkes fleksibel oplosse. Dan bin ‘k benijd. Fleksibel? No bygelyks dat je fanút Muntsjesyl efkes oer de Grinzer grins fytse en in ammerke wetter helje. Of, dat ha jim dochs regele miljeulju, efkes mei je klompe troch de sleat skeppe en slobberje, krekt as eartiids.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s