Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

03 11

 

Oer in oerke begjint de Fryske Toerisme Kongresdei op de Stenden Hegeskoalle. Mar it giet net inkel oer Fryslân,  jo toffelje dêr noch al tsjin in soad bûtenlanders oan. De Fryske Toerisme Kongresdei is in lyts ûnderdiel fan in grut toeristysk kongres oer de takomst fan toerisme yn de wrâld, organisearre troch ETFI. Wit jim net wat de ETFI is. It European Tourisme Futures Institute. Dat is in ôfdieling fan Stenden , ja, je moat dy bûtenlânske reiskes dochs in namme jaan. Wat seinen jo? ….ik gean te hurd. ETFI ? No dat ETFI is in kennisynstituut fan Stenden en hat ta doel in ynstrumentarium te ûntwikkeljen foar scenarioplanning, it gebrûk dêr fan moat stimuleard wurde fine se sels en it ETFI wol dat dwaan troch adekwate ûnderbouwings te bieden foar strategyske besluten foar it ûntwikkeljen fan nije produkten en it mienskiplik útfieren fan projekten. Ja der stean jim fan te sjen hear, net mislik. Wat dat allegear ynhâldt?..ja, dat wit ik ek net.

Mar it wit wol, dat grutte kongres duorret twa dagen, en de meast fantastyske dingen wurde der dien. Justerjûn kamen  se al , ha se de hiele jûn iten en hoe ist mooglik, fannemoarn stean se der al wer ,  oer in oerke yn de rige om har registreare te litten. En dan kopke kofje, netwurkje, en dan iepent Marcio Favilla it kongres. Kin jim Marcio Favilla net? Dy is ommers Executive Director for Competitiveness, External Relations en  Partnership fan de UNWTO. UNWTO? Dat is dochs de World Tourism Organization fan de United Nations. Dat jim soks net wite, sokke hege miters komme sa mar in pear dagen yn Ljouwert.  Wat tink jim fan de rede fannemiddei fan Ari Björquist fan de Haaga-Helia University foar Aplied Sciences, dy sil ús fertelle oer hoe ’t it hotel fan de takomst derút sjocht. Lauswolt yn 2050. En Paul Nkemngu Acha Anyi fan deTswanhaUniversityyn Súd Afrika  sil fertelle oer sustainable tourism as springboard foar sustainable community development. Noooh, kin je neigean. Dat batst der efkes yn. No en dat yn sa’n wrâldferneamd kongres de provinsje Fryslân, de HISWA, de Recron, de horeka Nederlân en Fryslân Marketing in hoekje krije wer’t de Fryske dielnimmers  workshops krije. Workshops? No dêr sitte de dielnimmers te wachtsjen op de borrel, ferfeeld harkjend nei immen dy’t it earne oer hat. Oer innovaasje, oer scenario planning, oer sosiale media, oer marketing en marketing tools. Dat is dochs geweldich, net allinne de marketing mar ek de tools derfoar. En dan dan komt it haadûnderdiel, dan komt Cor Molenaar. Jim tinke  eindelik in gewoane namme. Neen nee nee, hij is bysûnder heechlerear, dus net iens gewoan mar bysûnder heechleraar marketing en distance selling oan de Erasmus Universiteit fan Rotterdam. En wit jim wer’t dy oer prate sil:  Zal het toerisme het internet overleven. Fraachteken.

Want ferjit net, eins is dat ek it hichtepunt fan it totale kongres oer de takomst fan it toerisme. Al sille al dy bûtenlanders wol sitte by dr. Ian Yeoman fan de ETFI, dy jout les oan de Victoria University fan Wellington en dy sil it as toppunt  foar de takomst fan toerisme ha oer de future of sleep.  It is ek it meast wierskynlik dat it hiele kongres al in foarskotsje nimt op Yeoman, en hjir en dêr de holle efkes delleit. Sonde, sonde, sonde. Want Cor Molenaar dy nimt it lytse Fryske ploechje mei nei syn takomst fan it toerisme. Dy is sa, jo ha in toeristysk bedriuw, en as je sa’n ding noch net ha, dan meitsje jo wol in webside. De takomst is dan dat je minsken reserveare litte kinne op dy webside. Ja, wier. Dat is de takomst.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s