Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 11

 

Hjoed, moarn en snein binne de nasjonale kampioenskippen reedriden op alle ôfstannen yn Thialf Hearrenfean. No ja, net alle, ús160 meteris der net by, en it40 kilometergedoch ek net. It bin sowieso hele frjemde kampioenskippen. Ofsjoen fan dat de keunstiisbanen noch mar krekt wer iepen binne, is it echt de alderearste kear dat se tsjin elkoar op it iis, en dan bin it daliks ek al nasjonale kampioenskippen. Dat kin toch net. En Arie Koops, technyske man fan it reedridersbûn,  sil fannemiddei begjinne mei de útlis fan allerhande seleksjekritearia, mar dizze kampioenskippen dy selekteare eins alles al. Want je kin it pas tusken kryst en neijier wer werom draaie. No en da’s te let, dat fertelde Marrit Leenstra al ris, want it oerkaam har in pear kear, at je der fanôf it begin net by sitte ha je it al hast by foarbaat ferlern. No ferskilt dat fan de iene nei de oare, mar der sit wol wat yn. Mar hoe dwaas is dit systeem fan de KNSB, dat trouwens yn de hiele reedriderswrâld stâl krigen hat, omt je  der hieltiid fan dy helpeleaze world cups tusken troch dwaan moatte. Mar je wedstriderige begjinne mei in kampioenskip, no dan wit je wol hoefolle wearde je dêr oan takinne moatte. Neat dus. Mar at der trije falle en jo ha jo dei fan it libben gean jo nei Azië, Amerika, Hamar en Inzell en sitte Bob de Vries, Sven Kramer en Bob de Jong mei de smoar yn tús.

Trouwens seleksjekriteria, óf de KNSB doogt net óf de ploegen begripe der neat fan, mar der moasten ynienen noch minsken om it libben selekteard wurde mei tiden foar dizze NK.  En at je dy no ride op in sneintejûn op in iepen baan yn Enskede of yn de winterske wrâld fan Erfurt, it makket de KNSB neat út, tiid is tiid. O ja, en Sven kin we wol byskriuwe. En….  No ja. Altyd belied útskriuwe en it altyd wer feroarje litte troch wat der bard.

En de riders en riidsters, ja de ien wie yn dat Erfurt, de oar bleau op Thialf, in tredden yn Inzell. Se witte neat fan elkoar, it is op in training net te sjen. It meast nijsgjirrige by de manlju is fuort it begjin, aanst om fjouwer oere. By de froulju is noch altyd de1500 meterbaas, it meast tekenjend. Dy is op sneintemiddei en is bearespannnend, Wüst en Leenstra. Mar by de manlju, ja Jillert Anema fan Bontebok hat it klear, de langebaanjonkjes bin bang foar de maratonkeardels. Nee, Sven net, Sven is noait bang, boppedat hat hy wol in ekskuus at it net wol en Sven fynt in pear moanne op Tenerife ek wol aardich hear. Hy hat mar ien doel, Sochi. Mar al dy oaren, Koen Verweij, Jan Blokhuijsen ,Wouter Oldeheuvel, Rotteveel, se skite allegear yn de broek foar in hiel peleton maraton riders wat de sprong makke hat. Sil ik se ris neame: Jorrit Bergsma, Rob Hadders, Willem Hut, Bob de Jong, Joost Juffermans, Arjan Stroetinga, Karlo Timmerman, Bob de Vries en Douwe de Vries. En noch in stik as fiif twadde garnituurjongs derby. Dus fanôf it begjin giet it fannemiddei dek op. Se gean allegear los op 6.25, en at sis marDouwe de Vriesynienen dy lêste trije rûntsjes ek trochkomt en útstapt op 6.22 , ja dan riidt dat hiele peleton him dêr op stikken. Mar ik wik jim , it oppakken fan de moffe troch de maratonriders ferline jier sil no útmûne yn in revolusje. En at je dan ek noch witte dat de kampioenen tsjintwurdich dat wurde op dyselde 5000, at je dan ek noch witte dat de efterfolgers ek fan dy ôfstân komme sille, want je moat dy1500 meterrûntsjes folhâlde kinne, wit dan dat nei dit wykein de ploegen  dy’t nei de World Cup geane wolris hiel oare wêze kinne as eardere jierren. En dat it bêst sa wêze kin dat de maraton de kommende wiken wat minder minsken yn de baan hat.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s