Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 11

 

De provinsje Frylân begjint hjoed in parlementêre enkête. Parlementêre enkêtes wurde hâlden om saken dy’t yn it ferline bard binne hiel goed en soarchfâldich nei te gean, sadat der in moaie film fan makke wurde kin. Mar sa’n enkête is ek jusjes mear as in gewoan ûndersyk. It hat nammentlik bliken dien  dat minsken yn in gewoan ûndersyk noch wolris liege, wylst yn in enkête de ûnderfreegden earst de eed ôflizze moatte, sa wierlik….ja en at God tasjocht, dan bin guon noch wolris ree om in earlik andert te jaan. De enkête giet oer de weryndieling fan gemeenten yn Fryslân yn 1984. De hiele sitewaasje wurdt strang neisjoen, want we sitte no wer yn sa’n peroade, no en dan moat je net wer flaters meitsje. Earst komme moarnier Sytse Faber enGerard vanRhijn nei Ljouwert . Nei de âlde finzenis, dêr wurdt de enkête hâlden, want minsken dy’t guon dingen net sizze wolle kin dan daliks yn de sel stoppe wurde, dat mei by in enkête. O, dat oerkomt Faber en Van Rhijn net , want dy hiene yn harren earste rapport stean dat in gemeente eins 25.000 minsken minimaal ha moat om bestean te kinnen. Mar dan it hiele lange traject fan 13 jier , it rapport wie fan 79, werom hat dat sa lang duorre.Werom waard dat sifer leger as 10.000. Werom ha gemeentebestjoerders en benammen boargemasters de minsken yn harren gemeente ophise tsjin de weryndieling. Piter Tjeerdsma kin se net mear oproppe, mar Cazemier noch wol, dy hie syn gemeentehûs fan Wymbrits midden yn Snits stean, mar woe der net by hearre. Werom net….sa wierlik….. Hearlik.

En dan reizgje se fan gemeente nei gemente, dy enkête ploech. Efkes hurd ynspylje op Boarnsterhim, hoe ha de bestjoerders fan doe fan Raerderhim en Utingeradiel earst mear jild útjûn as at se hiene, en lieten se Boarnsterhim sa bot ferrekke dat it no útienfalt.

Mar benammen sil it gean oer Nijefurd. Himmelumer Oldefurd moast fierder mei Starum , Hylpen en Warkum. Net ien woe dat dêrre, mar se wiene net handich genôch om steateleden te finen dy’t foar har opkamen. En se sliepten wat. No ja, net helendal, Koudum wreide it gementehûs út en Warkum kocht it postkantooar njonken it gemeentehûs. Beide klear foar de weryndieling, beide woene haadplak wurde. 2 jannewaris 1984 kaam de nije boargemaster. Twa groepen stiene klear omJan vander Meer op te fangen, Koudum en Warkum. It waard oarloch. Lolke Folkertsma, wenne yn Warkum wie bankier yn Koudum, dy hâlde op, mar hy sil no by de enkête sizze dat sjantaazje en bedrigings der de oarsaak fan wiene. De CDA fraksje spjalte, en der waard frjemd omgûchele mei dy Heidenskipster Lambertus Brandsma, dy wie yn de Rabo en tsjerke yn Warkum, mar wie foar Koudum. Bedrigings. Plysje. Der sil ek bekind wurde dat der al in grêf makke wie foar de lju fan Warkum, troch de Koudumers.Jan vander Meer krige fan de plysje opdracht, it wurdt no pas bekind, dat de riedsgearkomsten ôfbrutsen wurde moasten, se stiene der net foar yn. Minsken namen riedsleden  by de strôte. No sokke ferhalen komme yn de enkête nei boppe. Hoewol se wol allegear einigje mei : we hienen earder prate moatten, it moat nea wer sa. Mar se sille ek fertelle op de enkête dat guon minsken elkoar noch net dach sizze. Enkête? Jûn al op tillefyzje. In Paad Werom.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s