Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 11

 

 

Bern ha wat. Goh, dy moat altyd wat.

Skoalle?, nee jong. No foarbyldsje hoe’t it

hjoed giet.Yn Hearenfean wol se yn it ramt fan Sportstad Heerenveen ek wat dwaan oan basketbal. No dan moat je by de jeugd begjinne. En, hoe kin it yn ferdield Fryslân, no komme de spilers fan Lasaulec Aris, de eredivisyklub út Ljouwert , dy komme yn  Hearenfean om basketbalclinics te jaan. Fantastysk, dat soks kin. Basketbalclinics. En de rest ferstean dy bern ek net want dat bin  fansels allegear amerikaanske ljouwerters. De bern fan Ljouwert en Hearenfean ha it dochs drok,  want ek hjoed begjinne de aksjes foar bern yn Mali, dy moate feilich drinkwetter ha en derom ride de bern op feilich iis, dat fan Thialf. Geweldich goed. Ek noch yn de wike fan it jild, wylst mear en mear skoallen der al ta oergean om mei SinteMerten freed allerhande projekten te dwaan en net mear dat snobbersguod op te swyljen , de Occupy beweging kin der grutsk op wêze. Us bern leare neat, mar se witte aanst wol aksje te fieren foar in oar. Dat is net helendal wier want de Montesoriskoalle yn Drachten krijt fan hjoed of twa moarns yn de wike Ingelske les. Mar dat is dan fêst om dy basketballers fan Aris aanst ferstean te kinnen. En ik ha noch net iens ferteld dat middelbere skoalbern yn Drachten útwikseling ha mei allerhande lannen, as Poalen, Dútslân , Italië, en dy bin dizze wike yn Drachten en sille de folkloristyske gebrûken fan ús leare. Moarn da’s wol aardich, dat sil dy bûtenlanders keatse, ha’k altyd al miend dat it gjin sport mar folklore wie. Mar hjoed, hjoed, earme, earme bûtenlanske bern. No moat se pipernuten bakke. Noait witten dat soks hjir folklore is.  No ja en dan wurdt der yn Drachten ek noch in skoalle weriepene, dat is It Ambyld in pcbo skoalle, dy’ t ek miljeutechnysk wer alhiel yn oarder is, no dan moat dy bern toch feestfiere. En dan komme se efkes net oan learen ta.  Der is altyd wol wat spesiaals. It is de fraach oft dat de opset fan it ûnderwiis wêze moat No, doe ha’k efkes nei de aginda hjoed foar grutte minsken sjoen. Undernimmerslunsj foar gewoane ûndernimmers, ek ien foar de skippers. Mar der is tagelyk ek in grut kongres foar ûndernimmers yn de wettersport, dy ’t ek noch efkes nei de maritieme moetingsdei fan de Friesche Poort yn Snits moatte , der dogge ek de skoalbern wer mei. No dan moat we fansels foaroan stean mei it boek fan Sjoerd de Vries de keunstner wat útkomt, o en dan hurd nei de iepening fan it Fries Filmfestival, efkes sjen nei hoe’t de Cambuur spilers boccia spylje, jeu de boule en we bin fansels nijsgjirrich hoe’t de hantekening fan Jorritsma derút sjocht at dy út namme fan de provinsje dik 750.000 oandielen fan Vitens keapet foar in dikke 52 miljoen euro. No it sil allegear wol moatte, mar at as motifearing jûn wurdt dat Vitens wer meidocht yn Wetsus wer’t neffens my de provinsje ek al yn siet, dan giet der efkes in erchtinkend rillinkje oere de rêch. Mar toe mar. Klap klap. Mar in skeef klapke. Bliid dat ús bern dizze wike leare dat je oeral wol hinne kinne, mar dat it wichtigste  de betinking fan Tumba fan de kristalnacht yn nazi Dutslân is. Dat oare, ach , dat mei allegear wol wer, dy kristalnacht noait.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s