Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 11

 

Jûn dan stean de minsken út de súdwesthoeke yn grutte kloften foar it gemeentehûs yn Drylts. No ja it is gjin gemeentehûs mear, mar dat wie’t al, doe’t Wymbritseradiel noch bestie, neidat sich dat frijfochten hie fan Snits. En der dus no wer by sit, mar ja dêr ha se in stêdhûs, en doe ha se it gebou yn Wymbrits mar hâlden, dan ha je as gemeente Súdwest streekje Fryslân teminsten ek noch in gemeentehûs. No en dêr lit se de gemeenteried dus gearkomme. It leit moai ticht by it spoar en it stasjon fan Drylts, sadat de riedsleden der maklik komme kinne. Jûns let moat se wol wer ophelle wurde, want safolle treinen glide der no jûns ek net troch de Súdwesthoeke. Ik dwaal ôf. Kloften minsken dus. Se komme oeral wei út de gemeente. Want o wat bin se nijsgjirrich. Wa wurdt de nije boargemaster fan Súdwest streekje Fryslân. Se hienen njoggen kandidaten. Ik begryp soks net. Grutte gemeente, moai salaris, net mear as 9? Mar fansels, ja, yn 69 kearnen elke kear wer  by de âldste op besite, da’s kloatewurk hear. En yn  prinsipe bin weryndielde gemeenten in gefaarlik terein foar bestjoerders. Dus  9. No Jorritsma hat mei 5 praten, want fjouwer kamen fan de feriening Fan Underen Op, no en dy wolle inkel de gemeente wer opdûke , dus dy ha in freonlik mar meger briefke fan Jorritsma krigen, u komt niet in aanmerking, hoogachtend John. Bleaune dus fiif oer wer’t hy mei praten hat. Trije mei erfaring as boargemaster, ien wie wethâlder en  ien is gewoan. Allegear fan in ferskillende partij, CDA, D66 ,FNP, PvdA en VVD. Alfabetysk. John Jorritsma praet fansels earst mei in maat, de VVD-er. Da’s fansels dy wethâlder, op Flylân,Tom vanMourik. Hy hat ek wethâlder west yn Ljouwert, dy wol wol graach, want dat opposysjewurk as VVD er yn de steaten leit him net. Bestjoerlik wol goed Dy fan it CDA is  Sybrand van Haersma Buma. Soan fan de âld boargemaster fan Snits en dy syn heit wie ek boargemaster. Boppedat is Sybrand van Haersma Buma in yntegere fint, dy hat skjin syn nocht fan dy PVV-ers en fan hoe’t yn syn partij giet. Nee, Sybrand wol graach wer nei hûs. No bin net alle Keamerleden like goed as boargemaster, mar Sybrand, ach , moat kinne, Evenredich man.

De FNP-er is fansels Germ Gerbrandy.  Nee, nee, hat net boargemaster west en dat soe moate , mar se ha syn brief net goed lêzen, hy fielde him as  Wymbritser wethâlder al boargemaster. No mei sa’n gefoel en wat affiniteit mei Fan Underen op, dat ha je it idee dat je dat wol kinne.

Der is ek in PvdA man/frou.  Wa soe dat wêze, we moat it sykje yn de boargemasters. Ik wie earst wis , dat moat dy fan Assen wêze, Sicko Heldoorn, berne yn Snits, deputeare west yn Fryslân, hâldt fan silen, mar ik ha der freedtejûn west en him rjocht yn de eagen der nei frege en hy sei nee. In PvdA boargemaster dy’t nei Súdwest streekje Fryslân wol, nei Snits, mar ek nei Dedzjum. Wa, wa, eeeh. Hee dy fan Vlaardingen hyt Tjerk Bruinsma, efkes sykje, o nee, da’s in fette Grinzer, nee nee. Janny Vlietstra, Marga Waanders, nee ek beide net .   Jurrit Visser, miskien, al lang staazje run op Skylge, nee,o nee, nee it is fansels Peter den Oudsten. Kin syn draei  net goed fine yn Enskedé mar docht it wol goed. Fansels Peter.

Mar ja de D66 er is Apotheker, zeg maar Hajo. Hat boargemaster en minister west, is no waarnimmend yn Súdwest streekje Fryslân. Dêr kin Jorritsma net omhinne, want dy hat ried en benammen wethâlders safolle romte jûn, dy wolle him noait wer kwyt. Dy giet jûn op’e skouders fan de kloften de gemeente yn. En de nammen fan de oaren bliuwe ivich ûnder de roas. Want se wisten dat se gjin kâns hiene.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s