Eelkesweblok

it each fan eelke

2 reacties

11 11

 

At ik de datum boppe oan in stikje papier set, dan wit ik wer dat hjoed de hiele wrâld hartstikkene

gek is. Dat is begûn  op 1 jannewaris 2001, 1.1.1  , en  dat einigt wer oare jier op 12 desimber, 12 12 12. Dan is it wer 88 jier stil. Gelokkich. Want wa hie no ea rekkenje kinnen dat der safolle dwazen yn de wrâld binne dy’t sa’n datum sa bysûnder fine, dat se der sa idioat mooglik omtinken oan jaan wolle, op hokker wize dan ek. At jo ferhûzje yn novimber, dan moat it hjoed, ferhûsbedriuwen ha hast gjin weinen mear. Elke kear at immen freget, wannear bin jim oergien dan sizze se hiel grutsk 11.11.11. At je yn dizze tiid in bern ferwachtsje dan moat de dokter der mei weeprikjes oan te pas komme, dan soe it bern

moai op 11.11.11 berne wurde kinne. Sterker, der sil jûn besocht wurde troch minsken dat harren sied it stimpeltsje 11.11.11. krijt, want dan bin de bern makke op 11.11.11, goh dan bin se noch grutsker. Boaskje, trouwe foar de gemiddelde Fries, op 11.11.11. It  kostet al  tsien kear safolle op freed en no noch in kear  10 kear safolle, wat kin dat skele, trouwe bliksem. Wat is der moai dat je trouwe op 11.11.11?  Hâldt je op 7 july dan net mear fan dy frou, wat makket dat no út. Mar Jan  Smit trout mei ien of oar moai frommis, op 11.11.11. op St. Maarten Ja ja en it is hjoed ek noch St Maarten. Ja dêr ha se op St Maarten hielendal gjin lêst fan, mar hoe moai is dit allegeare net foar de Tillegraaf fannemoarn. Ik hear de auto al riden, buorman krijt him krekt. Jan Smit hè. Buorman seit neat, lêst al.

Och , want der is fêst hjoed wol in jonkje dat alve jier wurdt, en dat jonkje kin dan fannemoarn om alve oere aanst moai in kadootsje krije fan alve oare jonkjes út it selde jier. Oo wat moai allegear.

En fuotbalje der jûn gjin alve nederlanders tsjin alve zwitsers, En wurdt dan om alve oere jûn net de útslag 11-11 sein ek al wie it gewoan 3-1 foar Nederlân. En de Fryske alve stêdden sille fanôf alve oere lânsriden wurde troch 11 manlju op de 11 mans fyts.

No sa giet it noch wo efkes troch, we kinne fan alles, mar dan ek fan alles betinke om it getal alve hjoed noch folle mear lading te jaan as it ea hân hat. Joline, is dit net de alfde útstjoering dast mei  it selde wurd, moarn, begûn bist. Ja ja 200 kear derfoar ek, dat docht der net ta, do hast it folhâlden oant 11.11.11. En at der no in bern is wat foar de alfde kear allegear snobbersguod  fia St Maarten ophelle hat, moat dan de bern net geweldich  juiche at dat jonkje jûn syn alfde mandarijntsje krijt. Hâld op, hâld op. Smyt de Tillegraaf en de Ljouwerter dy’t fol mei dizze ûnsin stean yn de hoeke en lês  se hjoed net. En de oare kranten ek mar net, want at it Financieel Dagblad hjoed seit dat we op dizze dei alve jier lyn  de euro noch net hienen, hâldt op hâldt op.

Ik ha alris besocht te fertellen  dat yn it jier 11 nei Kristys de ienige echte 11.11 .11 bestie, mar dat ynteressearde net in mins.

En wêr ‘t ik no hielendal net oer kin is dat it lêste Frysk wurdboek fan Pieter Breuker ek op 11.11.11. ferskynd. Is dat no tafallich of opsetsin. Ik kin it net ûntdekke. Mar alve is fansels wol it gekkegetal en je bin wol folslein gek fansels at je je bedobje yn it Frysk Wurdboek, watte yn it Grut Frysk wurdboek. Mar sûnder mis sil it alve jier lyn wêze op de dei fan hjoed ôf dat der in wurd  útfûn waard, want dat wurdboek stiet fol mei nij útfûne wurden, wat ek op dizze dei werom falle kin. Alventritigst. En de betsjuttingen fan it wurd alve sille allegeare foarlêzen wurde.

So no sil ik dit stikje rubriseare op myn webside. 11.11…..11

2 thoughts on “it each fan eelke

  1. Getal 11: Er zijn van die “jonge” en verliefde stelletjes die een speciale trouwambtenaar willen hebben, die zo iemand dan zelfs 111 km laten reizen om elkaar het JA-woord te kunnen geven…..dan moet je toch een beetje “11” zijn!

  2. Lok skriuwt my hjirre saken ta dêr’t ik part noch diel oan ha. It is de gearstaller fan it wurdboek, de Fryske Akademy, dy’t op 11-11-11 it lêste diel (diel 25) fan it Wurdboek fan de Fryske Taal presintearre hat.

    Pieter Breuker

    P.S: ik hie dit nuvere stik sels net lêzen, mar waard der juster op wiisd. Dêrom ek dizze lette reaksje.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s