Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

15 11

 

It toeristeseisoen yn Fryslân is wer sawat ôfsletten, de brêgen bin ticht, kroechhâlders mei fakânsje, en de minsken hiel efkes oan it wurk. Dus alle tiid om efkes te besykjen bepaalde kategoriën yn dy toeristesektor wat omtinken te jaan, sadat ek by de minsken it besef komt fan “o, dêr kin we takom jier ek wolris sjen”. No ja en ferskate deskundigen ha de Fryske rekreaasjeûndernimmers de ôfrûne wiken leard dat je in webside ha moate en dat de minsken derop reserveare kinne moate. Mar dan moat je de minsken noch al sa fier krije dat se op dy websiden sitten gean, en dy ek noch  lêze. Dus tralala hoempa hoempa gedoch, om dat klear te krijen. Mar ja , de tiid sit tsjin, alles is ferhipte djoer tsiintwurdich, en dan is it fansels goed om ek te sjen nei bêd en brochje, at je foar san 20 euro in bêd in de oare moarns wat te iten krije kinne. Neffens my is it trouwens likegoed in hartstikkenne djoere fakânsje, want at je hieltiid middeis en jûns op allerhande ferskillende plakken ite moate dan kostet jo dat in soad. Ik hearde dat je tsjintwurdich nei Griekenlân kinne en foar ien bepaald net al te heech bedrach (1500 euro foar 14 dagen) de reis, it fleantúch, it hotel en alle fretten en sûpen ha, en dat it dêr hartstikkene goed wie. En ik wit wol dat Griekenlân faillyt is, mar ik kin my net foarstelle  dat sokke hotels arranzjeminten ha dy’t net útkinne. Ja, en dan is bêd en brochje djoer. Mar it hat fansels wol wat oars. Benammen op it plattelân yn Fryslân, hat it wol wat. Ja it is wat lêstich dat je reserveare moatte, mar hiel stadich fan de iene nei de oare twadde tak buorkerij fytse, dat lokket  minsken wol oan. Hjoed wurdt yn Itens, op de Zathe de Spieker de bêd en brochje priis 2011 útrikt. Ferline jier hat de zathe dy sels wûn. En dat betsjut hiel wat hear. Je wurde besocht troch in mystery guest , dus in man of frou mei in  Huntelaar masker foar en in ferdraeide stim.  Dy sjocht at de  wc’s wol skjin  binne, dat je wat noflik lizze, mar ek hoe it sit mei de authenticiteit ( it moat dus dúdlik wêze wer’t de bôlle weikomt) gastfrijheid  (bin jo hjir no al wer) en  sfear (no  dat bepale de minsken dy’t komme altyd en net de gasthear). Mar de zathe skoarde goed yn 2010. Dus is de priisútrikking oer 2011 dêr hjoed, en dan is it hiel singelier dat wethâlder Douwe Willemsma fan Littenseradiel de priis útrikke moatte sil oan de winner, werfan hy noch net wit wa’t it is. Hy sil , wurdt ús ferteld, yn syn rede yngean op it kultuurtoerisme yn Fryslân en yn Littenseradiel yn it bysûnder. Willemsma kinnende sil hy dat priizgje. En dernei moat hy dus ien of oare Sieuw of Grinzer dy priis jaan.  En Douwe Willemsma wit fansels amper hoe’t dat der by dy man hinne leit. Mar hy kin dochs ek net sizze, jim moat nei Fryslân komme, mar dy en dy út Limburch krijt de priis. Gekke priisútrikking.

Sterker. Gek gedoch, want ik socht dus de zathe de Spieker fan Rob en Marleen van der Meer  yn bêd en brochje. Mar dêr stean se hielendal net by. Se dogge net mei oan dat Fryske gedoch. Nochris goed sjen. Nee, dit is hiel wat oars. Se binne inkel mar lid fan Bed and Breakfest, da’s hiel wat oars tink ik. Dit giet dus net oer bêd en brochje, dy ha fansels aanst har eigen ferkiezing fan bêste bêd en brochje gasthearen. Nee, dit giet oer bed and breakfest, Ingelsk sliepe is hiel wat oars as Frysk.  Mar, mar soe Douwe Willemsma no wol witte dat dit neat mei bêd en brochje te krijen hat? Soe Douwe Willemsma wol  witte dat je op de Zathe 50 euro betelje moatte foar in bêd en in krinteboltsje.  Soe Douwe Willemsma wol witte dat er in ûnfryske priis útrikke moat ?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s