Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

18-11

 

Louis van Gaal wie sneon noch yn Hylpen. Ik jou ta nijsjonges dat ik my dêr oer stilhâlden ha. Hy wie op de jierdei fan Joop Alberda, Joop waard 60. At ik it moandei ferteld hie, hie trouwens net ien reageart, heechút sein wat dy ynformaasje no wer moast. Mar juster hie’k dat fertelle moaten, dan hienen se noch immen sykje kinnen dy’t der ek west hie, miskien wol de ober fan de tinte wer’t se sitten ha, of ien fan de oare gasten en  dan hienen se de man of frou frege at dy ek mei Van Gaal praat hie en oft dy dan al wist dat der belangstelling wie fan Edgar Davids, dy’t syn nocht hie fan it gedoch fan Johan Cruijff en foar’t we it witten hienen hienen we in scoop hân oer Van Gaal by Omrop Fryslân. Dus ik fertel it net, ik hâld my stil. Je soenen fansels ek as nijs in moaie reportaazje meitsje kinne oer betelle fuotbalklubs , wer’t as it goed giet de eare ôfstraalt op de direkteuren , mar at it mis giet dan funksjoneart de ried fan kommissarissen net, no dy slagge dan ek wol om har hinne. Of oer wa’t no yn de Ried fan Kommissarissen fan Harkemase Boys sitte, en dan blykt dan fiif kear Pieter Spinder te wêzen. Jeetje no ouwehoer ik der ek te lang oer, hâldt op, nei it echte nijs Lok.

Eeeh …wat is nijs. Juster brocht omrop Fryslân it berjocht dat Rendert Algra in soarte fan fakbûn, miskien better noch in soarte fan belangegroep opsette wol foar politisi en amtners. No bin der wol fakbûnen foar amtners, dy funksioneare goed, dus is inkel de fraach moat der ek in fakbûn komme foar politisi. Myn hiele libben lang bin minsken fan de fakbûnen oerstapt nei  de polityk. Dat komt, as fakbûns man moasten se har oppenearje ,  se moasten  polderje tusken de wurknimmers en wurkjouwers , se moasten it goed yn de publisiteit ha, no ja goed lulle, krantegeil en it polderpak oan, wat wol je dan mear, dan bin je sa mar de politikus fan it jier. In hiel soad fakbûnslju kamen dus de polityk yn. Dat is prima, want dy witte eksakt wat minsken fine. Ien wist hoe’t syn partij der oer twa trije jier útsjen soe en gie nei it reedriden en ûnderwiis , Doekle Terpstra.  Der wie ek ien fakbûnsman dy’t letter op it pluche siet en dy kaam ek yn de Twadde Keamer, mar dy koe him dêr net redde, want dy tocht dêrtroch dat er altyd gelyk hie en dat ha je yn de polityk net. O ja dat wie Rendert Algra, it is ek sa. Dus dy wol no dat minsken har eigen miening yn de polityk sizze kinne , en ek sa stimme, en dat fraksjedisciplines net mear fan tapassing binne. Skandalich wie fannewike dat guon VVD-ers, echt fan miening dat trouamtners ek homopearen boaskje moatte, hoe’t dy nei de grûn seagen  en mei it CDA meigienen foar it tastean fan weigeramtners. Beskamsum hoe’t dy beide CDA politisi elke kear tsjin har eigen miening stimme oer Mauro ‘s. Der bin yn dy partij wol mear dy’t dat dogge mar dizze beiden wiene sa dom om it op it eigen kongres oan te kundigjen, no ja, dan liz je hielendal yn it fjûr en der leit it net lekker. De oaren dogge it dus stiekem. En der is Rendert syn fakbûn no foar.

Dus sil ek dat fakbûn der foar soargje dat it in chaos wurdt. Ik bedoel, it klinkt hiel moai, mar at elk der op syn eigen wize yn omhaffelt en stimd is elke regearing nei tsien menuten fuort. En elke kabinetsformaasje sil dan langer duorje as no yn Belgie. Boppedat, dat fakbûn fan Rendert

hiet Zonder Last. Frjemde namme, want keamerleden wurde keazen sûnder last en ruggespraak. Dus dat wat Rendert wol is wetlik al fêstlein, al hat noch noait immen him of har der hâlden.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s