Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

24 11

 

Provinsiale steaten fan Fryslân, sterker ek deputeare steaten fan Fryslân , en ja noch sterker ek de Kommissaris fan de Keninginne bin dizze twa dagen yn Brussel. Dus kin wy de rêstich efkes oer prate, se harkje dochs net.  Wat moatte de steaten yn Brussel. Offisieel: Het is de bedoeling meer inzicht te krijgen in de Brusselse besluitvorming en concrete kwesties als het gemeenschapelijk landbouwbeleid. Tsjonge jonge jonge. Tsjonge jonge jong. Alderûnhuerst. Want dit is net it Belgyske Brussel wer’t se hinne geane, dêr witte se noch net iens dat der in mienskiplik lanboubelied is , dêr ha se noch net iens in minister fan lânbou, nee dit is it Europeeske Brussel. En it Europeeske Brussel hâldt him mei allerhande saken dwaande. Mei Egypte , sadré at dêr in tafallige kuierder op it plein komt, giet Brussel al los. Mei Libië , hoe ferblomje se dat se dêr alles oan barrels sketten ha. Mei Griekenlân en Italië, hoe krije dêr no de goeie minsken de sinten. Mei Spanje, hoe kin we no net ien fertelle dat dêr toch alles ek al ferlern is. Mei Frankryk en Nederlân, nee he, dêr ek al. Mei de eigen sinten. Mei Israël, hoe kin we dêr foar wêze, sûnder dat we terroristen op ús dak krije. Mei Iran, we fertelle de wrâld net dat se dêr de atoombom al ha, mar we moat al wat dwaan. Mei Bulgarije en Roemenië, dy wolle yn Europa, wylst Wilders der al wer út wol.  En dan komt der in bus mei steateleden út Fryslân en dy fertelle se dan ek noch wat se bedoele mei it mienskiplik lânboubelied. Tsjonge jonge jonge.

Ja mei in bus, moai hè. Sa leaf. Otto vd Galien twittere al soarchlik, de hiele tiid yn deselde hâlding. Welnee jong, jim mei toch om de twa oeren efkes te pisjen. Mar ik hie oan de oare kant  no wol tocht dat dy PVV-ers der yn blyindearre kûgelfrije swarte auto’s efteroan ride soenen. Sju dat die Wiegel al, as de steaten soks betochten, dan helle Wiegel de skouders op, gie earne oars hinne, kaam de jûns mei de borrel efkes yn Brussel, mar hie dan wer gau in nije ôfspraak, dat wol sizze, hy liet sjauffeur Sietse Dykstra nei in goed restaurant ride. Nijpels kaam hielendal net, en Hermans betocht him dan ek ynienen dat er nei de Ried fan Kommissarissen fan  SC Hearrenfean moast. Mar Jorritsma giet yn de bus, foaryn, sa no en dan efkes oan de mikrofoan  (“we gaan over vijf minuten even sjokolade drinken” en  “hier in Brabant heb ik gewerkt in de BOM, jullie weten wel, wat bij ons de NOM is………bla bla bla”) hy hâldt it selskip moai by him. Gesellich sa mei syn allen nei Brussel.

Ien amtner op it provinsjehûs soe ek nei Brussel ride kinne, en de ynformaasje freegje. Of eins noch better, alles is wol op de kompjoeter te finen, en at er it net fine kin dan helpe wy him wol efkes. In moai ferslachje, klear. De boeren yn Fryslân witte presies wat it mienskiplik lânboubelied ynhâldt, in legere molkpriis. Jannewietske kin Donner presies fertelle wat it Europeeske belied foar it Frysk ynhâldt. Meer inzicht in Brusselse besluitvorming. At der lju binne dy’t neat fan Europa witte, lit dy dan mar opsodemiterje, dan heare se net yn de steaten tús. Sitaat Jorritsma: Het is van groot belang dat we weten wanneer we welke invloed kunnen uitoefenen om te zorgen dat ze de juiste besluiten nemen voor Fryslân en Europa.  En we ha dêr ferdoarje al tsien jier in lobbyist sitten. Hat dy dan noait wat dien? Fryslân wit better as hiel Poalen en Tsjechië hoe ’t it dêr yn Brussel om en ta giet. Dêrfoar hoege se echt net nei Brussel. Ja it mei wol, mar neam it dan ek echt in skoalreiske, mear is it net.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s