Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

25 11

 

Jûn hat de FNP, de Frysk Nasjonale Partij, har algemiene ledegearkomste. It is om acht oere yn it hotel mei de skitterjende Fryske namme Duhoux. Yn Wurdum.  Ooh, ik gean al op it puntsje fan de stoel sitten. Yn it ôfrûne jier hat de FNP it heegst helbere berikt, nei 40 jier eindelik in deputearre. No kin op de earstfolgjende ledegearkomste, en dy is dus jûn, it belied foar de komende jieren fêststeld wurde. Je ha no wat te sizzen, Jehannes Kramer is deputearre, dy kin dingen dwaan dy’t oars net koenen. Dat hat de FNP al dy 40  jier teminsten oan my ferteld, pas at je dêr sitte dan beslis je ek echt mei. Dus no ferme ôfspraken mei elkoar meitsje, prioriteiten fêststelle om yn de polityke terminology te bliuwen, piketpealtsjes muorrefêst yn é grûn te huffen. Soksoarte saken as: no, 1) alle boeren yn Fryslân moatte harren fee yn’e greide sette tusken 1 april en 1 oktober, se meie net yn’e stâl. Goed foar lânskipsbelied en rekreaasje, en foar de kij. Moat te regeljen wêze. 2) yn alle 419 doarpen komt ien tsjerke, ien skoalle, ien kroech, ien winkel. Minimaal. Kin ek wol. Ja, dy skoallen en tsjerken stean wol leech, mar se stean der. No ja en 3) it foech oer de taal komt inkel te lizzen by FNP- politisi, oaren ha der neat oer te sizzen, útsein se itselde sizze as de FNP-ers. Maklik. No sa ûngefear.

Mar at je dan de aginda fan de algemiene ledegearkomste fan jûn lêze, no dan skuor je de bûsen noch net út. Njonken de leafdesferdragen mei oare ferhûdûke folkeren is der inkel it punt: freegje it de fraksje en de deputearre, wat bin de plannen? wat bin de spanningen?  hokker fjoerwurk krijt de kiezer te sjen? No soe it wêze kinne dat dy fraachtekens goed beandere wurde, en dat it fjoerwurk der oankomt, hoewol Joop Atsma yn Sjina al ôfpraten hat dat it net sear dwaan mei, mar at je de stikjes lêzen fan fraksje en deputearre yn de bylizzende stikken, dan wurdt je net fleuriger. De fraksje skriuwt oer sâltwinning, mar se kleie inkel Den Haach oan. No dat dogge se by de FNP al 40 jier en it hat noait in lover holpen. Jim sitte yn de Fryske steaten en jim moatte teset oer de Fryske belied. En de deputearre, ja dy andert de fraachtekens mei fraachtekens. Hy freget hoe kinne wy it belied mei minder jild oer de natoer troch trochsette? No dat kin net, mar at it al kin dan witte wy it net, dêr ha we dy no krekt foar ynhierd. No hy komt oare jier mei in nota oer natoerbelied. Jan Bearn Singelsma draeit him om yn syn grêf. Jehannes Kramer giet ek oer iepenbier ferfier. No dat wurdt fansels hielendal noait wat, mar seker net at je opskriuwe: we sille besykje om gemeenten safier te krijen  dat se ynspylje op it ferlet fan de doarpen by dat ferfier. Ja kom no, do wist ek wol dat soks neat wurdt, dy gemeente ha hielendal gjin jild. Mar Jehannes seit no al ta dat hy de oanbestedings fan oare jier goed folgje sil. En by eintsjebeslut: Ik Jehannes Kramer dus, ik besykje mei stâl te jaan oan in Fryslân sa’t de FNP dat foar eagen stiet, sosjaal en grien, eigen en fertroud,  mei elkoar en foar elkoar.  Mear net. Fraachtekens, nota’s en besykjen. Dêr wer’t we it yn de nije tiid ha oer útroptekens, konkrete útfiering en ambysje.  Miskien falle dy 16 leden jûn yn Duhoux wol yn sliep. Krekt as de hiele FNP.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s