Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 11

 

Twa opfallende saken hjoed. Ien nonsens, it oare tige serieus. It is moandeitemoarn, ik begjin mei de nonsens. Want de boargemasters Ferd Crone fan Ljouwert en Marga Waanders fan Dongeradiel krije in ankelbân om. Se wolle fiele hoe’t it is as je net mear bûten in bepaald gebiet komme kinne. Okee, aardich, mar ik begryp net werom at se dat wolle. Wat hat dat foar doel. Krije se dêrtroch mear meilijen mei de minsken dy’ t oan in ankelbân hingje, no dat is yn tsjinstriid mei wat de befolking wol, dy wol folle strengere straffen.  O ja, fansels en dan moat dy boargemasters sizze: o mar in ankelbân is ek al in hiel swiere straf hear, ynflústere troch de Ankerboys. Of se kin sizze , no dit is sa’n lichte straf, ik liz moai my myn eigen frou of man op bêd, lit my mar in ankelbantsje om ha, at ik wat ferkeards doch. No ja, ik begryp it dus net. Sa’n ding is al tsien fyftjin jier âld en deroer ha we de diskusje no wol hân. Of soene se him teste wolle? Dat is it, teste, doocht dat ding wol. Mar no komt it moaie, want in echte ankelbânner wurdt ûnmiddelik grypt at er oer de tinkbyldige grins stapt. Mar Waanders en Crone, krije inkel in tillefoantsje, heeh jim bin te fier. Mar dy reizgje dan wol fleurich fierder. No dan fiel je ek net wat de ankelbânner fielt at er krekt oer syn grins stapt. Crone hat al sein, sa kin we moai de lju dy’t we net yn de buert fan it Cambuur stadion ha wolle, dat dy der fier fan ôf bliuwe. Mar werom hat Waanders dan sa’n bantsje. Ooh fansels, dy tinkt dat dy Cambuurmannen dan nei Be Quick VVI geane. No ik sil jim wat sizze. Jim krije in ankelbantsje om, en wy gripe yn. Boargemaster oan de bân. Dat kin we wol in pear wike folhâlde. Jim komme de earste wiken net wer los. Want wat jim dien ha….

Sybrand van Haersma Buma komt hjoed ek nei Ljouwert. Dy hat gjin ankelbantsje. Want hy moat ek noch nei Empatec yn Berltsum, wonderlik hoe’t dy politisi altyd wer in adreske fine wer’t it goed giet, en dêr op de foto komme. Ik soe sizze gean ris nei in  bedriuw wat aanst in 100 minsken dien jaan moat en fertel dy minsken en de ûndernimmers hoe’t jim de tiid ferbetterje sille, sadat elk aanst wer oan it wurk kin. Mar nee, hoezee roppe. No dat docht er de jûns, at er efkes by syn âlden west hat, net, want dan moat er de ledegearkomste fan it CDA Fryslân tasprekke. Mar no moat we oppasse. De leste wike is de striid tusken CDA en PVV oanboast. Der hoecht mar in CDA politikus te sizzen dat hy of sy nei de wc wol, en Wilders seit al dat dat te djûr is. En no ferwachtsje ik dat it CDA yntern sneon beried hân hat. En dat Sybrand jûn yn syn eigen omjouwing, fier fan Den Haach, dan komt it minder hurd oan, en dan bin de reaksjes net rjochtsreeks, dat hy sizze sil: wy wolle de PVV net mear as gedoochpartner. Wy lêze njonken de bibel ek de Koran, wy wolle gjin finzenisskip fan Wilders mear, wy bin frij. De ienigste wei om al dy leden en stimmers werom te krijen. In donderjend applaus is syn kado jûn, de opkommen lannelike media kin him net iens wat freegje , want hy wurdt op de skouders fan de lêste yngreven CDA ers, want dat bin de Friezen, de Kuriostsjerke útdroegen. Hûnderten smite dy aaklige PVV ankelbannen wer fuort, en….. of is dit ek nonsens?

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s