Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

05 12

 

Moai wykeintsje yn Thialf net. Jesper, dat duel tusken Jorrit en Sven, en dat BAM alles wûn, en net te ferjitten Douwe, sûnder BAM stipe, dy’t sa moai oanslute, moai hear. Mar it is foarby. Dit jier prutse we der noch wat by, mar takom jier dan stiet der earne oars yn Nederlân in spiksplinternije iishal, en dêr wurde dan fierder al dy riderijen hâlden. Yn Den Haach, Leiden ha ‘k al heard, de Flevopolder, Noardhollân fansels, no ja der bin noch folle mear plakken dy’t der op longerje. En ik wit bêst dat dy minster Schippers dat sein hat…it kin wol earne oars as yn Fryslân….  dat se dat sein hat om Fryslân wat op te kieteljen , sadat se wat aveseare, sa dat der gauer in nij Thialf bout wurdt, want Sven Kramer en de Telegraaf seure hieltiid sa, mar bûten Fryslân waard it fansels opfette, as by dy kloateboeren komt neat klear, sille wy dan mar. Der sit trouwens wol wat yn hear. Al dy lju tinke , en guon witte se it ek noch, dat der tsjintwurdich oan in iisbaan bêst wat te fertsjinjen falt. Dat it bêst kin. Dêr twifelje wy noch wat oan, sjoen de erfaringen fan dik 40 jier mei ús Thialf, mar se ha fansels gelyk. Dêr yn Ruslân ek, der boue se dingen, no der sit hielendal gjin minsk op de tribune, mar it kin allegear wol út. De eksploitaasje wurdt better tanksy de goede systemen dy’t der yn sitte. No en Nederlâns wûnderbern op iismêd Bertus Butter wit dat er no wol oare plakken yn Nederlân waarm krije kin foar in iisbaan, op grûn fan de erfaringen yn Ruslân en Kazachstan en sa. En at er mei de plaatsjes fan Astana komt, o dan falle de noastergaten fier iepen. En Butter wol wol graach dat it earne oars komt, want hy hat in hekel oan de Friezen, hy koe earder hielendal net mei Jan de Jong en ik tink dat  Beert Boomsma ek net syn grutste kammeraat is. Mar dat Doekle Terpstra, foarsitter fanit reedridersbûn KNSB no ek al sein hat, ja dan moat it miskien mar earne oars, dat falt my wat ôf. Nee, net omt Doekle Fries is hear, fan Wytmarssum komt en sa, dat soarte nasjonalistyske gefoelens ha we net, mar dat de KNSB foarsitter dat seit, dat moat Fryslân sear dwaan en it is al de twadde kear yn in jier. Dat is ûnterjochte. De KNSB hat noch nea in houtsje dien oan de keunstiisbanen. Alle jild kaam yndertiid út de toto pot, at je it oer sportjild ha 40 jier lyn. Thialf is opgroeid ta in sintrum wer’t reedriders en sters út alle lannen graach kamen en komme. Alles wie en is pûrbêst organiseerd.Yn 1980 tijde it yn Davos sadat it WK der net hâlden wurde koe, mar binnen in wike wie’t yn Hearenfean ferriden, fanút it neat. Thialf waard fiif jier letter oerkape, rûn foarop yn de wrâld, wie it foarbyld. De oranjegekte, dy’t letter oerstreamde nei it fuotbaljen en sa, is op Thialf berne. En dan as KNSB dan ynienen Thialf sa falle litte, in groffe skande. Help ris mei, set it bûnsburo hjir hinne, hjir wenje ommers ek al jim toptalinten wêr’t jim kwakken fol jild mei fertsjinje. Thialf earne oars, hjir bin se al in pear jier mei goede plannen dwaande, ferbou is goed, nijbou noch better fanwege de eksploitaasje, hoe soenen se dat der sa mar klear ha en de sinten ek noch. No deputearre Konst en wethâlder Buwalda komme fannewike wol mei it ferhaal.  En dan moat we it der noch marris oer ha wat we mei dy KNSB sûnder sinten dogge. Aah, lit se mar yn Amersfoort bliuwe.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s