Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

06 11

 

Jûn wurdt tidens de riedsgearkomste fan de gemeenteried fan Smellingerlân sis mar Drachten de nije waarnimmend boargemaster beëdige. Tsjintwurdich wurde eins daliks waarnimmers beneamd. Net omt dy riedsleden net opsjitte mei de beneamingen fan nijen, want dat kin aardich sneller as eartiids, mar blykber omt it boargemastersamt wat oars wurden is de lêste jierren. Eartiids wie’t sa, je koenen wol in hiel ein  sûnder boargemaster. At der ien fuort gong, ach dan die in wethâlder in heal jier lang it kettinkje om, en dan ouwehoerden de polityke partijen moannenlang at se no al of net dy posysje ha woene. At se dy ha woenen dan sochten se dernei binnen hun partij nei de meast geskikte kandidaat, mar dêr wie somtiden ek noch striid oer, no ja en dy moest dan wer frij makke wurde en gean sa mar troch. Stel je foar dat it CDA no wer de boargemastersposysje fan Drachten sis mar Smellingerlân krije soe, dan moasten we no wachtsje op in fallen fan it regear, dan koe Joop Atsma moai te plak set wurde yn Drachten, dêr syn lêste jierren slite.

Sa bart it net mear. De boargemaster fan hjoeddedei is in manager, dy’t de politisi oan’e gong hâlde moat en tagelyk syn of har eigen gemeente heech hâlde moat yn allerhande fermiddens. Totaal net mear as trije dagen wurk, mar je kin je eigen tiid net yndiele , dus je bin sân dagen dwaande. Winkelbaas dy’t it spul draaiende hâldt. No ja en Jorritsma sil wol tocht ha, we fergaderje hast ien kear yn de wike yn Drachten oer it hiele Noarden, de noardelike meldkeamer stiet der no, we moat ek in plysjebaas ha dy’t op de winkel past.

Bert Middel koe dat goed, hy is in noarderling, om him sa gau mooglik ien provinsje. Mar dat koe hy net lûdop sizze, want dat is yn striid mei wat syn eigen gemeente tinkt, en dêr kin Bert Middel net oer. Dat is neat foar him, je stil hâlde , wylst je sa graach wat sizze wolle. Alhoewol, gjin ôfskiedsynterfjoes, soe der dochs wat oars bart wêze? Weinich omtinken oan it ôfskied, siet er dêr wol lekker? No we wachtsje syn folgjende boek mar wer ôf, hy sil Drachten, sis mar Smellingerlân deryn wol wer ôfbarne.

De nije waarnimmer is Polderman. Hans Polderman. No kin ik my allerhande âld-boargemasters foarstelle dy’t noch graach waarnimmer wurde wolle, dy ’t der net sûnder kinne, mar ik hie net tocht dat Polderman it dwaan soe. Hy seach er altyd sa wurch út, ik tocht dy hat Tytjerksteradiel oan de kant skood, dy giet aanst earst in jier nei Nij Seelân om by te kommen, dy sjoch we noait wer. En hup, der stiet er oan it roer fan Smellingerlân. Hat krekt mei dat Smellingerlân en ek mei Boarnsterhim felle duels hân oer wa’t no it Alde Feanemusuem krije soe, dat stiet no yn Earnewâld en no sit er him sels dus dwers. Hy hat mei tsjinhâlden dat der in gruttere farwei oer Earnewâld kaam, wertroch at inkel lytse skippen nei Drachten kinne en no moat er as Drachten wer op de knibbels nei Tytjerksteradiel   om wat mear romte foar skippen. Hy moat no sizze yn de oerlizzen dat at Opsterlân fierder giet mei Hearenfean en de Stellingwerven, dat Smellingerlân dan wol fierder mei Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen wol, wylst er 20 jier lang yn Burgum krekt wat oars sein hat. En no wit jim wol, persoanlike saken telle net, mar it is dochs wat ûnwerklik. Omt at je mei Polderman deroer praten, it like as at hy it krekt  sa miende as at er it sei. Fan dat byld moat we dus ôf. Boargemasters prate sa as harren eigen gemeentes wolle dat se prate. It bin papegaaien wurden. No, dêr hoege we net nei te harkjen.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s