Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 12

 

Aanst om kertier foar tsienen  moat je yn it Natûrmuseum yn Ljouwert wêze. Dan krij je kofje. En dan moat je wer fuortgean, want om kertier oer tsienen iepent de foarsitter fan de Waddenakedemy, perfesser dr. Pavel Kabat  in twadaagsk symposium oer de Wadden. No en dêr wol je absoluut net by wêze. Je bin ek net wolkom, gewoane minsken prate net mei oer de Wadden. Dat docht in selekteart ploechje folk. Al jierren. Al jierren en  jierren. Ik tink dat dit it 753ste sympoasium oer de Wadden is. En je wurde sa ûngelokkich fan dan geouwehoer, want de Wadden feroarje hurder as it belied deroer. En it slimste is dat dit sympoasium net iens oer de Wadden giet mar oer hoe’t je it belied fan de Wadden sa doeltreffend mooglik meitsje kinne.   No, dêroer ha se no al 40 jier spul. Wa hat it foar it sizzen. Want sju, it skynt no wer sa te wêzen skriuwe se, dat der in ferskouing is fan government nei governance. Ja hallo, der by bliuwe he. Noch in kear, we gean fan government nei governance. Ja wat dat betsjut wit ik ek net, want it is ingelsk. It is sawat sa, eeh government is dat de regearing it regelt, en governance is dat de belutsenen ek meipolderje. Wy altyd mar tinke dat soks al jierren barde, mar  o jee, no pas en no moat je prate oer hoe it hiele Waddenbelied feroare wurde moat. Eeeh, wat it Waddenbelied is, ja dat wit ik ek no ek wer net, want nei 752 sympoasia bin je de tried aardich kwyt.

In Waadsympoasium. Twa dagen om de gefolgen fan government nei governance te ûndersykjen, o nee  te beouwehoeren. Welke gevolgen heeft deze verschuiving voor de organisatie van de betrokkenheid van burgers en  de besluitvorming in de vele bestuurlijke geremia. Muoilike sinnen, ik moast wol trije kear lêze. Mar ja oars kin se net fansels, dan komt elkenien. Se bedoele gewoan moat dy dombo’s no ek meiprate en wa noch mear hat der ferdorie wat te sizzen  oer it Waad. Lyts foarbyldsje, sju je sil oer in oerke sjen dat Margreeth de Boer út namme fan de Raad voor de Wadden it lêste advys fan dy Ried oanbiede sil oan de foarsitter van het regiokolleezje Waddengebied, en da’s John Jorritsma. Dan tink je toch, dat advys is net fan justerjûn, hie dat no opstjoerd, dan hie Jorritsma dat lêze kinnen en fuortdonderje. Mar nee, Margreeth krijt in heal oere om in bryfke oan Jorritsma te jaan. No ja en dan hippe der noch wat perfessers om dy’t wat ingelske ûnsin by elk dellizze, Rimmer Mulder liedt in diskusje mei 6 minsken, dy’t allegear sizze dat it wol wat better kin, mar dat je fansels wol goed rekken mei elkoar hâlde moatte en dat it fansels net iens sa min giet mei it belied oer it Waad. En dernei bliuwt alles sa’t it wie, elkenien haffelt der yn om, elkenien wol it sizze en wat opfage wurdt: nije dizenige stof foar sympoasia.

Mar wat in gedoch, hjoed yn it Natûrmuseum en dan moarn allegear hup yn bus boat en bus nei De Piraat op it Amelân. Ja, je moat de Wadden ek snuve kinne fansels. De kommisje Monitoring Bodemdaling Ameland hat der de grutste ynbring, dy ha fiif jier dien oer in ûndersyk nei de boaijumdaling op Amelân, ha begjin dizze moanne de risseltaten dellein en no kin der oer praat wurde. Mear net. Prate. Altyd mar wer prate. Want mear as dat je sizze kinne, dat it in probleem is kin je ek net, je kin  gjin heipeallen ûnder  Amelân slaan. Lokkich ha se djin aan wat it Waad echt kin en it  waait sa hurd dat se ûnderweis sa yntenssyf de mûle en mage brûke, dat se bin wol útluld.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s