Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 12

 

It wie fanôf 6 desimber rekke. Allegear fan dy reklames op‘e tillefyzje, hoe’t je mei syn allen yn it o sa ienriedige gesin  de lekkerste krystdingen op tafel sette kinne. Allegear yn gesellige sfearen, mei netsjese bern, moai yn’e klean, fleurich, wis net oan de drugs of overload oan alcohol. De man  sjocht der ek goed út en o wat helpt dy ferskriklik mei, in leaf suertsje, eins docht dy alles. En de warbere húsfrou dy’t dan eindelik de skelk ôfdocht en der dan hast like moai útsjocht as Doutzen moarns om fjouwer oere. In grutte krystbeam, bûten sjonge de elanden, der falt in netsjes laagje snie, dat daliks moai lizzen bliuwt, mar net steurend is, want pake en beppe komme mei de grutte auto lâns, ladingen krystpakjes wurde de waarme keamer yn sjoud. De glêzen streame fol wyn, der wurdt al preaste op it nije wankende jier. De hûntsjes en katsjes springe leaf der om hinne sûnder te blaffen of te skiten. Gooh wat moai, wat gesellich, en sil we ek mar net, ja, we moat nije wike al efkes nei de winkel en alfêst wat guod yn hûs helje, ooch  sju Omrop Fryslân makket reklame foar de ferkeap fan krystbeammen, toch mar wer ien helje. Waarmte, fretten, gesellichheid, freugde, lok.

En dan  komt Verhagen en dy seit yn it sjoernaal dat it gjin krystklokken mar needklokken binne, de beurs hellet de beurs leech. Mar Verhagen moat je altyd fertale, dy kin sels yn eigen gesinskrystgeselligheidsfeest net gewoan prate. Zullen we een gebraden gans nemen, Maxime? Aanbeden vrouw, als we staatsekretaris Bleker gebeld hebben, aangezien hij verantwoordelijk is voor het quotum ganzen dat moet worden afgeschoten, aangezien we eerst dienen te informeren om het mogelijk te maken dat wij een gans bestellen, is of het quotum afgeschoten ganzen, in het kader van  de te grote hoeveelheden ganzen die aanwezig zijn in wat letterlijk ons land is, waardoor wij te weinig financiële mogelijkheden hebben, aangezien de prioriteiten elders zijn neergelegd, om de agrarische ondernemers en natuurgebieden volledig te compenseren in hun schade die door de ganzen wordt aangebracht tijdens het nuttigen van voldoende hoeveelheden meer dan voortreffelijke kwaliteit gras en grassoorten, waardoor de ganzen voldoende kracht hebben om straks als het nodig is een of meer eieren te leggen om de stand van ganzen ook in de rest van Europa, waar we vanzelfsprekend ook verantwoordelijkheden voor hebben, voldoende te kunnen aanvullen, zodat er geen gevaar dreigt dat de soort ganzen aan uitsterving onderhevig is,  als dat quotum dus noch niet helemaal voltallig is dan kunnen we met gerust hard via de poelier die wettelijk voldoende bevoegdheden heeft ….. No ja dan is dy goes al bret fansels. Dus dy man moat je fertale. En at dy man seit dat it net goed komt  mei de it jild yn Nederlân dan witte we dat hy eigenlik seit: de helte fan it folk is de lul en  dy komme oan de ferkearde kant fan de streek te sitten. En dy minsken dy’t oan de ferkearde kant sitte, fiele dy gesellichheid op de tillefyzje as in stek yn de bealch. Se fiele har net gesellich, se ha soargen oar jild, de bêrn, de sûnens, of ha it wurd illegaal op it liif stean. Nee,  ik gean fannewike noch net nei de winkel.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s