Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 12

 

Stel, je ha as gemeente grûn oer. Of in bedriuw yn in bepaalde gemeente hat grûn oer. Eins kin je it je net iens foarstelle dat earne grûn oer is. We libje yn in tiid dat we alles wat we brûke kinne, dat we dat ek brûke moatte. Boppedat stiigt de seespegel, dus we moat der grûn by ha, ynsté fan grûn fuorthelje, oars strûpe we der ûnder, jim ha sa niis de man fan Skier wol heard. Yn Ljouwert ha se lêsten in hiel soad grûn dat njonken it talud fan de Drachtster brêge lei ôpgroeven en nei it Drachtsterplein brocht. Niks mis mei, mar at je no dat talud by del sjogge , dan tink je wol ik moat net al te fier nei ûnderen donderje mei de auto. Mar da’s in ferpleatsing dy’t koe, ik ha der gjin minsken mei piipkes en brânderkes by sjoen, it hoegde blykber net ûndersocht te wurden. Oare grûn yn oare gemeenten wol. Want dat is in hiele  frjemde saak, dy grûn. Jo meie no nammentlik net in bultsje grûn dat earne leit samar op’e auto skeppe en fuortride. Absoluut ferbearn. Wit jim werom, omt de gemeentlike rigeltsjes net allegear  gelyk binne. Dy bin ferskillend. Wy ha 27 gemeenten dy’t allegear ferskillende rigeltsjes ha. Yn guon gemeenten is grûn kategory 16 fersmoarge en yn de oare gemeente is it gewoan stront.  Yn de gemeente Súdwest-Fryslân dogge se wanhopige pogingen om alle gemeentlike rigeltsjes fan de eardere fiif gemeenten  ta ien gehiel, gelyk, te meitsjen. It slagget net. En  dan bin se noch net iens oan de grûn ta. At je  bygelyks in hoekje grûn by Spannenburg opskeppe, dan mei je net samar oer de Hommerts ride nei de Jouwer, mar je moat oer St Nyk en de A6. Oars kom je yn in oare gemeente. Net dat der oertsjûgjend strang kontroleart wurdt, mar it mei net. En no dogge dy ferfierders dat meast oars, mei skippen en dan kin it net oars, mar it mei net. It is bart dat grûn by Starum wei dêr  absoluut net lizzen bliuwe mocht. Dat moast per skip ferfierd wurde nei Trijehîus, dat eilantsje foarby Grou. Der wie in stoartplak makke.  No der waard de grûn stoarten , moai ôfbakene, bryfke der by, dit is de grûn fan Starum. Twa jier letter nei yngreven ûndersyk, waard  bepaald dat de grûn brûkt wurde mocht , earne foar , sis mar as bougrûn foar hûzen. Yn Starum, want dy grûn wie ommers noch fan de doe besteande gemeente Nijefurd. Dus deselde skippen brochten dy grûn wer nei Starum werom, se ha it bryfke goed besjoen, de goeie grûn. Hearlik rôlje de 27 gemeenten har om yn har 27 eigen rigeltsjes, en we bin al 2011, hast 2012, hoe is it mooglik dat alles wat eartiids ferkeard gie, dat sa mar bliuwe kin. Eineleaze bedragen wurde betelle om de rommel hieltiid mar te ferfieren en  net te brûken. No ja, it kín ferkearde grûn wêze, mar lit no yn elk gefal de wize werop grûn kwalifiseart wurdt yn elke Fryske gemeente gelyk wêze, en it soe wol handich wêze dat it nei Grins en Drinte ta ek gelyk is, en miskien soe it wol goed wêze dat it yn Nederlân oeral gelyk is,  en moai soe ek wêze dat it yn Europa wat gelyk is. Mar nee. Mar hjoed wurdt dat dus oars. Der komt in nije noata bodembeheer, mei en it is net te leauwen, mei bodemkwaliteitskaarten. De milieuadvysdienst Noord Friesland sil dy fannemiddei útrikke oan boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel. Ik wit net werom , mar Waanders praat tsjintwurdich moai frysk, da’s  ek wat wurdich. Mar ik ha noch ien probleemke, by dy milieuadvysdienst sitte 18 gemeenten. En dan ha we noch 9 oer. En dy ha fansels noch hieltiid  oare rigels. Dus moai hear sa’n rapportsje fan sa’n milieuadvysdienst. Mar tekenjend. Fryslân giet ten ûnder oan it gefoel dat je as gemeente altyd mar wer oars wêze moate as oare gemeenten.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s