Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

15 12

 

Frjemd he, dan is it heal desimber en dan komt der ynienen in kwak nijs op tafel. Da’s elk jier sa hear. Dat komt omt benammen politisi at se hieltiid ferge wurde op it neamen fan termynen, harren dan foarnimnme en it dan domwei ek noch lûd útsprekke, foar  dan en dan sil dat klear wêze. No en omt de krystborrels no al oan de gong binne moat de amtners noch wol oer de kling jage wurde, of je kin miskien better sizze, eindlik ris mei rindemint en efficiensy wurkje, dan komt it klear. Mar al hoe nijsgjirrich sok nijs ek is, der wie nijs wat ús oant yn de teannen ta rekke. Status aparte foar Omrop Fryslân. No, we ha direkteurJan Kosterallegear lokwinske en de oranjekoeke opfretten juster, en no kin we neitinke, wat betsjut dat eins: status aparte. Allerearst status aparte is fansels wat in frjemde útdrukking. Hy komt fan Aruba. Ik wist ek net dat se dêr latyn koenen, mar Aruba hat altyd de status aparte hân. Je koenen der neat mei wurde, en se koenen net mei alle oaren, dus je moasten se altyd apart behannelje. No ja, dat moat je Fryslân ek. Eins soe net alline de Omrop mar ek oare saken de status aparte krije moatte, mei dy tsjinstelling mei Aruba, dat wy it graach sels dan ek noch foar it sizzen ha wolle, sy lieten har wat sizze.

Omrop Fryslân hat binnen de totale omrop eins altyd in status aparte hân. Elke kear at se besochten fanút de sintrale omrop, meast de NOS, in programma te meitsjen yn’e mande mei de regionale omroppen dan  slagge dat net mei Fryslân. Ik moast sa gnize, it blykte lêsten wyks noch, ik siet yn Hilversum mei te praten oer in algemien mienskiplik tillefyzje programma oer streektalen en dialekten. Doe wie der ynienen immen dy’t sei, no en by dat dialekt sjoch je no dat der ek ien , twa  minsken al roukaarten yn it dialekt ferstjoerd ha. Ja , dan sit je dêr as Fries al wat knoffelich, at je dan sizze moatte, dat dogge wy al sa lang at roukaarten besteane. At je dan dy koppen fan dy oare lju sjogge, dan klinkt it suver wat arro.  No ja tink ik dan yn mysels , dan is dat dus it gefoel wat je ha  by in status aparte. En fierder is it sa dat je regionale omrop binne om regionaal te wêzen, dus safolle mienskipliks kin der net yn sitte. Derom  bin ik dus dûbel bliid, dat je no je eigen zendtiiden en ynfullingen derfan hâlde, en ik ha meilijen mei de oare regionale omroppen dy’t opslokt wurde yn in soarte van Gewest tot Gewest, mar dan slimmer, at je yn Seelân wenje, kin je Drinte net mear sjen. It hat fansels ien neidiel, wy sjoernalisten jeuzelje der altyd wat oerhinne fansels, mar it betsjut wol dat je no foar in part ek taalbefoarder binne, omt de omrop betelle wurdt foar dat wurk. No ja , dat moat dan mar, at de provinsje ús dan  ek dy oardel miljoen werom jout, dan  kin we der ek goed mei trochgean, oars wurdt it wol wikkerdewik fansels. O ja taalbefoarder. Wat ouwehoere al dy lju en ik ek dan oer status aparte. Der moat we in moaie fryske útdrukking foar betinke. Status aparte. Status is stand, toestand. Tastân? Da’s net moai. Spul. Gedoch. No.Aparte is apart is apart. Ek net moai. Oars? Omrop Fryslân is oars gedoch? Nee. Hoe miegerich de Ljouwerter Krantei t ek opskriut, Omrop Fryslân is in regionale omrop dy’t no as ienige fan de 13 útgroeid is ta in folweardige nasjonale omrop. Dat is de titel.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s