Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 12

 

Hjoed begjint de meast frjemde tiid fan it jier. Nee, nee,  net dat der Krystdagen en sa oankomme is frjemd, de kristlike feestjes bin ús allegear ommers hiem. Nee, foar de media. De media ha neat om oer te skriuwen of te lullen. Der bart net mear as dat de minsken nei de winkel geane en boppe har budget útgeane om sa tankberens te krijen of werom te krijen. Dus ha dy media wat betocht. De beste hapsnurker fan it jier. En dan mei je hapsnurker fertale yn alles wat je mar wolle. Allegear heal wurk, want je kinne net en je soenen it ek net dwaan moatte om minsken mei elkoar te fergelykjen en dan in oardiel te jaan. Nim no fuotbaljen, der dogge se it elke wike, spiler fan de wedstriid. Man of he match sizze se yn goed Frysk by Hearrenfean. Der kin je dan ûnder de wedstriid oer sms-e en wa’t de measte sms-kes hat hat in boskje blommen fertsjinne. Ik ha begrepen dat der by Hearrenfean soms net ien sms-d is, dan betinke se ien. En Hearrenfean-PSV , alve PSV-ers hienen de titel  better fertsjinne as hokker Hearenfeanspiler ek, mar der ha we it no net oer………

Mar it meast somber wurd ik fan dy spultsjes, dy’t se no ek foar Omrop Fryslân dogge, de politikus fan it jier. Sels Pauw en Witteman dogge der al oan mei, no dat wienen de lêsten. Mar it is allegear net te fergelykjen. At wy allegear seure oer Wilders,  dan is dy politikus fan it jier want dy hat ús it meast yn de besnijing, al fertelt er klearebare ûnsin. Krekt as ferline jier krige Rutte de priis, omt er sa rjochtút, dúdlik en earlik wie. No dat hat er dan yn de saak Donner goed sjen litten, hie no gewoan in heal jier lyn sein doe’t de NOS der efter kaam, ja Donner is ús beste kandidaat, mar we wol ek noch efkes nei Rinooy Kan en sa sjen. Mar dit geliich en gedoch. Ik bin no al benijd nei de parlemenaire enquete oer de Europa krisis. Foar it oare moat ik wer tajaan, in goede politikus dy’t rindemint hat kin him of har net feroarlove om net te ligen. Yn Fryslân is der ek net in politikus te finen dy’t der boppe útstekt, noait ris ien dy’t wat libben yn de brouwerij bringt, at Jan  Bearn Singelsma noch libbe hie soe der noch op ien stean en sieten Annigje Toering en Jehannes Kramer yn de strafbankjes. At mar ien de ynset ha soe fan Anita Andriesen, mar nee nee. It is allegear sa ferspelber, sa …… ja ik wit net wat , sa ientoanig, sa’n bytsje flamboyant om mar ris in fuotbalwurd te brûken. Dus mar ris in pear jier gjin politikus fan it jier. Ek gjin bêste twitteraar fan it jier, of bêste baas, of moaiste auto of wat der noch mar mear lâns komt yn dizze dagen. Moaiste krystbeam?  nee ek net, hâldt op. Wy jongens fan de 60-er jierren moatte tsjintwurdich wer ris ús âlde wearden op tafel lizze, der is nearne in bêste yn. Ja at Sven Kramer en Jorrit Bergsma yn de baan set wurde komt der in winner út, mar dat kin nije wike wol wer oarsom wêze. En Sven en Jorrit bin allebeide aardige keardels. Je binne noait de bêste. Sil’ k jim ris in foarbyldsje jaan, se dogge dan ek de markantste kroechbaas fan it jier. Ik ha sels yn de kommisje sitten, tegeare mei Wim Anker alle tapen ôf mar doe ek ûnderfûn hoe belachelik at it wie. It is nammentlik sa at je twa euro op de taap lizze en jo stekke  ien finger omheech, krij jo in pilske. Der sit gjin ferskil yn.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s