Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 12

 

Minister Schulz komt hjoed nei Fryslân. Minister Schulz docht ferkear en wettersteat. Se makke ferline wike yn har eigen begruttingsgearkomste in swakke yndruk. Sander de Rouwe fan it CDA woe net wat se woe en se wist net hoe’t se dêr fierder mei oan moast. Sei doe ek dealeuk yn de Keamer,  ja it  kostet in bots jild, en alles wurdt gefaarliker en jim krije kilo’s mear stojiske yn de bealch, mar we wolle toch dy130 kilometerdan mar dwaan. De macht fan de PVV en de ôfspraken dy’t je fan te foaren meitsje. Soad geouweheoer en se moatte foar de Krystdagen noch bepale hoe’t dat fierder komt. Dus is se bliid dat se dêr efkes wei is en efkes nei Fryslân kin. Der moetet se de Fryske deputearre Sietske Poepjes. Ja, dy is wol fan Sander syn partij mar hat hiel wat minder wurden nedich, dus Schulz kin wol mei Sietske. Sietske seurt ek net, want de beide froulju tekenje hjoed in konvenant. Net in oerienkomst mar in konvenant. Skrik no net en tink net fan dat ha’k allegear net heard dat  it ryk en Fryslân ta in konvenant kaam binne, want it is al tiden tiden lyn dat se dit allegear besletten ha, mar der is no tafallich wat tiid om dat efkes te dwaan, kopke kofje, twa hantekens en efkes wat brabbelje foar de media dy’t der dan toch hinne gean. Ja , je witte it nea en der is ek net safole dizze dagen, dat ach meitsje sowieso mar wat, we kin dit wol efkes melde. Wat melde? No, it konvenant hâldt yn dat de farwei Lemmer Delfsyl nei it ryk giet. Se betelje der in knoarre jild foar, se sil’t no ek ûnderhâlde, mar it is wol frjemd. Wy jouwe wat oan it ryk wer werom wylst we eins folle mear dingen sels dwaan wolle. Boppedat, it kanaal hat al bewiisd dat der jild mei te fertsjinjen is , der is in grutte skipsstream  hieltiid ûnderweis fan Noard Dutslan nei it Amsterdam/Rotterdam en wer werom. En dat moat allegear by ús lans. Us. Want eins is dat Prinses Margietkanaal ús kanaal. Ja it idé wie fan de dutsers yn de oarloch, mar dernei ha we it we mei syn allen makke troch lytse wetterkes oan elkoar te breidzjen, de saak te ferbreedzjen en ferdjipjen en hup we hienen de111 meterskippen  binnen de altyd mar iepen steande slûsdoarren . Dy lytse wetterkes, wit jim it noch, Wide Hop, Knillesdjip, Foanejacht Kruswetters, Grêft, Biggemar, Kweamar, Ald Tsjerkhof, Modderige Geau, Aldhof, Jiskenhuskermar,  Brekken, dat soarte guod. We jouwe it allegear fuort. Op himsels neat mis mei, it ryk kin mei dy faarwegen ek goed  omgean. Mar se ha aanst ek wat te sizzen, en at in kontainerskip lykas lêsten wol ûnder Aldskou troch koe mar net ûnder Burgum, dan wol it ryk aanst miskien wol dat it wetter yn Fryslân lyk komt te stean , no en at we dat betelje moatte….. Hee, de deputearre fan Grins soe ek komme, mar dy hat it net oan tiid. No nee, dy is no al deabenaud foar Sietske fansels, want dy hat de yn de polityk frjemde gewoante om te sizzen wat se tinkt. En at se de skiednis noch efkes neilêzen hat dan wit se dat Grins it stik Gaarkeuken-Delfsyl mei dollartekens yn de eagen al ynlevere hie , foardat Fryslân neitocht hie oer it ôfstjitten fan in taak dy’t ûntstie út it faargedrach fan de eigen skippers. Miskien dat Sietske frou Schulz noch wol efkes ferteld hoe leech at dy brêgen yn Grins binne. En dat it dêr eins neat hat fan in haadfarwei. Flusterje it mar efkes Sietske.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s