Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

21 12

 

Jûn prate se yn de ried fan Smellingerlân, sis mar Drachten, oer de iepenbiere ferljochting. En ik kin jim no al op in  bryfke jaan dat der twastriid wêze sil tusken de lju dy’t sizze dat it sa tsjuster mooglik bliuwe moat omt it oars in oanslach docht op de natoer en de minsken dy’t sizze dat Drachten it ljochtend hert fan it Noarden is en dus ek dy útstrieling ha moat. No se ouwehoere mar troch, mar ik moast al efkes oan dy man tinke dy’t juster foar de radio wie, en fertelde dat it Waad kwa tsjusterens fergelykber is mei leechlizzende gebieten yn Skotlân en Frankryk en sa. No ja, da’s toch logysk, je sette gjin ljochtpealtsjes yn it Waad, foardat je it witte far je der tsjinoan. Boppedat ha je ôfspraken makke dat Joop Atsma syn mantsjes der om fiif oere de stekker yn de fjoertoer dogge en dan wer fierder tukke, en wy, jonges fan de wylde see, witte dan krekt: da’s Skylge, da’s Skier en op de Iselmar lyksa. Eins dêr net mear nedich , de fjoertoer fan Lemmer wurket net mear, mar Lemmer jout sels genôch ljocht, da’s wol te finen. En op’e slûs stiet wol in grutte ljochtpeal. No ja en der kin je dan wer oer stride.  Mar dyselde man hie’t ek oer in gebied yn de trijehoeke Ljouwert Snits Boalsert wer’t it ek sa tsjuster wie neffens him. Fergelykber mei it waad. Littenseradiel sei ferslachjouwer Hayo. O noemt u het zo, nou maar het is toch verwonderlijk dat het daar altijd zo donker is. Ik ha der lang oer neitocht mar it is wol logysk, werom soenen je yn Littenseradiel it ljochtknopke noch oan dwaan, net ien hoecht der hinne. It is gewoan it teken fan de krimp. Tsjuster is krimp.

Ultsje Hosper is der deagelokkich mei, de âld direkteur fan it Fryske Gea soe wol wolle dat it yn hiel Fryslân tsjuster wie. Hy soe de lju yn de simmerhûskes yn de Alde Feanen wol in wân jaan wolle at se dêr  alle simmerjûnen  wer alle ljochten opsmite, neffens him moat alle minsken dêr yn it tsjuster sjen nei hoe’t de bisten har gedrage, allinne dat sjoch net in mins omt it tsjuster is.

Yn dizze tiid krûpt dyselde Ultsje sawat ûnder de krystbeammen, safolle ljocht is der. En ûnnoazel. Dy Zijsling jongens yn de Hommerts mei har skûtsje en seis sân skippen, werfan ien yn de simmer altyd ús kameraman Jeroen meitôget sadat jim moaie bylden fan it skûtsjesilen ha, dy Zijslings sette in ferljocht hynder op de hommaije. En at je der dus net mear lâns wolle, gean je fan Drylts binnentroch nei Osingahuzen en der hat in boer in ferljocht boatsje yn de tún. Ruilje dat dan om, domme lju. En wie it eartiids moai dat der hjir en der ris in sylskip lei mei ljochtsjes op it plak fan seil en fok, tsjintwurdich is elk hoekje feart wol ynnaam troch sok soarte gedoch.  Om mar net te praten oer de túntsjes. Ik ha sels minsken sjoen dy’t dat krytspul gewoan simmers oan de daksgoate hingje litte, en dan yn septimber alwer oandwaan kinne, it is hast wer kryst, jongens. No kosset dat spul gjin lover, mar no komme de eksessen. Yn Ljouwert prate se moarn oer it kleurje kinnen fan de strjitferljochting. Dus oranje op Keninginnedei, blau-geel at Cambuur spilet, read at it Bevrijdingsfestival losbarst, koskiten grien at de terminal fan Friesland Campina iepene wurdt ensafuorthinne. En yn Snits wol se by dat nije teater mei kleurde lampen yn de hege toer oanjaan  hokker soart ferdivedaasje der te belibjen is. Tsien jier lyn begûn ik al te seuren oer die oerdiedige krystferljochting. Dat ha’k breedút ferlern, alles barnt. Mar at se no oeral begjinne kleurde lampkes op te hingjen dy ’t wat dan ek foar bestjutting ha, ja dan wol ik jûn yn Drachten wol meistemme oer de iepenbiere ferljochting. Neat, helendal neat. Sa tsjuster as roet.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s