Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

23 12

 

At je yn Wâldsein op de brêge stean, en jo lêbje hjir en dêr oer, dan  lêbje je net, want dat wurd kinne se dêr net, dan seur je. Seure. It heard wat minder slim as lêbjen. Dus ik ha no sawat in jier oan it seuren west. Mar at je sa ticht by de hillige kryst komme, dan merk je dat  ús mienskip fansels dochs wol aardich yn elkoar sit. Ik soe hast sizze goed, mar dat is fansels net sa, der sodemieterje oan alle kanten minsken út dy mienskip, nei boppe en nei ûnderen, dus hielendal lekker sit je net, mar nei twa krystslokjes is dat gefoel ek wol wat fuort. En dan ûntstiet dat gefoel fan o hearlik, allegear mei elkoar. We stjoere elkoar allegear in kaartsje, Noflike Krystdagen en in lokkich nijjier. Meastal stiet it der yn it hollânsk op, mar mear en mear wurde no ek de Fryske krystkaarten hiem. Der bin ek minsken dy stjoere fryske minsken in fryske tekst en hollânske minsken een gelukkig nieuwjaar. Leaf. Mar ha no de rykswetten oer yntegraasje net bewiisd dat krekt de Friezen hollânske teksten ha moatte en de Hollanders fryske kaarten. Dan lear je as befolking elkoar wat better kinnen, en dêr is it toch foar.

De bern bin tus. Der bin nearne optredens fan bands en sa. Moai tús sitte, de út de hûs wenjenden  komme efkes by heit en mem en pake en beppe tús, de túswenners bliuwe tús. Gesellich. De famylje by elkoar. We witte net wat we útfine moatte,  dus ite we. Gesellich.

De ferieningen hâlde dizze dagen de lêste jiergearkomsten. Eindejaarsfeest neame se dat. Eindelik in jûn mei neat gjin gedoch, gesellich by elkoar sitte, elkoar op it skouder huffe at ien in goed ferhaal ferteld en fierder yn frede meielkoar op. Je ha wol fan dy jûnen hân dat je by je sels tocht ha o dy kloatsek is der ek, en no sit je noflik sa’n jûn njonken him te ouwehoeren. Kryst. De hiele warberen organiseare in konsert of sa. Moai. Der gean je efkes hinne, ek al hâldt je net fan de musyk. Krystmerken, je rinne der om , hân omheech, hoi, hoe is it, lang net sjoen, gesellich he. Ja ha’t oan tiid. Der driuwt neat. Hiel Nederlân driuwt op in krystkrâns. Inkel de riders bin sa’n wykein wat warber, want it nk foar maratonriders is op Thialf en de wichtigste seleksje foar de oaren komt nije wike, mar dy riders ha dat oer har, dy ûntspanne yn  de krystdagen wol goed hear. Ja , der bin ek minsken oan it wurk, it is net oars. Mar in lekker koekje of sjoekelaatsje op’e tiid en at je dan tús komme is der de hearlike swietrook fan Kryst. Je soene hast it wurd salich brûke, mar dat mei mar in part fan de mienskip. O ja,  it Leger des Heils stiet noch te sjongen foar de doar fan Sionsberg yn Dokkum. Lit we dat net ferjitte, it foarbyld hoe’t de syktekostefersekeringen ús sear dwaan sille. Nije wike , ja Lok dat komt wol, nije wike kinst dy noch opjaan. Krystborrels. Nee fout Lok, we heare it toantsje wol wer, net sa seure altyd. Wy ha as bedriuwsmienkip in gesellige gearsit mei elkoar om efkes wer mankelyk werom te sjen op wat er it ôfroune jier goed gie en foarút te sjen nei 2012. Ja der wanke wierlik swiere wolken oan de einder, 2012 liket no net it noflikste jier te wurden, mar we sjogge nei nijjier wol fierder. Prachtich sokke mienskiplike gearsitten, mei fansels in borreltsje derby. Al om tinke, want de plysje hâldt ek syn gearsitten, mar dy hienen blaaspiipkes yn it Krystpakket, dêr boartsje se mei. Dus Lok, net seure, sels net dat minsken  har fakânsje ek nije wike keppelje oan dy fan de bern.

Dus ik ha frij nije wike. Salich. Sliepe. Oant it nije jier. Dan mei’k wer seure.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s