Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

03 01

 

De earste berjochten op nijjiersdei binne hieltiid wer dat it wol wat tafoel, der is neat echt slims bart, safolle deadenb in der no ek wer net en it wie op de measte plakken wol aardich. It wurdt allegear braaf opskreaun troch in staazjerinnerke op de redaksjes, want de echte sjoernalisten lizze noch op bêd. Net ien dy’t yn ‘e gaten hat dat de finzenissen fol lju sitte dy’t sa gau mooglik berjochte wurde sille. Moai is dat soks yn Fryslân wierskynlik net slagje sil, want hjir hat justysje freed de rapportsjes noch net klear. Ha ha. Krekt as nijjiersdei dus, de plysjes dy’t it fertelle moasten leine ek noch op bêd, ja, dat stiet yn har tsjinste cao, dernei  skriuwe se harren rapportjes pas, en dan ûntstiet in pear dagen letter it echte byld:  It falt nét ta. Dit jier wie der wol in hiel frjemde plysjeferklearring op nijjiersdei. It wie net oars as alle oare wykeinen. No at der elk wykein sa’n 1350 minsken oppakt wurde, dan woe’k dat dan ek wolris hearre. Wit jim hoe’t soks komt, wy sjoernalisten binne op dy leuke feestjes, en hjir en dêr is immen de harsus ynslein, mar ach , at it net mear is, in bytsje in frjemd âldjiersgefoel, oars.. En dan blykt dus in pear dagen letter pas dat der noch nea safolle plysjes en oare helpferlieners yn it sikenhûs te lânne kaam binne. En dan kin de dagen dernei diskusjeprogramma’s wer los oer hoe’t de âldjiersnacht elk jier fierder út de hân rint. No en da’s simpel. Eartiids dan skeat in boer om tolve oere ’s nachts in molkbus carbid ôf. Boem. Dan wie’t nije jier begûn. En tsjintwurdich? Fjilden fol molkbussen knalle in hiele dei troch. En de meast fantastyske dingen wurden útfûn om noch lûdere knallen te meitsjen, fetten fan2000 literwurde earst leechsopen, dernei mei kuilplastiek derfoar dreune se no yn de doarpen. Watte, yn’e Triemen hien guon ek sa’n ding. Knal. Alle ruten derút. En dy frou lake har stikken. Ha, ha en dan  set we der nije ruten yn nije wike. Se lake sa, en se wie net iens mear dronken, mar at har berntsje op bêd lein hie , hie dat glês troch de kiel krigen. Ha ha ha. Sa giet it dus ek mei fjûrwurk, der moat elk jier in swierdere bots lûd útkomme. Joop Atsma hat soarge dat soks net te keap is, dus moat we it sels mar wat oansette. Aaah, op ynternet is wol wat te finen, we grieme der wat trochhinne en bam. Aah moai. Ach, hat jonkje stikje yn it eachje krige, mar gau nei dokter en wy sjitte wer fierder. De eachdokters ha no sprutsen dat it eins dwaas is dat yn Nederlân de minsken sels fjûrwurk ofstekke meie. Dat mei nearne. Grut fjild bûten de stêd, dranghekken en de ien of de oare regelt it fjûrwurk. Minsken derom  hinne, en winskje elkoar in moai jier. En wy ha ús earste dagen al fersodemietere en tink net dat it yn Fryslân oars of better wie. Mûzen oan fjûrpylken, minsken samar yn’e feart smiten, oeral foar 10.000-den skea. En hâldt op mei jim geseur, aaa is it no sa slim, it is mar ien kear âldjiersjûn. Da’s fuortrinne foar ferantwurdlikens.

En werom allegear, no sjoch marris nei dy Olympyske Ringen dy’t de geitefokkers ophellen fan Amsterdam, sitius altius fortius, sneller heger sterker. It is sok dom wurk, earne wat stelle en it yn eigen doarp ophingje , mar dit kear wie it tekenjend. Sa libje wy dus ek. Mear, mear, mear.

Der is mar ien wize werop at we it feroarje kinne, kampagnes fan leafe jonkjes doch dit en dat net bin waardeloas. Takom jier: minder minder minder. Hiel desimber gjin drank en fjûrwurk mear yn Nederlân. En fan 17.00 oere middeis op âldjiersdei yn ‘e hûs. Ferbean om op strjitte te kommen. It leger wurdt ynsetten. At se ien sjogge op strjitte dan mei der sketten wurden. Leafst rekke at se dat noch kinne. Mar ja, om safier te kommen ha we noch seis jier diskusje  nedich. No dan is Ljouwert tink ik al lang ôfbarnd. Ja dy jongens moat har toch efkes in kear wat tjirgje.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s