Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 01

 

Fannemoarn stapte ik fersichtich nei bûten. In echt hiel moaie sniebui, mei fan dy hiele dikke plakken-bliuwende flokken twirrele del. De goed trochferzen snie knerpe ûnder de skuon.  Efkes sûn in moai paadsje skeppe nei de útrit. De kjeld kringele yn in kleurich wolkje de noastergatten út. It lytse buorfamke fan fiif stie al mei de houten reedsjes yn de hân klear, ûngeduldich te wachtsjen op mem, it iis lokke har echt. Yn de fierte hearde ik it de hierskerpe streekjen al fan in ploechje opsketten jongens. Ynienen wie’k yn de Alde Feanen, in moai laagje snie oer it beamteguod hinne, hielendal wyt. En Jeen Wester hie in geweldige baan makke troch de Feanen, ik ried dat it sta sei, koe hurder as wa dan ek. Ik snúfde de hearlike swietrook fan waarme sûkelarje, o moai noch in kwartsje yn de úteinen fan de moffen.

Doe gie de wekker, en ik gie rocheljend fan bêd, de damp-kâlde lucht wie daliks tefolle. It geraas fan de safolste winterstoarm davere  tsjin de eftergevel, yn de fiver wie silen sûnder reef net mear mooglik. En it reinde. It earste wat út de radio kaam wie de meidieling dat it Woudagemaal op Lemmer foar 25.000 euro wer fan start gien wie, tefolle wetter yn Fryslân, it rûn by Spannenburg al hast de dyk op. Efkes letter joegen se foar Fryslân de koade oranje, ik seach jitris nei bûten , ik bleau republikein,  oranje wie net aardich mear. Hurd mei it kofferke op’e holle nei de auto, weidûkt foar de streamende rein. De wyn skodde de auto wekker. In tillefoantsje, sarkasme, moai waar net. Ik ha net iens andere. Kloatewaar. En it wurdt alsmar slimmer.

Is dat wol sa? De winter fan ‘89 wie ek hielendal neat, likegoed hienen we yn 1997 wer alvestêddefeest. Mar yn ‘99 wie it noch kloateriger as yn ‘89. En dy 22 jier tusken ‘63 en ‘85 sûnder alvestêddetocht, deryn ha we likegoed strange winters hân, mar de snie foarkaam yn ‘79 de200 km. Ik bedoel, it hat toch altyd sa hin en wer west, it is no ienris in seeklimaat. Mar it is krekt as mei alle oare dingen, dy wurde no ynienen safolle grutter makke as eartiids. Doe kaam der oan it ein fan de winter in simpel berochtsje, de winter hie fjouwer sniedagen, 44 froastdagen , en der kamen 6 iisdagen fan. Mear stie der net. Hoe’t je dat fûnen , fochten je sels mar út. En ja fansels hienen de echte alvestêddejongens op Earste Peaske dei in beafeartsrit nei it alvestêddemonumint nei ‘63, want it duorre har te lang, mar oaren fûnen it soms wol noflike winters, kachel net sa heech, net skrabje moarns, gjin glêdde dinken, de stroomtrieden donderden net mei izel del, no gean sa mar troch.

Waar is wat je der fan fine. Ja ik bin ek wol ûngerêst dat der noch nea sa folle wetter op poalen west hat, dus dat gasbuiske brûk ik net faak. En ik snap it geseur ek bêst, de ien is deabliid mei dat je alle dagen gewoan nei it wurk ride en fytse kinne, in oar is lulk omt de winterbanden der fergees oan set binne, wer wie dat jild dan foar nedich. De ien flokt, dy200 meterfytse en elke kear kletstrochwiet, mar Jeroen de Vries twittere juster nei Martijn Kromkamp, ik hoopje dast dyn hiele training tsjin de wyn yn fytste moast, want ôfsjen is hearlik. Waar is fan minsk ta minsk en fan jier ta jier tige ferskillend. Nee ik sei net per jier. Want we ha no neat ferskillends, we ha alle dagen hiel fêst waar.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s