Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

05 01

 

Profileare. Dat is it biedwurd foar alle ynstellings en minsken yn de kommende tiid. It jild spilet no pas echt de rol dy ’t ús al 4 jier oankundige is, no ja en yn sa’n tiid is útstrieling it alderwichtigste, je sjen litte.  Mar it is dêr in gedrang fan jewelste, dus dat profileare is hielendal net sa maklik. En je ha it dêr as sjoernalist ek sa drok mei, nim allinne al dy 26 boargemasters dy’t har brûklike profilearpraatsje yn nijjiersredes ferpakke, en dy wurde dan ek noch op’e hûd sitten troch wethâlders dy’t ek wat fine en foaral fine dat har gemeente mear útstrieling ha moat as de buorgemeente, dan begjin je de net foar te kommen weryndielingspetearen wat oars. Mar ek ynstellings, at no de sikenhûzen fan Hearenfean en Ljouwert fuseare, dan wurdt der in buro, leafst in hiel djûr buro, ynhierd en dy moat de namme betinke. Wy soene sizze de MCL-skâns, sy betochten zorgpartners Frieslans. Yn alle arro net iens it offisiële Fryslân sa’t sels de LC útfûn hat. En no moatte Wander Blaauw en al dy oaren har swittend en stinnend profileare, sadat dy namme hiem wurde sil. It sil nea barre.

No it wetter. Earst ha we  Hilda Boesjes foar letterlik alle radiostasjons en tillefyzjestjoerders  fertellen heard dat it Woudagemaal wer iepen wie en besocht wurde koe. No ja dat kostet jild,  profilearing dus. Mar dan stiigt it wetter noch wat, want Harns en Lauwerseach kin dat guod fanwege de wynrjochting wat minder goed fuort krije. Der sit altyd al ien op it kantoar fan it wetterskip dy’t soks regelt, der komme no efkes twa minsken by, der moat wat mear tillefoaneard wurde. Mar dat wurdt dan  in kalamiteitensintrum neamd. In kalamiteitensintrum? In sintrum, dus foar kalamiteiten. En kalamiteiten bin neffens de Van  Dale grutte rampen, algemiene ellende. No wurdt der net ien wekker fan dy tsien sentimeter, dus is it gjin grutte ramp, der falle op âldjiersjûn mear deaden, en ellende inkel by in boer yn’e mage at er nei syn maisfjildsje sjocht, mar febrewaris en maart droech dan is it ek wer fuort.  Likegoed in kalamiteitensintrum. Dus rollen de sjoernalisten de mouen op. Kalamiteit, Flikkema? Want sa hiet de man dy’t it allegear hieltiid regelt. Earme Flikkema. Kin altyd op in jierdei haarfijn en sonder stotterjen útlizze hoe’t it wetterskipsbestel yn Fryslân der út sjocht, en dat fan Grins want dy wetterje alles op ús ôf, mar no moast er himsels hieltiid yn it sin bringe wat dy dykgraaf  en dy pr officer juster him allegear yndruid hiene. O ja, it is unyk. Unyk? O jee. No ja, it komt miskien sa ien kear yn de trije jier foar. Mar eeh Flikkema , jim ha toch fan dy polders makke, wêr’t ’s winters it oerstallige wetter efkes yn kin, der ha we toch ek elke kear by west at jim dy sabeare folpompten. Ja ja, dêr komt it wetter no ek yn. No ja mar wêr is dat kalamiteitesintrum dan foar nedich? No ja dan kin al ús minsken yn de polders belje at der wat oan de hân is. Ja mar der is neat oan de hân.  Nee ferdorie mar Erkelens en sa dy seine dat it in kalamiteitesintrum wie. Ja want dy witte wol dat je dermei skoare   hjoeddedei. En dy witte no ek al dat oer twa dagen Flikkema sizze moat dat at it ophâldt te reinen, dat dan it hege wetter sa gau mooglik ôffierd wurde sil en dat we druk ha op de Grinzers om dat ek te dwaan, dan kin it wetter ta rêst komme en as der froast komt, dan kin it stilsteande wetter gauer beriden  wurde, want we ha de oerienkomst mei de Friese IJsbond slúten. Omdat we graach wolle dat elkenien yn Fryslân droege fuotten hâldt om moai te reedriden. En ik wit wol dat noard-east Fryslân no ûnder druk stiet omt Grins en Drinte der ek op ôfwetterje. Mar kalamiteitesintrum neame foar it gewoane wurk. No dan sil ik mysels ek profileare en betink in nij wurd. Oerprofilearing.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s