Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 01

 

Moai he dat de bern weer nei skoalle binne. Gooh , dy ha toch 14 dagen inkel mar wat yn’e hûs omhong, it wie noait gjin waar om moai bûten te boartsjen. En at se bûten wiene, dan wie der dat gegriem mei fjûrwurk fan dy wat âldere jonkjes, no ik ha der wol oer yn sitten hear. En je kinne sels ek net fuort he, want ja je ha dy bern om’e hannen no  En om dy bern oeral mei hinne te nimmen, dat is ek neat, dan ha je der noch mear wurk fan. Boppedat wolle se dat net, dat ha we mei de Krystdagen wol sjoen. Nee, ik bin bliid dat se wer nei skoalle binne, dêr rêdde se der wol mei.

Dêr rêdde se der wol me. Sa beskôgje wy ús ûnderwiis. Dêr tinke se der wol om, mar hoe’t it ûnderwiis is freegje we ús inkel sa no en dan mar ôf. We gean ris in kear nei in âlderjûn, en dan hearre we hoe’t ús soan of dochter it docht, neffens de ûnderwizers. Mar we tsjekke dat alhiel net. Sy bepale dat. No ja it berdriuwslibben hat no akjse ûndernaam yn it heger ûnderwiis, dat stelt neat foar , en dat sizze se no lûdop en dat is wat oan  it feroarjen. Mar foar de rest: ûnderwiis seit hoe’t de bern it dogge en wy freegje ús temin ôf hoe’t it ûnderwiis dat docht. It foarbyld  spilet hjoed. It begûn sa’n tsien jier lyn, dat der op trije skoaltsjes yn Fryslân trijetalich ûnderwiis jûn waard, Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. En dat wie in sukses. De sterkte derfan wie dat se ek oare lessen, lykas rekkenjen yn in oare taal joechen.  Risseltaat , de bern koenen de talen better fan elkoar ûnderskiede en dertroch better brûke. Sukses. It trijetalich ûndwerwiis is dus dernei op mear skoallen kaam, watte it is no al op sa’n  40 wurksem en dat wurde der stadichoan mear. Want it is in sukses. En wat docht no bliken. Hjoed wurdt yn Ljouwert de oplieding iepene op de PABO foar ûndwerwizers om te learen hoe’t se dat jaan moate. It sukses komt dus  fan de leafhawwers, dy’t de muoite namen om soks mei de bern te dwaan. En no’t it in sukses is, moate oaren dat ek dwaan, mar dy bin gjin leafhawwer of dy kinne it gewoan net. No ja, no moat der dus sa’n oplieding komme, en dan krij je fansels wer sa’n diploma en dan pas kin jo op ien  fan de 40 skoalen les jaan, ensafuorthinne, no ja  dat is ús burokratysk proses no ienris. En it kin inkel mar yn Fryslân, want Grinzers dogge soks net, kinne soks hielendal net. Dus kin je yn Fryslân inkel ûnderwizers ha dy’t hjir les hân ha. We kinne no hielendal neat mear fan bûten krije , want dy ha gjin trijetalige akte yn’e bûse. En sa kom je troch it burokratyske systeem toch wer yn in isolearre posysje as Fryslân. Dat is

altyd sa at je it op je eigen oare wize dogge. We iepenje hjir hjoed nammentlik ek noch in oare oplieding, we skaffe op in soad skoalen de Cito toets ôf. No kin je lekker oer fan miening ferskille, mar frijwol elke skoalle yn Nederlân doch Cito, wy ha’ t aanst yn Fryslân oer in Paadwizer. In eigen systeem om út te meitsjen wer’t de bern nei de basisskoale hinne moatte. Kinne bedoel ik. Paadwizer. Mar ja no moate al dy cito opliede ûnderwizerskes , ek noch leare hoe’t je paadwize moatte. Friezen bin net allinne oars yn it brûken fan taal, we bin ek oars yn de ynhâld fan it ûnderwiis.We bin oare minsken. Dus moatte der spesiale opliedingen wêze om ús te learen hoe we oars wêze moatte. Ik begryp der yn elk gefal neat mear fan

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s