Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 01

 

Wetter. Fan âldsher in ienfâldich product. Je koenen der op sile, desneeds, mar dat diene  je eartiids net sa’n soad, koenen je der yn swimme. At de beerenburg op wie dan dronken je der fan, at it reinde waarden  je wiet en yn hurde tastân, lang genôch yn it friesproses, dan koene je der moai op reedride. Dat wie wetter. Dernei kaam de perioade dat it út de kraan kaam, dat komt it trouwens noch, en dat it binnen de diken hâlden waard, dêr ha we noch hieltiid muoite mei. Mar wa’t my fertelle kinnen hie tsien jier lyn dat Ljouwert it sintrum wurde soe fan it útfinen fan allerhande oare saken dy’t je ek noch mei wetter dwaan kinne, dy hie’k mei de kop ûnder wetter treaun. Want je ha der altyd al yn fersûpe kinnen fansels.

Yn Ljouwert wurdt it fannemiddei iepene: it CEW, centre of expertise watertechnology. Ja it moat yn it Ingelsk fansels, oars ha je der neat oan. Hoe wol je fierder yn de wrâld komme at it de wetterlab wurden wie.  It CEW is folle mear , it is it sintrum foar kennis en ynnovaasje yn de wettertechniek. No tocht ik yn myn ûnskuld dat dat Wetsus wie, mar dat is wer wat oars. Eins is it sa, Wetsus is in gearwurking fan bedriuwen en wittenskip, en it CEW docht dêr dan de oerheid en it ûnderwiis by. Noch mear gearwurking dus. Ja eins is it gewoan in ploechje jonge minsken, dy’t it wurk dogge wat bedriuwen eins net oan tiid ha. Dus hege skoalle jonkjes en famkes dy’t stazjêre wurk dogge ûnder lieding fan perfessers, dan hat it bedriuwslibben der it profijt fan. Sasawat. Nee flau, it is wol degelik  hiel wichtich. De hege skoallen sit der middenyn en Wetsus docht ek mei. We kinne grutsk wêze op wat der allegear bard op wettermêd op de nije Ljouweeter Water Campus.

Mar wy sjogge mei wat relativearing nei it gedoch, want we begripe net alles, mar eins soenen we ús der wat mear yn ferdjipje moatte. Wit jim dat se útfûn na dat at je sâlt en swiet wetter by elkoar komme litte dat der dan enerzjy frijkomt? Ja freegje my net hoe’t it kin, mar der kin enerzjy opwekt wurde en net sa’n bytsje ek.  35.000 megewatt per sekonden of sa. At de ôfslutdyk wat mear trochlittend wurde soe soe’t in geweldige bom wêze. Dat ha se by Wetsus útfûn. Gebieten yn de wrâld wer’t sâlt en swiet wetter by elkoar komme bin enerzjybronnen. En hiel Nederlân kin it dwaan, is dan gebiet. Werom wachtsje se sa lang mei dy ferbettering fan de ôfslutdyk. No at je der in pear fan dy wetterenerzjystasjon ynprutse hat de helte fan Nederlân stroom. Sa sawat. Ja, it moat allegear noch wat better ûndersocht wurden, regele wurde, en betelber makke wurde, mar it kin. We prate dus aanst net mear oer kearnenerzjy, nee we prate oer wetterenerzjy.  Derom doart Merkel ek te sizzen dat se al dy kearnstasjons slúte wol, ek Dútslân hat geweldige kânsen yn sâlt en swiet.  Nee, we moatte dat Centre of expertise of wattertechnology moai iepenje fannemiddei, ús bern ha der alle belang by. It soe moai wêze at Halbe Zijlstra dy de iepening fannemiddei seit dat Ljouwert no definityf it nasjonale wetterwittenskipssintrum is. Der sjit my trouwens wat yn it sin. Hee centre of expertise watertechnology, kin jim aanst alderearst ûndersykje wat der bart mei de fisk at sâlt en swiet wetter enerzjy opwekke.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s