Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

13 10

 

Wat moat we mei Harns. We kin yn elk gefal kommissaris Jorritsma der net allinne mei omprutse litte, dan komt it net goed. Dat wie syn en ús fersin derfoar ek al. We setten dêr in stevige boargemaster del. Paul Scheffer. Dy hie safolle arro, by syn ynkommen, der soenen dy Harnsers wol foar op’e knibbels gean. Dyselde Paul Scheffer giet no troch in syddoar fuort, je sjogge him hjir net wer yn Fryslân. Deawurch fan it gekonkel en amateuristyske gedoch fan de Harnser ried en alles wat der om hinne toarket. En it wie net in mantsje fan neat hear. Projektmanager west by de KLM, allegear bûtenlânske putsjes, net samar wat. Wethâlder yn grouwe gemeenten as Zoetermeer en Vlaardingen. In VVD-er ek noch, dy rêdde har toch ek oeral mei. No Paul Scheffer dus net. Yn septimber, twa dagen nei Jan de Boer syn fuortgean as wethâlder kundige Scheffer al oan dat er syn termyn net ferlinge sil. Mar no yn syn nijjiersrede sei er dat helje ik net iens, ik bin 1 febrewaris fuort, jim sjoch my net wer.

Hy kin der net oer. De wize werop de partijen yn de Harnser ried elkoar bestride en behaffelje. Noait ris wat relativearing, noait ris in borreltsje mei elkoar drinke. De âlderwetse wize fan gemeenteriede is fuort. Gjin histoarje yn de polityk, allegear bats bats. Allinne, dat sjoch je net inkel yn Harns, dat sjoch je oeral. Sjoch mar ris wat der allegear de steateseal yn draaft en fan dei ien ôf begjint te sangerjen oer dat de liften net Frysktaklich binne , soksawat. En da’s goed, Fortuin en Wilders ha ús leard dat we folle hurder aveseare kinne yn de polityk en dat soks moat. At de befolking moarn in nije dyk ha wol, moat de polityk net sizze oer tsien jier kin we miskien begjinne. Gewoan daliks, ja of nee. De oanset ta gemeentlike weryndieling hat yn de 70-er jierren 13 jier duorre, no waard Harns yn in wethâldersfergadering efkes foar it blok set en moast ynienen mei Littenseradiel yn de widze. It gie Scheffer allegear te hurd. Al moat sein wurde dat de ferhâldingen yn Harns sa oeral binne fan dy ôffalfabryk, dat neat oars mear kin. Mar at Scheffer-en-dy it proses fan Spaansen wat fersnelle, sa’t de nije polityk dat sa graach sjocht, dan is it ek wer net goed. Soenen dy riedsleden wol witte hoefolle minsken by Spaansen wurkje? Dus Harns wol dy snelle polityk wol, mar inkel at it harren past. Boppedat bin dy tsien partijen yn in ried fan 17 it altyd mei elkoar ûniens, dat makket it proses wer langsem. En at je altyd wurke ha in polityk proses fan histoarje, respekt foar elkoars mieningen en sa no en dan ek efkes mei elkoar laitsje, dan moat je nokke. De measte boargemasters lûke har der neat fan oan, mar omt yn Harns ek wethâlders fuortstjoerd wurde, moast Scheffer alles sels dwaan. Hege bloeddruk Wurch. Dach Scheffer. Mar wat no. No ja. It byld is wol dúdlik. Fryslân is de twadde provinsje al as it giet om waarnimmers. Ien fan de 7 boargemasters is waarnimmer. It is Jorritsma syn leafhawwerij, in waarnimmer kin folle ôfstandeliker syn wurk dwaan, dy riidt jûns nei syn eigen hûs, earne oars. It wurdt in waarnimmer, en bûten Piet Adema hat Jorritsma oeral VVD-ers delset. It wurdt dus in VVD waarnimmer. En hy of sy sit dêr oant de ried wer wat bekaam is. In jier as tsien dus.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s