Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

17 01

 

Je kin it je net foarstelle, dat in sikenhûs, seker net as it flakby je hûs stiet, ticht giet, of heal ticht giet. Dat der foar je gefoel minder sûnenssoarch is. Hjoed is wer da’n dei dat it sikenhûs de Sionsberg yn Dokkum oan alle kanten bepraat wurde sil. It alternatieve plan is klear en sil hjoed wol útlekke, der wurdt in petysje oanbean. En soksoarte dagen sil der it kommend jier noch faak wêze.  Want der is mar ien saak dúdlik by de Sionsberg, nammentlik dat alles fierder ûndúdlik is. Yn it earste plak omt de saken yn Nederlân noch altyd polderjend geane. En dus wurdt der heech ynsetten om it winske midden te berikken. Der komme aanst in pear tasizzingen, bygelyks  bliuwt dy direkte earste hulp tsjinst der sitten (foaral at gemeente en provinsje noch wat by betelje wolle), en hup dan ha je al wer in hiel soad minsken foar je wûn. It twadde is dat de hiele sûnenssoarch fansels ûnder fjûr leit. It is krekt of hat de sûnenssoarch yn Nederlân folslein ûnfoldwaande west. It is ek oeral oarloch, no dat hat fansels alles wer mei de sinten te krijen, mei kompetinsjes, mei dat je genôch klanten ha. Mar ek oer de metoaden is elk it mei elkoar ûniens. De metoaden moat ek hieltiid better wurde, wat 40 jier lang goed gie is no waardeloas. Sizze se. It is koartsein in soadsje. Yn sawat de bêste sûnenssoarch dy’t der op de wrâld te finen is. Yn Dútslân , wat it dêr it alderbêste docht, fine se it hiel ferrassend dat der in sikenhûs yn Dokkum stiet,25 kilometerfan Ljouwert. Dan sil it wol in partikulier wêze sei dy man yn Hamburg, want dêr rize de partikuliere sikenhûzen de grûn út, lekker konkureare tsjin de besteande sikenhûzen. Merkwurking.  Nee, man yn Hamburg, wy polderje. No sei dy man dan  moat dat oars, wa nimt de beslissings yn dy sûnenssoarch. En doe stie ik mei de mûle fol tosken . Sju we ha in minister, en dy kwakt der in soad sinten yn, mar dy kin de húsdokters net iens de baas, lit stean de spesialisten. Dy spesialisten dan? Nee, dy ha allegear spul en ha it ek te drok mei har tredde hûs yn Thailân, dy ha gjin soargen oer al of net in  Sionsberg. De gemeente en de provinsje ha hielendal neat te fertellen. De sikenhûsbestjoeren  wurde ek mar wat hin en wer treaun. De minsken ha yn Nedelân yn de sûnenssoarch hielendal neat te sizzen, dy meie inkel betelje. Nee, man yn Hamburg, ik tink dat úteinlik de sikefûnsen de baas binne.  Sikefûnsen. Sikefûnsen? Minsken betelje sikefûnsen en dernei bepale sikefûnsen alles en ha de minsken neat mear te sizzen? No , guon sikefûnsen sizze dat de minsken sels beslisse kinne wer’t se hinne gean, hokker sikenhûs en hokker dokter. O dus dan mei se ek nei Dokkum, at se graach wolle. No nee, want dy kardiologen bin al bekfechtsjeend de doar útgien, je kin der aanst net iens mear in bern krije, der bliuwt ien suster oer, dy kin dan noch wat pleisters op je plakke Mar at dy  minsken no sizze: ik wol nei Hamburg? Ja dan kom je by dy frou dy’t noch wurket mar dochs graach by har kardiologysk fersoarge man wêze wol, hoe dogge we it mei de bern, it is toch wol in hiele ôfstan fan Peasens nei Hamburg. Dus de histoarje alfêst sketsend: nei in soad geouwehoer en gedonder ferdwynt de Sionsberg en nei safolle jier dan  besykje wy hjir partikuliere sikenhûzen te krijen,  ûnder fansels strang tafersjoch fan de minister, wize spesialisten en ûntelbere kommisjes. Mar werom begjinne we der no net mei. Dat sikenhûs stiet der al. Der bin 20.000 minsken dy bidde en smeke om it te brûken. Der bin yn Dútslân wol jongens dy’ t dy dingen oprjochtsje en hun twadde hûske yn Moddergat ha. Besjoch dat ris. Nee, nee net mei de sikefûnsen, dy meie net mear meidwaan, dy fertsjinje genôch.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s