Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

18 10

 

Der bin hjoed tige wichtige saken te belibjen yn de provinsje Fryslân. Hichtepunt is sûnder mis de nijjiersresepsje fan de SC Hearrenfean, fuotbaljen is ommers it alderwichtigste wat der bestiet, no dan der mei in borrel yn de hân oer lulle ek fansels. Dus komme der net sa hiel folle minsken op de Koaipleats yn Earnewâld, mar eins soenen we der hiel lang by stil stean moatte, as de Koöperaasje Fryslân 2040 oprjochte wurdt. Mei as doel alle duorsemensynisjatieven te bondelen en in tige goed gearwurking sintraal te stellen, sadat Fryslân noch gauer duorsemer wurdt as at Fryslân dat tocht hie. No sa is der fan alles, allegear hiel wichtich. Op ús aginda stiet ek ien, no ja…..tsja. B en w fan Achkarspelen gean hjoed op besite yn Droegeham, Op him sels liket dat moai, it is goed dat in gemeentebestjoer bining hâldt mei de doarpen. Mar dan tink je efkes fierder… no ik sil earst gewoan  fertelle wat der bart? Sju om ien oere ûntfangt it bestjoer fan  Pleatselik Belang fan Droegeham b en w, yn de Fakkel.  En om healwe fiven is dêr in parsemomintsje. Dan kinne wy freegje hoe wie de besite dy’t jim brocht ha oan de DAB graazje. Mar ek in  besite oan de tennisbaan en it sportkompleks,  want dy hiele boel sil wierskynlik ferpleatst wurde nei de Sânnen achter de tsjerke. En se moat ek noch efkes sjen by Cor Hamstra syn scootersaakje , o ja en ek noch efkes by de Bouwepleats del. En dan hymjend yn kafee de Ham noch prate oer de kânsen en ûntwikkelingen foar dit gebiet. Werby spesiaal omtinken foar de ferljochting fan de dyk nei de Harkema. O en Pleatselik Belang wol ek noch witte hoe’t it mei de rekreatieve ûntwikkelingen sit lâns it PM kanaal. En we moat it noch oer bedriuwepark Skûlenboarch ha.

It liket werklik wûnderskoan. Mar dat is it net. Je soenen  sizze dat Pleatselik Belang dêrnei mei in sekfol ynformaasje sa gau mooglik op de leden ôfgiet, sa komt it, sa bin de plannen. wat fine jim der fân. Mar oer Skûlenboarch hoege de minsken neat mear te witten want der wie ferline wike al in ynformaasjejûn oer. Of wie it bestjoer fan Pleatselik Belang dêr net? En at aanst op 1 maart Pleatselik Belang jierfergadert stiet der gjin wurd oer dizze besite op de aginda. Der is net iens tiid foar want der moat ôfskied naam wurde fan foarsitter Waatze Nicolai, der is noch de jiergearkomste fan de iisklub efteroan en dernei moatte allerhande minsken huldige wurde oer hun dingen fan foarich jier, no dat sil dy lju fan Doch it foar dyn Doarp wol wurde. No en dan is der noch de presentaasje en we tinke dat it in film is oer de gondelfaart , jim witte Droegeham is ien fan dy wûnderlike doarpen dy’t in gondelfaart op tsjillen ha, se bin dêr altyd it stjoer al kwyt west. Niks gjin praat oer de Sânnen, de DAB graazje of de mooglikheden en  ûntwikkelingen foar dit gebiet. Gewoan in hele gesellige jûn. Niks mis mei. Mar dan tink je al, moat no al dy bestjoersleden fan Pleatselik Belang ek noch in middei frij nimme foar in besite dy ’t wol yn in tsien menuten tillefoantsje kinnen hie. En b en w soenen har ôffreegje kinne of in gemeentebestjoer bestiet om Cor Hamstra syn foar it oare tige moaie  scooterbedriuw te besjen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s