Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

23 01

 

Ik moat earlik sizze ik lies it earst ferkeard. Ik lies oer in  byienkomst jûn weryn minsken persoanlik fragen stelle kinne soenen oer it Smallenbroek-virus. Bert Smallenbroek. Boargemaster fan Smellingerlân sis mar Drachten tusken 1981 en1988. Inturbulinte perioade foar de Drachtsters, Smallenbroek wie nammentlik noch al in ynnimmer. As opfolger fan heit Jan dy’t as minister dronken tsjin in pealtsje ride en derom ek ferdwine moast. Dy tiid hie foar, dat heit Jan doe staatsraad  waard en dy plysje yn Rotterdam mei dy neuten op kin no ferhûzje nei it bûtenlân, dy krijt nea wer wurk. Bert Smallenbroek moast úteinlik ek yn Drachten ferdwine , want hy sloech wat al te need yn de kroegen en froulju om yn Swolle, en Sytze Faber wie ek annex, ach allegear foarby , hy sloech net yn de plysjes om, we prate der net mear oer. Dêrom, wêrom soenen je dêr noch fragen oer stelle. En wat is in Smallenbroekvirus, gewoan in slokje tefolle?  Noch in kear lêze. O nee, Schmallenbergvirus stiet der. Schmallenbergvirus. Wat is dat no wer. No it is familie fan de Bunyaviridae , no dan wit jim genôch. Slim, slim, slim. LTO. Bistesûnenstsjinst. CVI. RIVM. De Dutske FLI. Se bin der allegear mei dwaande. It virus is ûntdutsen op 18 novimber , jawol yn it doarpke Schmallenberg. Dat leit yn Sauerland , ticht by Winterberg. Moai eintsje fytsen noch, mar it gie hurd, want begjin desimber is it virus ek al fêststeld by Nederlânsk fee. Kij, skiep en geiten kin it krije. Kij dy krije koarts, reitsje yn de skiterij, en, en dat is it slimste, der sit wat minder molke yn it jaar. Dat wie dizze simmer al sjoen by Dútske en Nederlânske bedriuwen. Sju dy molkeproduksje minder, dan komme se earne ta, doe ha se sike beesten ûndersocht en bingo, dêr wie it Schmallenbergvirus. Yn de skiep is it dreger, itselde virus slacht dêr ta en dan krije se misfoarme lamkes, fergroeiings, mar it kin ek wêze dat der gjin harses binne. Ik ha my ôffrege oft dit by lamkes echt nedich is , mar alla. No ja en doe’t op 4 jannewaris by in dútske hobbyboer ek fêststeld is dat dit virus taslein hat by geiten , ja doe moast der wat barre fansels. Undersyk. It virus heart tus by de Orthobunyavirussen, it liket dat minsken der neat fan krije kinne, mar guon Orthobunyavirrusen dogge dat wol wer. Se witte noch net alles, mar de knut dy’ t ek ferantwurdlik is foar it blautongvirus is ek de fersprieder fan it Schmallenbergvirus.

Der bin fansels yn de lânbou no in bulte fragen , wat moat we hjir mei, hoe komme we der ôf, kin we dy kij wol ite, en  moat de kij no einekroas  ha, soksoarte saken. En  no sil der jûn dus in ynformaasje jûn wêze fan de LTO en de sûnenstsjinst foar bisten yn Hearenfean. Mar jim sille dêr neat fan hearre. Want de media bin net wolkom jûn. Der komt in virusramp op ús ôf, en wy meie jim neat fertelle want we witte neat oer de hoeveelheden  deade kij en skiep, we witte ek net wat der barre sil. Ja fansels begripe we it wol,  sa’t de bargepest en de mkz krisis oanpakt waarden troch de sjoernalistiek hat de boeren hiel sear dien, al dy kraanweinen mei deade bisten sniet it folk troch de siel, de Partij voor de Dieren is ûntstien en de boeren ha noch mar ien populêre politkus, da’s Bleker. Dit is dus in ssst virus. Net oer prate. Dêr is fêst neat oan de hân en at it dat wol is, dan rêdde wy der wol mei.

In bytsje sa’t se eartiids mei boargemaster Smallenbroek fan Smellingerlân sis mar Drachten dien ha. Sân jier ha se it gedoch gewurde litten, inkel besocht der yntern wat oan te dwaan. Dat slagge nea. Ien kear yn de publisiteit, dy Swolse kroech,  en doe wie it oer.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s