Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 01

 

Fritz Korbach skodde syn holle. Hy koe it net begripe. Hoe kan dit allemaal eelke, als het vriest zijn al die Friezen aan het schaatsen, er is niemand aan het werk, wat is dat toch. En dat terwijl werk voor jullie altijd alles is. Korbach, oars altyd elkenien begripend begrypte hielendal neat fan it gefoel dat Friezen ha mei froast, iis, reedride. Hy hie dat al ris earder sein, doe’t ik him mar benammen Mario Been en René van der Gijp, dy’t doe by Hearrenfean spilen , útlei wat reedriden betsjutte. Sy snapten it in bytsje, mar Korbach skonk mei skodzjende holle in beerenburgje yn. Mar ik wie my der fan bewust dat it swier út te lizzen wie, reedride.Want it giet om gevoel, en gefoelens bin net sa maklik út te lizzen, seker net troch Friezen.

Sju, earst traapje we op de remme. Ferline wike ha’k dat hevich dien, wat in geouwhoer oer winter, wylst it noch plus sân wie en it reinde.  Je tinke dan noch, ach dy orgasmes fan dy waarmannen, it is al it selde waar sûnt maaie ferline jier, dy wolle wolris wat oars. Mar waarmanGerrit Hiemstrasei my de wacht oan, jonge it sil echt komme. En ik moat tajaan, we witte fansels net wat al dy minsken yn dy rakketten en space shutles betsjutte , mar it waar sjoch we fansels in pear dagen fan te foaren wol better as eartiids. En dit koene je echt meimeitsje. We sieten mei syn 26.000-en by Hearrenfean Utrecht, noflik, Hearrenfean gau foar, útspylje , folle better, noflik. De wyn siet doe’t we it stadion yngiene noch fariabel, mar troch de jûn hinne gie de wyn hieltiid mear nei it easten. Ik hearde op in gegeven stuit it hiele stadion snuven. En ynienen wie wat der op it fjild barde net wichtich mear. Sterker, doe’t ik tus kaam koenen de wraldkampioenskippen reedriden sprint my net iens wat skele. Froast. Ik socht de twitter fan Volkskrante sjoernalist John Volkers op, dy hie toch fannewike by Evert van Benthem west dêr yn Canada. Ik waard belle troch in freon, dy soenen nije wike nei Australie, “mar at it trochgiet dan kanselje we de reis, dan wol ik ride…” En ik dreamde fan…..

No ja ik hoeg jim fierder neat te fertellen, jim fiele itselde. Mar wer komt soks no wei. Dat we altyd folslein normale minsken binne, mar dat iis ús bloed sierend makket. Sterker, we tinke der it hiele jier om. Ik moast wat meubels kwyt by in boer, dy sei dan kinst dat spul dêr wol del sette, mar moast der om tinke dat ik mei dy beide snieskouwers  derút komme kin, at der iis is. It reinde dat it miichde doe’t er dat sei. Mar we fûnen it beide hielendal net frjemd. Logysk toch. Ik seach justerjûn myn aginda troch. Moai, fannewike net al tefolle, dat kin wol skoue, dat kin ‘k dan wol dwaan. In kuierke makke, by de mar lans. Dy sit noch net iens ticht, mar………….Dat gefoel, aaah

Ja fansels, it gedoch komt miskien dizze wike al oer ús hinne, Telegraaf sjoernalisten dy’t al yn it Oranje Hotel sliepe, Anneke Douma makket wer in iishit, en de ienige tillefoantsjes dy’t we krije is mei de fraach wannear at de rayonhaden fergaderje. En dat moat we dus wer yndamme, want we ha noch net in krisekl iis  sjoen dit seisoen , it wetter moat noch fan fiif graden nei ûnder de nul. Want dêr wer’t wy gewoan in waarm reedridersgefoel krije fan froast, fertaald him dat bûten ús provinsje yn Elfstedenkoarts. Sa siik bin wy noch net.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s