Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

31 01

 

Wetterskip Fryslân hat op syn side (www.wetterskipfryslan.nl) iisberjochten stean. It stiet der as is it allegear hielendal nij, mar it is gewoan wer profilearing nei de minsken ta fan wat it wetterskip altyd al die. Prima. Se neame it draaiboek ijs. Mar it is neat bysûnders. Ja, it giet wolris wat oars en kneukeliger, mar je sjoch ek komselden in winter sa goed oankommen as krekt dizze. Dus dan kin je jesels optimaal profileare. Mar fierder is it hiel gewoan. Je sette it Hooglandgemaal yn Starum út. Dy mannen ha eindelik efkes fakânsje. It Woudagemaal yn Lemmer is allang wer útsong. De slûzen  fan Harns, Dokkumer Nije Silen en Sâltkamp bin ticht. De boezem fan Fryslân smyt gjin eroatyske gefoelens mear want dy trillet net mear. It iis leit der noch net yn fansels. Want ja, we moasten juster  noch al wat oan de boeren dwaan. Sju sa’n earste froastdei dan is de grûn noch net befêrzen. Dan komt dus it kwelwetter noch omheech yn de boerepolders. En at dat befrieze soe oan de boppekant ha je minder gau wer moai gêrs, wat de kij en de guozzen frette kinne. Dus de boeregemalen ha juster noch de hiele dei draait om dat kwelwetter kwyt te reitsjen, oars komme der ek swierrichheden mei tei waar. Dus de boezem is yn it ramt fan it draaiboek ijs earst ferlege , dy kin dit kwelwetter noch wol oan. En doe’t de boeren volgens ijsbericht 3 en 4 langsem tefreden rekken, want se wol sels ek ride , sette it wetterskip dy gemaaltsjes ek út. Dan streamt der neat  mear. Alles stil, roerleas stil de kommende nacht, it iis kin oangroeie, alle waarmannen ha dêr ferskillende sifers foar, mar Piet hat der foar trochleard, der kin we op fertroue.

Hoewol, fertroue, ik bin al in bytsje erchtinkend hear. It wetterskip skriuwt nammentlik yn elk iisberjocht  dat se net ferantwurdlik binne foar al dy idioaten dy’t te betiid op it iis komme, der bin de Friese IJsbond en de iisferieningen ferantwurdlik foar, skriuwe se. Mar dat kin ek net. En at ik no sjoch hoefolle minsken juster al fregen wer  kin we ride, wylst der op de iisbanen noch net iens iis lei, dan wit je wat ús aanst oerkomme kin. Seker at de minsken de gerêststellende iisberjochten lêze fan it wetterskip, want dy ferantwurdlikens dy stiet ûnderoan, dan bin se allang útlêzen.

Boppedat hat it wetterskip wol oeral kontakten mei, mar net mei it Grinzer provinsjebestjoer of wetterskippen. En Grins wettert noch hieltiid op ús boezem ôf. En Grinzer boeren fine wetter echt kwel. Fannemiddei sil se yn it wetterskip prate oer hoe’t mei de gemalen  komt en at der dochs net ien by moat. Lêstenwyks hat de sitewaasje mei de wetteroerlêst toch sjen litten dat noch net alle draeiboeken fan it wetterskip hielendal goed wurkje kinne, dy draeiboeken stroomden hjir en dêr oer. No tocht ik dan prate se teminsten mei Grins, om te besykjen Joop Atsma mienskiplik om fier te lullen, mar se sitte earst noch sels om de tafel, hoefier moat we de profilearing oprekke om sa’n gemaal der troch te krijen. Sil we ús oare gemaaltsjes wat moai lânskiplik oanklaaie, dat fine de lju o sa aardich. Mar ik ha de oplossing jongens: it hoecht net mear. Gewoan in slûs by Gerkeskleaster,  in moai eintsje oan de Fryske kant. Dat we dy sels tichtsmite kinne. Lekker puh.

No ja, earst mar efkes sjen hoe’t draeiboek ijs wurket. Alle wetter stiet hast stil. No is it fierder oan Piet.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s