Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

01 02

 

Minsken doge net. Oars gean je net te riden op iis wat der noch mar krekt in pear oeren leit. Dat doch je net. Boppedat is it in min foarbyld foar de bern, dy snappe der neat fan, werom dy âlde lullen wol en wy net, wist wat,wy gean ek op it iis. Want se sjogge dat allegear op tillefyzje, yn de krante en wat al net, want dy media, ja ek de Ljouwerter en wy dy’t better wite moate soenen,  ruie dy âlde strûken ek noch op, jim moat op dat iis. At der de kommende dagen in bern fersûpt, ha dy âlde mannen en de mediajongens en famkes it dien. Sa.

Dan kin wy it no rêstich oer de folle bettere wêzens ha. De bisten. Nee, nee, fansels, jim jouwe de fûgeltsjes al lang fetboltsjes, pinda’s en bôllekrûmen, prima. Mar jim moatte dizze moanne ek mei de hûn of de kat nei de toskedokter. It blykt dat katten en benammen hûnen soms hele min toskark ha. Hûnen moatte dat altyd slypje oan fan dy hurde keunstbonken, dy’t lykwols yn de mage yn in draeikolkje feroarje en dan spuie se it wer út. Mar we moat der mei syn allen om tinken dat we dus dy hûnen en katten goed fretten jouwe, dan skansearje de toskjes net. Dus gjin suertsjes of datsoarte spul, jouw dat mar oan de bern, dy krije dochs allegear in beugel.

En jim moatte yn it doue hok sjen fansels. Miskien fljocht der noch wol ien om. En dan  moat jim dy net ferkeapje by Ald Fryslân yn Drylts, want der feile sa allimnne âld guod, nee , feile litte op in Belgyske feiling. En dan moat je ek efkes witte dat der sjinezen yn de seal sitte. Dy kloaterige sjinees tinkt dat dy douen ek yn  ekonomyske krises hiel wat wurdich binne, dat hy betelle foar ien do fan Pieter Veenstra twa en in heale ton. Twa en in heale ton foar sa’n suterich doke. No Pieter hie noch mear, hy ferkocht syn hiele douehannel foar 1,9 miljoen. Stel dat er in ton kosten hân hat. O wat lekker. Dy sjinees kin neat mei dy douen, at er se los lit yn Bejing fleane se daliks nei Drachtster Kompenije en dat helje se wol, want it bin goeie douen.  No en dan kin Veenstra se noch in kear ferkeapje fansels. Ik soe fuort nei Hongkong gean en dy sjinezen tsjin elkoar opbiede litte.

Mar, en derom prate we oer bisten, hjoed is it hielendal bistedei. De wetterhounen hâlde in demonstraasje yn Den Haach, Hayo fertelt der alles oer, ik liz it alfêst út. Sju neffens de hege hearen fan de Feriening fan Stabij en wetterhounen bin de weterhounen wat sikich en moat der no oar hûnebloed yn om it wer goed te krijen. No ja en de wetterhounen en de lju dy’t se altyd oan it lyntsje ha, dy wetterhounebesitters,  protesteare der tsjin. It is foar it earst dat hounen yn Den Haach polityk protesteare. Ik bin ek  benijd wat sa’n Twadde Keamerkommisje foarsitter sizze sil tsjin de hounen. O nee , earst mei de houn wat sizze. Wy wolle gjin geneuk mei Labradors of oare Hollânske hounen. Dit is dus eins in Fryske demonstraasje. At dy stabijhâlders allinne de macht ha wolle yn ús bûn rjochtsje we sels wol wat op. Bliuw fan ús, de Fryske wetterhounen ôf. Wy bin purbêste murdejeijers, we bin leaf, mar ek goed waaksem, tagelyk dierber foar de berm. We bin net stikken te krijen want wy lutsen eartiids de karren ek noch fan dy omtoarkjende bôlleferkeapjende Friezen.Wy bin it leafst bûten , ideale hûnen, de ienigste Friezen wer’tGerard vanKlaveren fan hâldt, hy hat der in boekje oer skrean. En at jo ús net goed fersteane, we bin net siik, it is gjin ferkâlden geblaf, mar Frysk geblaf. Dy kommisjefoarsitter sil it wurd dan jaan oan Marianne Thieme, omt er sels net blaffe kin, en sy wol, mar sy wurdt troch de wetterhounen opfretten, at je tsjin ljipaaisykjen  binne, en dat is se, dan bin je tsjin Fryslân en dus tsjin wetterhounen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s