Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

02 02

 

Ik moat earlik sizze ik hie net oanTom vanMourik tocht. Teminsten net as waarnimmend

boargemaster fan Menameradiel. Earder yn Harns. Dus is Jorritsma syn need heech en moast hy nedich wat oan Menameradiel dwaan. Oars rint dat alhiel de ferkearde kant út fansels. Want Gerry van Delft hat der in hiele tiid sliept. Se is in echt leave frou, mar hie op it lêst skjin har nocht fan dat ferdielde gedoch yn har ried, se koenen noait in kant op. Se wie wurch, deawurch, hie  ek neat mear yn portefeuile. En dat is gefaarlik foarTom vanMourik, altiid striidber. Inkel al mei it hin en wer reizgjen nei Flylân wêr’t hy wethâlder wie, gie in soad tiid om, mar Tom siet op’e boat mei de noas yn de stikken. En no hat er inkel de algemiene bestjoerssaken, plysje, brandweer en de foarljochting. Krekt in heale dei wurk, mear is it net. Hy soe it fraksjefoarsitterskip yn de VVD yn de steaten, dat er no ek hat, der maklik by dwaan kinne, better, want hy is fan Zweins hurder yn Ljouwert as fan Flylân. Mar ja, der sitte gjin boargemasters mear yn de steaten dus der sil der ek wol útgean. No ja Jorritsma hoecht net oer syn fraksje yn te sitten, Aukje de Vries nimt dat muoiteleas oer, dy is miskien noch wol sriidberder as Tom, it soe bêst wêze kinne dat de VVD noch wat mear yn de contramine komt tsjin PvdA en CDA. Mar Tom syn polityke karriere , begûn in de VVD fraksje yn Ljouwert , al gau útgroeid ta wethâlder, is foarby. Tom hat no in hiel oar putsje. Sju, syn âld kollega wethâlder Gerrit Krol, dy sit al tsien jier as waarnimer yn it Bildt. No ja sa fielt it, hy is der 2010 kaam. Mar waarnimmers bin toch foar in pear moanne. Nee, mar Fred Crone sit Jorritsma hieltiid te seuren om Ljouwerteradiel en Menameradiel. En Krol hie de hiele Middelsee dêr hinne triuwe moatten. It slagget him net, en no moat er stipe ha fan Van Mourik. Mar it is allegear net sa maklik, dy Boertjens yn Ljouwerteradiel hat ek al sein, de ried stjoert de oare kant op, boargemasters moat yn it genyp wrotte om der ûnderút te komen. En Boertjens en Van Mourik sitte no ienris mei dy twa bombasten dy’t yndertiid gemeentebelangen oprjochte en benammen grut makken, Reitse Ketelapper yn Ljouwerteradiel en Willem Roersma yn Menameradiel. En beide âlde mannen meitsje dêr noch de tsjinst út, en se bin sa tsjok, je ferskoue se net samar. No dat is dus wol de taak fan Van Mourik. Hy moat fia wethâlder Lute Pen fan Menameradiel Willem Roersma ferwrikke, yn goedens of kweadens,  dan ropt Menameradiel ynienen we gean nei Ljouwert en ja dan stiet Boertjens laitsjend mei de hannen omheech, ik kin net oars, wy moat ek. Mar it is it wierskynlikst dat Van Mourik om Roersma hinne giet, da’s wol in ein rinnen, want hy is wat bredich, mar dan komt er út by de VVD fraksje dêrre en dy moat partijgenoat Tom dochs om krije kinne. Dan is de mearderheid yn de ried ek om en dan giet it los. Do lulst út dyn nekke Lok, der is allegear neat fan wier. Dat betinkst allegear mar. Ja, mar at it net wier is, liz my dan ris út werom atTom vanMourik nei Menameradiel giet. Keapet dy dêr in hûske, falt yn sliep en komt der allinnich út at alle boargemasters fan Fryslân efkes netwerke? Wylst at er it net dien hie hy wierskynlik oer in pear jier deputeare wurden wie.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Beste Eelke,
    Ik bin wat let want ik wie efkes yn Frankryk om wat te verfjen
    Ik fyn it bysonder das’t do nei al dy jierren Reitse en my dochs nog steeds foar fol oansjogst Ja wij fjochtsje foar us plattelan dat bliuwt sa
    We hawwe best wol realiteitssin en bliuwe wol mei beide fuotten op e grun De commissie van wijze mannen hiene se net hoegen te beteljen want dat selde model hie ik ek al skreon yn Te Gast yn e Ljouwerter krante. We dogge earst mar wat die lju sein ha en we sjogge wol wat d’r ut komt. Reitse en ik litte elkoar drekt net falle
    As alles mislukt kinne we altyd nog een oaljering om Ljouwert lizze….
    Ha Ha Menameradiel Ljouweteradiel en Tiettjerksteradiel…..
    en dus trye vvd boargemasters … van Mourik , Boertjens en Ter Keur
    groetnis,
    willem roersma

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s