Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 02

 

At krekt Wilders no in nasjonale feestdei fan de Fryske alvestêddetocht meitsje wol, dan hoecht dat foar my net mear, dan is it feest al bedoarn. Ja sorry hear, ik moat earlik wêze, ik kin neat oars op papier krije, ’t is inkel iis wat de klok slacht. Dat sit no ienris yn it holtsje bewolle. Ik kin der ek oeren oer fertelle en oer fertelle litte. Wy ha fan de ferslachkant 85, 86, 87 krekt net, 96 krekt net, 97 meimakke, we ha sawat alles heard. Mar ek al dy minsken dy’t de rûte klear makke ha, dy’t de woarst ferkochten, de toerriders, it publyk, se witte it allegear noch en se kin der wat oer fertelle. Dus it is net sa raar dat je op de doele binne, dat is elk. En benammen de lju dy’t 63 yn’e baan of der omhinne wiene, dy ha fansels helendal ferhaal. Yn 1963 siet ik op skoalle yn Drachten ûnder de dictatoriale lieding fan Ulbe Durk Hannema, dy’t it doe bestie de nasjonaal kampioen koartebaan Arjen Dykstra fan Nij Beets dy’t yn de fiifde en eksamenklasse siet te ferbieden mei te dwaan oan de alvestêddetocht. Ferbiede, Arjen liet it him ek noch ferbiede. It hat de ienigste dei west yn myn skoalhistoarje dat ik spijbele ha. Wol sprekbeurten op skoalle ha oer de alvestêddetocht en him dan net  belibje meie. Kom no. Tolve jier letter kaam ik by Omrop Fryslân en frij gau al hearde ik fan Rein Jonker dat op Earste Peaskedei de maratonriders fan Hearenfean nei Ljouwert fytsten yn in soarte beafeartstocht nei it byld fan de alvestêdderider by de Frieslandhal doe. Se klommen der dan op om, tuten dat ding en wat al net en fytsten dan wer nei Hearrenfean. Beafeart omt it sa lang duorre foar’t der wer in tocht kaam en Benny van der Weide en sokken dy wiene de top fan Nederlân yn it maratonriden, dy woenen noch wol efkes. Mar hy kaam mar nea. Ik ha der dus earst ien kear west, ynterfjoetsjes opnaam oer de beafeart, dy’t neat úthelle. Doe sei Jeen van der Berg, do meist oare jier wol wer komme, mar dan moast kofje meinimme. Dat ha’k 15 jier folhâlden. Doe hie yntusken de beafeart al sukses hân, al wie’t te let foar Benny. Mar de ynmoed wermei dy mannen elke kear oer de alvestêddetocht praten sil ‘k nea wer ferjitte. Op it lêst kamen de froulju ek noch efkes gesellich yn it autootsje nei Ljouwert, mar ik doarde se net oan te sjen. Want it like krekt oft dy manlju dy alvestêddetocht wichtiger fûnen as harren froulju.

En dêrom begryp ik sa goed wat dy echte goeie reedriders en reedriidsters fan Fryslân no fiele. Ja fansels makket Jorrit Bergsma in kâns nei de OS gouden medalje op de10 km, mar sa’n kloaterich World Cupke at der ek in alvestêddetocht riden wurde kin. No hat Jorrit in goede kâns yn de alvestêddetocht, ik ha noch noait immen sa ligen sjoen doe’t er sei dat er Arjan Stroetinga net losride koe moandei yn Hylpen. Marrit Leenstra hat gjin kâns. Se stie as jong famke oan de doe noch sterke Luts en waard dertroch nei it iis, nei reedriden lutsen, hellet no grandioas de wrâldkampioenskippen yn Moskou, mar se tinkt, ach lit mar. Meidwaan …………. aaaah dat is foar in reedriidster toch alles. Sels Sven Kramer sei in pear jier lyn tsjin my, at de alvestêdden komt doch ik mei. En at der in alvestêddetocht komt, tink ik dat Sven, ek al wol syn bazen it net lije, dat er de alvestêddetocht riidt. Want sju Sven soe de bêste reedrider fan de wrâld ea wurde kinne, wer’t de minsken letter mei grutte achting nei sjogge. Mar dan komt Sven yn Fryslân wer werom mei tsien gouden medailles, 7 wrâldtitels en 37 oerwinningen op de5 km, en dan treft er foar in fytstraininkje sokke jongens  as Douwe de Vriesen Jorrit Bergsma. En dy gnize him dan út en sizze, al hoe grut ast bist yn it reedriden, do hast noch noait in alvestêddetocht riden.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s