Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 02

 

Der gean in hiel soad sjoernalisten nei de parsekonferinsje fan de alvestêddetocht om te fertellen hoefolle sjoernalisten at der wolnet binne. Dus komme der hieltiid noch mear sjoernalisten om te sjen hoefolle sjoernalisten der wol net binne dy’t sjen wolle hoefolle sjoernalisten der wol net binne op sa’n parsekonferinsje fan de alvestêddetocht. Ah it naulettende harkerke hat gelyk, da’t hyt no in fisieuze sirkel. It alvestêddebestjoer regelt dat de tocht troch de NOS útsjoerd wurdt en al dy sjoernalisten der nei sjogge, mar de parsekonferinsjes regelje se net, dus elkenien stjoerd itselde út. Yn de seal dus 17 kamera’s, 38 mikrofoans en mear as 150 sjoernalisten. We bin yn Fryslân oerwuolle fannewike mei media. Ik ha my ferraast, al dy rayonhaden dy’t der ynkamen mei de giele rayonjassen oan, waarden daliks frege troch allerhande fakes fan yntenetstasjons mei in mikrofoan : waar bent u rayonhoofd en wat is er bij u mis, foardat se noch mar in wurd sein hienen tsjin baas Jan Oostenbrug. En se joegen ek noch leaf antwurd. De rayonhaden dy’t de jas tus litten hienen ademen wat frijer, mar se kamen ek noch yn de parsekonferinsje en no ja, doe stoarten al dy mikrofoans en sjoernalisten har op de rayonhaden. Moaie Fryslân promoasje dochs, want elkenien fynt dat Wieling it hiel goed en oprjocht dien hie, en dat Fryslân it samar klear hie om mei frijwilligers en it leger it iis te liif te gean. We kin wol wiken grutsk wêze op ússels. Ja fansels, de hiele simmer sil Balk heare moate: hier kon het niet. No en rayonhaad Auke Hylkema, sneon troch it iis en dernei konstant yn de media oan it wurd, dy wie foarljochter by de gemeente, dus dat docht him sear en hy moat no komme mei hoe’t Balk him no profileare moat. Sawat as: mar fierder kin hjir alles. En Wâldsein, moat him profileare mei : militêren bin net genôch , we wolle hjir ek minsken ha. Nee, ik hie’t der justerjûn mei boargemaster  Crone  fan Ljouwert oer, dy’t mei de CdK noch efkes binnenkaam: hy sei: we litte toch sjen as Fryslân dat we der wol gefoel foar ha, dat we wol wolle, en dat hjir wol wat kin. Mar doe’t ik efkes mei  Mart Smeets oan de taap stie fertelde dy my dat der yn de kommentaren en reaksjes yn it Friesch Dagblad de meast ferskriklike dingen oer him sein waarden. Hy soe sein ha dat de elfstedentocht te kommersieel wurdt. Se ha net goed harke. Hy sei dat er bliid is dat it alvestêddebestjoer goed docht troch noch hieltiid de kommersje bûten de doar te hâlden. Mar it Deiblêd begjint te skellen, en dan skelle de Deiblêd lêzers mei. De âlde Smeets wie suver wat yn de betizing oer wat in kristlike krante him oandie. Dus hy waard justerjûn suver wat ekstra lyrysk oer it âlvebestjoer en de  Friezen. Hy liet Wieling de lêste striehalm beetkrije, yn  it Frysk: op âld iis wol it it bêst frieze. En hy prate oer oprjochte Friezen doe’t se him fanút Hilversum narren om Fryslân efkes del te sabeljen. Mar noch hy, noch wy, noch wa dan ek koe begripe werom at krekt as by Contador op de parsekonferinsje de sjoernalisten begûnen te klappen foar it alvestêddebestjoer. Dermei krige ek de rest fan it spul fan rayonhaden oant en mei sniefegers oant en mei wa dan ek, ja eins hiel Fryslân, dat krige dêr in applaus fan de sjoernalisten dy’ t hjir efkes fjouwer dagen it fjûr oanmakke ha. Of sa’n famke fan de Wereld draait door wat ik wat holpen ha. Dat hiel ferlekkere sei, doe’t ik ôfskied naam, maar ik mag deze zomer toch even komen, ja hè heerlijk, wat mooi. No ja, dat ha we wûn.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s