Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 02

 

Ik soe’t de hiele wike oer iis ha, no dan hjoed mar oer iis ûnder dak, oar iis kin wy hjir net goed regelje. Sorry, Jan Oostenbrug, grapke. Thialf dus. It like eindelik klear te wêzen. Deputearre steaten en b en w.  fan Hearenfean giene mei, de ried fan Hearenfean gie mei, Thialf nij boue byu it Abe Lenstrastadion, in skitterjende mar net iens oerdreaune topsportlokaasje mei in sa grut mooglik rekreatief gebrûk. Dus eindelik like it proses los te gean, sels Ljouwert koe der moai by ynboud wurde. Mar no seit de steatekommisje nee. Ulften. Sunige mi……lju.  It kostet fierstentefolle jild. En jim ha ferdorie jild sat,  jim sil net beleve dat it op is. Jim ha in miljard bard foar de Nuon. En jim witte by God net wêr’t jim mei de sinten fan de suderseelijn hinne moatte.  It moat net by it Abe Lenstrastadion. Natuurlik moat it dêrby. Jim ek, en al dy oaren  ha Sportstad Hearenfean opsetten om in moaie, goeie, hielendal net útwrydske sportakkommedaasje del te setten. Alle foarsjenningen dy’t dêr dan bykomme kinne, oant in hotel foar de sporters en oaren, oant en mei firtuele sporten foar elk dy’t mar wol, miskien komt ús nasjonale fryske reedridersmuseum der ek noch te stean. Dêr moat Thialf by. It âlde Thialf kin wol wat ferboud wurde. Nee, nee, nee dat is al twa kear ferboud en it sjit gjin sodemieter op. Je sette in doar iepen en it waar is op it iis, no freegje Jan Oostenbrug mar wat waar mei iis dwaan kin. Dat hâldt ek net op by in nij dakje. At jim no jild fuortgoaie wolle, dan ferbou jim dat âlde Thialf. Ljouwert moat ek wat ha. Ja, Ljouwert moat ek wat ha. Mar dat is in apart ferhaal. Jim wolle toch net ynienen de topsportlokaasjes fan Hearenfean nei Ljouwert ferskoue. Ljouwert wol in hiel ienfâldige goedkeape iisbaan. Folslein rekreatief.

No ja, sa kin we wol trochgean. Mar it slimste fyn ik dat , krekt yn de wike dat we yn de alvestêddekoarts sieten , dat we de wrâld sjen lieten dat we in oar slach folk binne, dy’t ree binne om mei de hân200 kilometeriis skjin te meitsjen foar 16.000 reedriders, dat we alles en alles oer ha foar reedriden, dat we jankend it net trochgean fan de alvestêddetocht belibben, net om de sinten of de goeie pr dy’t we mis rinne, nee we ha reedridersgefoel. We bin it mulpunt fan leafhawwers foar it reedriden. En dat dan sa’n kloaterige steatekommisje, mei de PvdA foarop , krekt docht of bestiet dat net. Dom, dom, dom. Sûnder in inkel gefoel foar it gefoel wat Friezen mei reedriden ha. Ik ha myn hiele libben op de PvdA stimt, ik doch it  net mear, en ik sil elk oproppe dat ek net mear te dwaan.

Der is mar ien oplossing. Sju dy Suderseelijn woe froeger ek net ien ha. Mar dan namen se de net-wollers mei nei Dútslân wer’t sa’n stikje trein ride, en dan wie it sa dat elk dy’t der ynsiet ynienen om wie. Dus moat Hans Konst at er der noch foar stiet, mar hy skytskoarret my ek te bot, trochpakke. Swylje dy steateleden op, kwak se yn it fleantuch, gean der mei nei Astana yn Kazachstan, riidt dêr nei de iisbaan. En lit se alles sjen, de technyk, it gebou en de kosten, de eksploitaasje. Fertel de PvdA fraksje dat in nij Thialf sântjin kear mileufeiliger as it âlde, wylst der 300 persint minder enerzju brûkt wurde hoecht. At it dan net om it jild giet, dan soe dat miskien it argumint wêze. Ik bedoel, jim witte toch erk wol dat guon nije saken m ei folle mear rendemint wurkje. No ja efkes sjen litte, miskien mei Jouke van der Zee en Omer Kaya der ek noch wol efkes ride. Dan gau tús komme, mar ik tink dat op de weromreis Thialf al boud wurdt njonken it Abe Lenstra stadion. Sa net, trochfleane nei Siberië en dump dêr it hiele soadsje dan mar.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s