Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 02

 

It is hjoed Valentijnsdag. En eins moat je it dêr yn sa’n serieuze kollum net oer ha, mar it is nedich dat ik der efkes twa dingen oer sis. Eindelik krijt Valentijnsdag minder omtinken, útsein by Omrop Fryslân, omt alle gewoane minsken sa linkendewei yn’e gaten krije dat it in kommersieel gedoch is, wat net by ús past. Dat betink ik net, dat hat ûndersyk útwiisd. Ten twadde, at no sokke organisaasjes as de Fryske Miljeuried, dy’t je dochs aardich heuch hiene, Valentijnsdag brûke wolle dat elk safolle mooglik Valentijnskaarten nei Mark Rutte stjoerd, om oan te jaan dat alle gebieten graach wat leafde fan him ha wolle, ja dan wurdt it tiid dat Valentijn ôfsketten wurdt en tagelyk de Fryske Miljeuried ophong wurdt oan de heechste noch besteande  beam fan Fryslân. Mercurius hinget dêr al, mar da’s spitich. Mercurius is de lokale omrop fan Ljouwert, en no klinkt lokale omrop net sa oertsjûgjend, Mercurius wie dat altiten wol. Rûchwei kin je sizze, dat Omrop Fryslân sa’n 30 persint omtinken besteget oan Ljouwert. Fan dy 30 persint makke Mercurius 100 persint en der wiene minsken dy’t dêr no krekt ferlet fan hienen. Prima. Yn de tiid dat ik by de regionale radio kaam wie dat al in professioneel bedriuw. Likegoed ha we wol sa’n 20 jier wrotte moatten om in bytsje yn lykweardich oansjen te kommen by de lannelike omroppen. Se koenen it yn Hilversum allegeare folle better fûnen se sels, hienen ek mear sinten foar de programma ‘s en dat woenen se ús net ta ha. Wy frieten nammentlik oan harren sifers. En se koenen hielendal net oer Omrop Fryslân dat it yn eigen taal die en dêrtroch in soad belangstellig hie yn dizze provinsje. En dat wy hjir sa no en dan merklieder wiene, bygelyks at der nei it sportprogramma fan Omrop Fryslân yn Fryslân mear minsken harken as nei Langs de Lijn, ja dêr koenen se net oer. We ha wat ferneare moaten, mar bin der boppe út wrotten. En doe ha we ek tsjin elkoar sein, sa moat wy nea tsjin lokale omroppen dwaan. It is gjin fergelyk, wy bin professioneel, sy bin frijwilligers, se moat moai har programma’s meitsje en at minsken der nei harkje en letter ek sjogge, prima. Wy dogge ús eigen wurk, wy sette ús net ôf tsjin de lokalio’s. Elk giet syn eigen paad. Moat kinne. Mar no blykt dat de gemeenten de finansiën werom lûke, en no wurdt it minder foar de lokale omroppen. Tsja,  no soene je miskien dochris sjen moatte at je elkoar wat stypje kinne, want ek Omrop Fryslân krijt gâns minder fan de provinsje. Wylst de harkers en sjoggers tús dochs ferlet ha fan de programma’s dy’t útstjoerd waarden. Der bin allerhande foarmen  fan gearwurking mooglik, te yngewikkeld om hjir te fertellen, mar je soene in raamprogramma fan Omrop Fryslân ha kinne wat je sa no en dan op eigen lokale wize ynfulle. Mar je soene ek oer gebrûk fan materiaal en ark wat mienskipliks dwaan kinne. Jûn dan prate se yn Ljouwert oer de takomst fan Mercurius, hoe moat we fietrder. It is miskien goed dat de lokale omroppen ek ris oer de eigen grinzen hinne sjogge. Mar at we al om de tafel komme, der is ien eask. En dat moat we fan te foaren op in papier tekenje, wy en de lokalen. We moatte mienskiplik  ûnderskriuwe dat we nea wat dwaan sille oan Valentijnsdag.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s