Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

15 02

 

Wy Friezen, wy witte faak net goed wat we mei bepaalde byienkomsten oan moatte. Dêr ha we gjin gefoel by. Sa hie sc Hearrenfean moandei net yn’e gaten dat se hielendal lekker ûnder de foet rûn wurde soenen en allegear positieve publisiteit krije soenen sadré at se seinen wa’t de nije trainer waard. Hearrenfean woe dat earst net sizze. We krigen berjocht, om fiif oere ha we in parsekonferinsje. No witte we allegear wol dat se dwaande wiene om in trainer te sykjen  foar it oare seisoen, mar we wisten fan neat. Der stie net yn dat berjocht dat it om de nije trainer gie, lit stean wa at it wie. De parsekonferinsje soe ek gean kinne oer wa’t yn april de nije foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen wurde sil. Of dat no ek Voetbal International, nei wat Van der Gijp en Derksen freed sein ha foar de tillefyzje oer Robert Veenstra, net mear wolkom is yn it oars altyd sa gastfrije Abe Lenstra stadion. Of Assaidi dochs noch foar 20 miljoen nei Ruslân. Pas doe’t de LC in gokje weage en Van Basten op ynternet sette, doe kaam de stream los, en doe’t it fiif oere wie, wie Wiebe Wieling al hast ôfgeunstich, safolle media. En troch de syddoar kaam haadsponsor Unive al mei in nij kontrakt yn de hân der yn kuierjen, tekene en al. Tûzenen sponsors dy’t liken ôf te heakjen kamen wer werom, kommersieel direkteur Van Erve hat gjin tiid hân om op bêd te lizzen, it streamde ta. De publisiteit oerstreamde Hearenfean, ynienen krigen se troch dat de namme Van Basten in kommersieel produkt is. No ja en dat sterket Hearrenfean fansels, want de finansiele posysje is no noch net daverjend. Mar dus moat je alles útnutte. Eredivisy Live, en dêr  bin se by Hearrenfean grutsker op as op Omrop Fryslân, wie der  net iens, wie ek net efkes op de hichte brocht, en der sjogge toch in soad minsken nei. En it wie o sa posityf allegear. Der waard al mompele troch Van Basten dat at Jans no noch efkes Champions League helje soe dat it net raar wêze soe. At er dat rêdt, hat Ron Jans dat dien mei al dy oare jongens by Hearenfean Klompe, Jansen,  Talan, Herder, Rekelhof, vd Sleen, de Haan, de Jonge. Mar ja, dy sizze kommersieel neat. Van Basten wol. San Marco stiet der op twitter. Ik bin no al  benijd nei van Basten syn earste training, wierskynlik yn it stadion mei 26.000 man op de tribune. O en wreidzje dat stadion no mar út, kin wol hear. It toverwurd Van Basten iepent alle beurzen. Al mei om my de eufory wol wat yndamme wurde. Ikoon, Superstar en wit ik net wat. It stiet lijnrjocht tsjinoer Foppe de Haan syn miening, van Basten is suver in bytsje in Fries.

Hjoed ha we noch sa’n frjemde gearkomste. Op it gemeentehûs fan Drachten sis mar Smellingerlân krijt in Fryske skriuwer de Rink vd Velde priis. Neat mis mei. Allinne it begjint om fjouwer oere. Dat betsjut by elkoar komme , priis útrikke,. Nieske Ketelaar de wethâlder docht dat, moai ferhaal, Nieske riedt har altyd goed ta. suderanske en dan is it wer dien. Mar, de gemeente Smellingerlân sis mar Drachten dy’t

de priis útrikt hat fiif minsken nomineard, mar net ien wat sein. Toch hat de sjury al besletten wa’t  de priis krijt. Mar Hidde Boersma, Ferdinand de Jong, Bart Kingma, Margryt Poortstra en Willem Schoorstra moat allegear komme. Mar ik kin  fannemoarn net in moai ferhaaltsje hâlde oer de winner, ik wit it ek net. Der komme fiif minsken , allegear  mei de eigen famylje en fans. Dan komt de rede, it winnende jild yn in envelopke, de blommen en  de tuten. Foar ien fan de fiif. En de oare fjouwer, tsja, dy stean der foar lul by.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s