Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

16 02

 

Joop Doevendans. Snitser yn ieren en sinen. Koartwei sein Doef. Of Doefke. Sa hiet syn boat ek. Doef. In koosnamke wer’t syn broers Theun en Karst net oan ta kamen. En dochs wurken se altyd mei syn trijen yn harren eigen drukkerij. Mar se wienen gjin drukker. Se wienen  fan alles. Advertinsjesamlers, útjouwers, handige jonges, in bytsje mear bluf as oaren. Mar se stienen net inkel midden yn de drukkerij, se stienen foaral noch midden yn Snits. Je koenen yn Snits hielendal neat regelje sûnder dat je dy mannen der by belutsen. Karst wie de man fan it fuotbaljen, de foarsitter. Fan de sneinsklub Snits. Dy klub is sa yn ferfal rekke dat fuseard wurde moast mei WZS, mar yndertiid, tsjonge ien fan de topamateurklubs fan Nederlân. En Karst troande as de kening oan de grutte tafel. Yn de kantine en prate elk gatten  yn’e bealch. Dêr wiene se alle trije nochal sterk yn. Hy prate ien kear tefolle mar doe wie der yn Emmercompascuum by WKE en doe sloegen se him alle tosken út’e mûle, no ja dan ist praten efkes oer.  Fansels wurken der ek wat fan dy fuotballers by de drukkerij, sa dienen je dat. En doe’t Snits Hubert-Snits waard, siet Karst ek daliks yn de kommisje fan de KNVB dy’t de stêds- of klubnammen feroare yn kombinearde sponsornamen. No ja fierder siet Karst oeral yn, hy hie op in stuit 45 funksjes. Fan sportried foarsitter oant Drukkerspatroon, fan de iisklub Friso, hy koe net in streek ride, mar organiseare o heden, oant en mei it folk wat it stânbyld foar Gerbrandy delsette. Theun wie wat stiller, mar yn Drylts al de oprjochter fan in polityke partij doe ’t it wurd gemeentebelangen noch net bestie, Vrije Kiezers. Letter kaam hy yn Snits werom, die doe ek wer fan alles fan jachthaven oant en mei fiskklub. Karst en Teun bin beide al ferstoarn.

Joop libbet noch, de âld alvetalslieder fan  Hubert Snits, de gongmakker en foarsitter fan de volleybal Avero Olympus doe ’t de klub  heech stie, sawol mei manlju as froulju. Mar hy die ek fan alles yn de wettersport, waard sels Panskipper, de heegste ûnderskieding foar in Snitser,  siet yn it skûtsjesilen, oant en mei de SKS, en organisearde allerhande festiviteiten yn Snits, hie goed kontakt mei de artiesten, de revenuen wiene foar de ûndernimmers. Mar Joop gie ek by de bejaarden op besite om mei de Sjoparade op te treden.

Der  barde neat yn Snits, of dizze trije mannen wiene der by belutsen. Wat ik noait ûntdekke kinnen ha, wat dizze minsken dreau. Werom dienen se dat. Alla, dy Snitser ûndernimmers bin allegear wol in bytsje sa, it moat gesellich wêze, it moat goed organiseard wêze, we moat it mei ús allen dwaan, mar der moat ek wat jild foar elk oerbliuwe. No de Doevedansen koenen dat by útstek, sels de oaren fûnen it wolris útwrydsk.

No ja en hjoed komt der dan in boek út, dat dêr oer giet. It is skreaun troch Henk van der Winden, de âld foarljochter fan de stêd. Hy hat it skreaun nei oerenlange petearen mei Joop Doevendans. No en ik wit hoe’t Doevendans praat, dêr is absoluut net tusken te kommen mar ek net in tou oan fêst te knoopjen. Want de Doevendansen ha de neiging harren eigen rol wat minder wichtich te meitsjen as at dy wie. En dy wie heel wichtich want sy kin minsken opruie om mei te dwaan, om like entosjast te wurden. Dat boek komt hjoed dus út. Achter de schermen van de Waterpoortstad. Dat is de titel. Dat is om oan te jaan dat se graach achter dy skerms stiene, wrotten, mar dêr socht de hiele stêd ek hieltiid om harren. En doe koenen se net mear oars.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s