Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

17 02 12

 

Goh, wat kin we in fleurich wykein temjitte sjen, net. Jûn al Hearenfean-NAC. De hillige Marco van Basten rint earst trije rûntsjes nei it publyk te wiuwen, 26.000 man stean in oere oerein en sjonge “Marco is in echte Fries”. De spilers fan Hearenfean ha sa de guit krigen, dat se noch foar de wedstriid allegear bytekene ha foar in leger kontrakt. No en dan spylje se dat NAC toch fuort, jong, pfoe.

At Pyt Paulusma aanst syn waarberjocht dien hat om healwe achten giet er nei it karnaval, en dan bliuwt er fjouwer dagen fuort, geweldich. Hielendal giet er op yn dat karnaval. Hiele stêdden monkelje oan ien tried wei troch at se it lêste bierblikje omheech rikke, oaaant moarn. En wy fiere it sels ek, ja dat kin we goed, net te leauwen. Wat kin wy dat goed, fan Blauhûs oant Bontebok, heeeu, heeu.

Wy helje Sint Piter yn, yn Grou. Ynienen ynternasjonaal erfguod. Altyd miend dat it kommersieel wie, nee it is erfguod. Histoarje Lok.

En dan lit we lêste wiken ek noch efkes yn ús omtoarmje, krekt as ferline wike sneon gean we allegear nei Hylpen en sjogge dêr hoe’t de iisbulten it hûs fan dykgraaf Van Erkelens yn wrotte, bestand tsjin wetter, mar net tsjin iis dat kroadet. Waansinnige fertaling. Kruiend ijs, kroadsjend iis.

No ja en yn Moskou wurde Sven en Ireen wrâldkampioen. Sa’t it heart, friezen bin de absolute top. Watte, wy stean yn alles, San Marco, Saint Piter, Prins Paulusma, de iiskening, gean mar troch, boppe oan yn de wrâld.

Ho. Nee. Top? De top is ynsmard mei in aardich gliidmiddel. Hjoed tsjinnet foar de Raad van State, dat it al of net ferbearn is dat bûtenlânske minsken in tiidsje wenje yn rekreaasjewenten yn Tsjommearum. De gemeente wol it net ha. Je kin it je net begripe, wa wol o as rekreant nei Tsjommearum ta. Der  bin toch wol in pear hûndert idealere plakken. Yn Fryslân, ja. Dus at de stifting fan dy hûskes no in pear bûtenlanders fynt dy’t hjir staazje rinne of sa, dan kin dy dêr toch wol efkes wenje. Of moatte dy earne yn efterôfkeamerkes fan twa by ien yn Ljouwert. En fansels wit ik ek wol, dat dy stifting de boel besodemietert en dat dêr ek wol ris in pear Poalske frachtweinsjauffeurs of Roemeenske túnbearneplukkers ynsitte. No en. Sa lang at se net ien kwea dogge. Ja it is goed fraachtekens te setten, mar lit oerlis dêroer dan sa no en dan plak fine en goai it net foar de Raad van State. At it om in moai blond frommiske gie, hie der net iens oer praat wurden. Moai dat sa’n famke plak hat. Mar is it ien dy’t der donker, of oars útsjocht en net goed te festean is, fuort. Hup. Op nei it meldpunt fan de PVV, dan ha we se samar fuort. Want sa bin we yn Nederlân sa linkendewei wurden: tsjin oars kleure, oars tinkende, oars leauende bûtenlanders. Ferrassend wie dêrom dat it bûtenlân noch earder as Nederlân op dat meldpunt ynskeat. En dat Rutte, ferdwaald op wer in itentsje yn Berlyn, hy wat hieltiid wat dikker, it net goed ynskatte. Dy hat hieltiid al wat fan, lit de media mar mei Wilders rêdde dan doch ik it lân. Mar dyselde Wilders hat no sein: in ferleging fan de ûntwikkelingsgearwurking oars wol ik net oer besunigingen prate. Dy stelling is krusiaal. At we it meldpunt tolereare en de help oan it bûtenlân ôfkappe, wat bin we dan noch foar Nederlanders. Dan mei wy ek net iens mear op Tsjommearum wenje.

 

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s