Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 02 12

 

Ferline wike ried ik troch de súdwesthoeke en it skeat net op. Suver al wat ûngedurich seach ik nei de auto dy’t foar my riidt en gjin auto wie. It wie in camper. Efterop hongen twa fytsen. Dy minsken wienen  op fakânsje, de earsten. In fersichtich sintsje kaam efter de wolken tefoarskyn. Oer de greiden  luts in read waas. Dat ha je altyd nei wat froast. Mar hjir en dêr begûn it heldere grien al wer te skitterjen. Kloften guozzen kamen út it súden wer werom, yn twa trije dagen wienen se wer by it lekkerste fretten fan Europa, Frysk  maitiidsgêrs. Tús ha’k noch in oerke stil foar it finster sitten, twa klysters sieten elkoar al wat boartlik efternei, as as wie it nestje al boud yn de grutte hage. De apenuten dy’t ik ophong hie en yn de snie drok befretten wienen hongen treasteleas oan de goate. Oprêdde en de tegels efkes oanfeije. Ik gie nei bûten en snúfde, maaitiid. Hearlik. Watte, salich.

Ja, dat jild fansels net foar elk. Der bin ek lju dy’t soargen ha. Nee, ik ha’t net oer it keningshûs, net oer Rutte, net oer it CDA yn hiel syn omfang, net oer Cohen, al moat Lutz Jacobi der al om tinke net al te bot efter Cohen stean  te gean, want dan waait se aanst ek fuort, nee ik wol ’t ha oer wat maaitiidseftichs, en no ha dan  ik ha’t oer de provinsje Fryslân en de no noch gemeente Boarnsterhim. Dy ha soargen oer ien fan de moaiste hoekjes fan Fryslân, it eilantsje de Bird  by Grou. Eartiids yn de 70 er jieren sieten dêr 11 boeren op en  sa’n twa trije rekreaasjewentsjes. Mar der moast dus in pontsje oer it PM kanaal farre om alles hinne en wer te bringen, oant en mei de molke. In djoere pont. Dus, in soad geâldehoer, doe noch Idaarderadiel hie noait jild en doe sei de provinsje op it lêst, no’t is in provinsiaal kanaal, dan betelje we mei. Mar no wurde de sinten wer minder, op it eilân sit noch ien of twa boeren en in soad rekreaasjelju, en de gemeente en provinsje wol eins wol foar minder kosten dat pontsje farre litte. Benammen de fearlju kostje noch al wat en de pont is frij grut. Der moat ek noch auto’s op kinne fansels, dy’t molke ferfiere, no dy wurde alinne mar tsjokker. En dus ha gemeente en provinsje jûn in gearkomste yn de Vrijheid yn Grou om tegearre mei de oplieding jachtbouw fan de NHL te sjen as der ek goedkeapere, duorsemer, enerzjysuniger en miljeufreonliker alternatieven te betinken binne. Folkomen ûnbegryplik dat de provinsje meidocht, dy kin him der nammentlik no al ôfsette, want se ha’t kanaal oerdien oan it ryk. Dus minister Schulz moat ta de ponge, mar dat doare se net, want dy smyt dy hiele pont der út. Dy boeren en rekreaasjelju moat sels mar wat betinke. No ja en dy komme dan dochs wer by de NHL. No witte dy ek net hoe’t it moat dus elk mei jûn mei in idee komme. No de earsten sizze tunnel. Nee, te djoer. Smeller pontsje, ja dan donderje dy frachtweinen der ôf. Automatysk pontsje. Te gefaaerlik, dy grutte skippen farre sa hurd. Jûns net oersette? Dus dy lju meie nea nei de kroech? In oan dizze tiid oanpast duorsem ding, smyt fierstentemin op. Nee ik tink dat de oplossing is om de âlde útsmiter fan dancing Twee Gemeenten yn Jirnsim, Jentsje Jonker, grutte Jentsje dêr del te setten en dy kwakt je dan ien foar ien oer de feart. Jentsje stiet mar oan ien kant sis jim? Wis, mar net ien wol wer werom.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s