Eelkesweblok

it each fan eelke

2 reacties

22 02 12

 

Jûn wurdt Roel Sluiter beneamd as waarnimmend boargemaster fan Harns. Dermei bin der no de twa wethâlders en ien boargemaster fan de PvdA, wylst de PvdA it koalysjeakkoard net iens ûnderskrean hat. Hokker idioat hat soks útfûn. Ja, dy ried sels benammen, mar we wisten al dat dy net doogde. De hiele polityk doogt net. Da’s ek wer net wier,  wy doge net. Want wy lit alles oer ús hinne gean. Wy klappe at Job Cohen de PvdA flagge fan Wouter Bos oernimt. Dan stottert dy man yn in diskusje efkes en we feroardiele him fuort ta de lijenswei dy’t er no twa jier folge hat. O wat ha se him fergriemd. En hy is noch gjin twa tellen fuort en der hat noait in yntegerder politikus bestien. Dat is net te ferwurkjen. Werom seit de Telegraaf en letter ek noch de NOS dat der wol 15 fraksjeleden tsjin Cohen wienen en sizze dy no allegear dat dit it meast ferskriklike is wat de PvdA oerkomme kin. Of der lige 15, of de Telegraaf liigd. Mar se ha dus mei syn allen in echte bestjûrder beneamd, litte se dy man polonaises foar de tillefyzje rinne. Dan komt de PvdA ien sit te koart en dan seure se allegear dat er net debateare kin. En de Telegraaf en al dy oaren dy’t der efter oan  sjouwe sizze dat ek. De lûdste razers wurde heard, wy leauwe it ek noch. Wy harkje ek net nei ynhâld. Wat hy seit is net wichtich, dan moat je by dy knauw-ûnsin fan Wilders wêze. At ik yn in gearkomste in kollega it skoathûntsje fan ús haadredakteur neam,  dan moat er my foar de harsus houwe. Mar fan Cohen wurdt ferwachte dat er in goed antwurd jout, mar tagelyk moat hy wol ynteger bliuwe. En at ynteger net genoch is foar de polityk wat foar soarte lju ha it yn dit lân dan te sizzen. No dat bin dan de sjoernalisten dy’t harren eigen wanstaltige ideëen as fêststeand de eter en krante yn smite. At Cohen seit ik ferdom it langer om my misledigje te litten troch Wilders en net ien wol my stypje, dan is de foarside fan de kranten ynienen in rouadfertinsje.Wylst se de man in dei tefoaren sels nei hûs ha woene.  Sjoernalisten ha as taak om te fertalen wat politisi fertelle oer tinken en programma, net oer wat se beter fûn hienen wat immen sein hie. Ja, ik wit bêst dat ik dat no ek doch, mar ik ha myn nocht.  Ik sykje ek yn de sjoernalistiek earlikheid,  yntegriteit. Dat wat Cohen sa folle mooglik oerein hâlde woe yn dy slangekûle fuld mei folslein gekke wylde stemkes dy’t allegear wat oars sizze en wolle. Wilders hat wûn. De VVD is net oan it bestjoeren mar oan it gedogen. It CDA is yn betizing. De PvdA is ferlern. Twa middenblokken wer’ t je op rekkenje koene bin opbârnd yn it hjoeddeiske polityke gedoch. Eins is it gjin polityk mear. Wy heare gjin  boadskip, sa lûd mooglik raze, leafst skelle, rache en wat al net, de Telegraaf efter je ha, efkes yn ’t regear, en dêrmei genôch jild oerhâlde sadat je fierder rêstich libje kinne. Op kosten fan dat gewoane folk wat je efter je krigen mei dat idoate gedoch. Job Cohen giet earder de rêst yn. It kin my gjin klap mear skele wa’ t se der no beneame, of wa’ t lieder fan it CDA wurdt. Ferlenne figuren. Je kin der fan te foaren inkel mar meilijen mei ha. De echte tinkers en politisi yn dy partijen sille har dêr net foar liene, dy bin te ferstandich. Dit lân sil de kommende ferkiezings ferskuord wurde troch links en rjochts, ik tink dat mar 30 persint fan de minsken stimme. It Belgyske rekord fan koalysjefoarming sil brutsen wurde. De poltiyk wurdt yntusken bepaald troch de Telegraaf en oanferwante media. De PvdA bestiet net mear. Ja inkel noch yn Harns. Al soe it bêst kinne dat Roel Sluiter ek  noch werom giet nei syn roots, dy’t yn it kommunisme leine. Dat jout mear leven as de SamsonPvda.

Advertenties

2 thoughts on “it each fan eelke

  1. Hew wel us mindere kollums fan dy lezen! MOAI!!

  2. Eelke,
    in top stik! Rjocht op’e kop fan it hjoeddeistige nijs.
    Knap bin dyn koarte ‘bloks’ measteniids wol, mar dizze is wer in útsjitter.
    Tank en sukses fierder.

    mei groetnis, Willem Politiek

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s