Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

23 02 12

 

Sels Fryslân kint de meast singeliere gearkomsten en barrens. Sa sil PvdA steatelid Ömer Kaya yn Snits fannemiddei Praat mar Frysk opblaaslippen útdiele oan winkeljend publyk. Om  oan te jaan dat je yn dy winkel wol Frysk of Snitters prate kinne. Ömer Kaya is tsjin Thialf.  Wit dus net hoe’t de Fryske befolking tinkt en fielt. Ömer Kaya moat de AFUK mar freegje om dy fryske kondooms en dan opblaasbere skamlippen útdiele, want dat skamjen past mear by him. Boppedat, wa’t yn de winter winkelpublyk yn  Snits opfiede wol ta Frysk, wit net dat elk dat dêr gewoan praat. Noch sawat: Yn de NHL yn Ljouwert is hjoed it einkongres fan it ynternasjonale ûndersyksprojekt HaSeGa . HaSeGa. Wit jim dat net iens? Healthy through Serious Gaming. Ja presies, hoe kin bejaarden  langer selsredsem bliuwe mei stipe fan serious games. Ja, ik wit ek net wat serious games binne, mar rekkenje mar dat de âlderen har yn allerhande kneukels bewege moate, dan falle se letter net mear sa gau leau ‘k. Letterlik: net de fokus op wat net mear wurket, mar de fokus op jesels krekt efkes oertreffe en at je dan net dea geane, dan draacht de striid fan dat spultsje op in positieve wize by oan sûn âld wurden. Benammen it Japanske Hebi hebi skynt geweldich te wêzen. En it ûndersyksprojekt hat laat ta de HaSeGa dûnsgame, in spultsje wat bestiet út de ballroomdance en de Thai Chi foarmendûns. Ik bin heel benaud dat der de earste jierren gjin NHL-ers yn de fersoargingshûzen komme meie. Unfrysk gedoch.

No ja en dan begjint hjoed ek in beurs, yn geef skamlippefrysk Event Groen 2012. Dêr bin allerhande barrens gearfoege wer’t je de rillingen fan oer de rêch geane. Je sjogge dêr de allernijste technologieën op it mêd fan ferwurking fan biomassa. Ik lear sa linkendewei dat bio wat mei boeren te krijen hat. Mar hjir sit Bioliquid, dat is “aanwezig op Groen 2012 om toe te lichten hoe extrusie ingezet kan worden om van laagwaardige biomassa een geschikt substraat te maken”. Kommersiele ûnsin. Mar der is mear. Je kin ek matchmake mei technologie-oanbieders. Dat bin gewoan ferkeaplju, hannelslju, dy’t jo guod oanpriizgje wat jo net ha wolle, net nedich ha. De ynfestearing is altyd djûrder as de opbringst, lit it earst mar gewoan hiem wurde. Sa sil se it dêr ek ha oer sinnepanielen yn Fryslân. No , dat moat wol sa goedkeap wêze. No dy ynfestearing ha je der de earste 15 jier net út hear. Dy earme Kinderman fan Ljouwert sil offisieel syn hantekening sette foar panielen, en de sinne skynt ommers noait yn Ljouwert. No en fierder giet it fansels oer it stimulearen fan it duorsum konsumearen. Dus it moat noch stimuleard wurde, it is noch lang net hiem. En dan kin je der yn it ramt fan Event Green 2012, geweldige nammen by betinke, as Club 2025 of Energy Valley oer noardelike enerjzy ekonomy en duorseme ynnovaasjes, it wurdt der net better en begrypliker fan. Hjoed komt Hans Konst ek noch. Hy stelt it nije konsept SLIM wonen iepen. Ja dat is dochs in nij en unyk konsept werby bedriuwen alles slim en maklik sunich meitje yn enerzjy. Ja we hearre net oars, it is dus kommersje. Der is neat mis mei, mar neam it dan ek sa. Allegear wol aardich, mar it set net in sêdde oan de dyk. Gewoan yn de winkel keapje kinne, dan kin wý der ek wat mei. Boppedat, at je net iens bysteat binne om foar in folk wat it aldermeaste yn de wrâld fan reedriden hâld in iisstadion del te setten dat folslein foldocht oan de duorsem begjinsels fan de wrâld, no dan ha je helemaal neat te sykjen op griene tentoanstellings of kongressen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s