Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

24 02 12

 

Dêr leit Job Cohen ferfrommele ûnder it yn elkoar dondere Thialf stadion. Dus it makket my neat dat we ôfpraat ha dat ik foarút sjen sil, ik sjoch no wer werom op de meast tryste wike ea belibbe. It wol my net loslitte. De idioaten dy’t Cohen en Thialf fuortsmieten dogge dernei sokke nuvere dingen dat it my inkel mar tryster makket. Twa dagen, it is net te leauwen, twa dagen neidat Cohen dach sein hie, stean de earsten al wer te roppen en razen dat sy de takomst foar de earme minsken yn Nederlân feilich stelle sille. Swankebasten. At sokke mannen  as Kok en Cohen dat net klear krije, no wat soe dan jonkje fan Samson dan, hat gymnasium hân yn Ljouwert doe’t net ien hjir wist wat gymnasium betsjutte. No en dan ûnstiet fansels, werom gjin frou, der moat ek noch minimaal ien frou by om te kiezen. Ja at je inkel mar in frou kieze wolle dan moat er in frou by wêze. Ik hie leaver in frou dy’t ek wat koe, mar alla. It duorret inkel wat langer foardat se har melde, froulju meie miskien net fan harren relaasje sa’n baan ha weryn Wilders je de meast idioate nammen jaan kin. Skoatteefke. Likegoed, famkes, aanst ek noch in froutsje derby hear, leafst in moaien, dan hat se wat mear kâns yn dizze mannemienskip, it byld seit alles yn polityk. O ja en de Ljouwerter Krante hie fannewike as ienige dat Jacques Monasch, dy’t altyd oan elke ferkiezing binnen de PvdA meidwaan wol, dat dy in goede kandidaat wêze soe. Hy is fierder troch net ien neamd, mar docht altyd mei. En sokken bin der mear. Dus de ferkiezing wurdt in gribus, want wy kin at wy teminsten lid fan de PvdA binne, gewoan op in knopke drukke en sanien wurdt it. Dus moat je in bekende namme ha, de wize werop at de no al kandidaten har ferkrongen om foar de tillefyzje en radio te kommen is om te laitsjen. No ja en tagelyk bin de oaren  begûn te saagjen, fansels, Telegraaf foarop. Dat is steatsrechtlik ferbean dat je de leden beslisse litte wa’t fraksjefoarsitter wurdt. En Wilders mei himsels beneame, hiet dat dan demokrasy? De oaren: Spekman sit al by de SP, koers is linksôf. No en. Spekman is demokratysk keazen en at dy wat seit, dan is dat in miening, it is net ta fuortsmiten. Kom der no tsjin yn it gewear, oars wurdt de PvdA wol fuortsmiten. Mar dyselde PvdA dy’t nei de sodemiterij giet, bestiet it yn Fryslân om net in meter foarút te tinken. De PvdA fan Fryslân bestiet út net Friezen, dy’t allinne mar wat âld spul opknappe wolle, en salang at sy regeare hâldt dat it wol. Gjin meter foarút sjen. Trouwens ek de FNP, oars ek altyd sa op de boarst klopperich as it giet om dat foarút sjen, gjin lover beweging. Mar  Konst en Kramer sizze net dan gean ik fuort. Dus, it CDA moat de stekker der út lûke, en mar fierder mei de VVD. En Hearenfean net siik yn de hoeke in wyntsje drinke en der foar je útsjen, nee, tsjinspartelje. De provinsje is dochs net baas oer in baan yn Hearenfean. Dan sels mar, dan mar ûndernimmers strikke. Aksje. O nee, dêr is de PvdA ek baas. En falt yn sliep nei dat wyntsje. Gjin fermogen om ambisjeus foarút te sjen. Werom sjen. Troelstra, Jeen vd Berg en Lenstra eare. It hat moai west, dat is it dan wol. Sc Hearrenfean hat ús jierren de wei wiisd, ambysje, foarút tinke. Tagelyk wie it typysk Frysk, oant it folksliet ta. En werom sjen, Abe wie baas. Mar altyd ambysje. En it wurke. Snein hoop ik dat de PvdA-ers en al dy gewoane minsken sjogge dat it noch altyd wurket. Van Basten beneame en dêr neffens fuotbalje. Fertaald PvdA-ers : Drees omearmje, en oer Wilders hinne sjen. Foar de Fryske PvdA-ers : Jim bern en bernsbern hiene in goede reedrider wurde kinnen, at jim mar ambysje en kont yn’e broek hân hienen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s