Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

27 02 12

 

Doe’t ik sneontemoarn fan bêd kaam skynde de sinne al folop. It finster iepen en snuve. Hearlik. It rûkte gewoan oars. Der gliede wol kâlde dampen om je hinne, mar it waar noege sa. Kom op jong, bûten is it te rêdden. En dy skrouskens, ach je dogge krekt of is it net sa, de buorlju stean ommers ek allegear lytse putsjes te dwaan bûten. De ien knipt wat yn de tûken om, de oar wasket it sâlt fan de auto.  Buorfrou himmelt de ruten, de oar hat it bêddeguod  der út hingjen, fierderop timmert in oare buorman wat oan in kninehokje. Ik die it pompke wer yn de fiver (iiskâld wie it wetter noch, ferline wike lei der noch iis yn, mar trochsette). In los plankje op it terras fêstsetten, der kom je aanst net mar oan ta, soksoarte putsjes. No dan bin je middeis mei it gepruts klear, en dan sit Liuwe Westra al yn de kopgroep fan de Omloop fan Het Volk, wat no de Omloop van Het Nieuwsblad wurden is. Soe trouwens wol moai wêze at wy dat hjir ek dienen, as medium sa’n profrit organiseare. De Ljouwerter Krante alvestêddentoer. De omloop fan de omrop. No ja

hoe’t er ek hiet, in hearlike stream oer de skouderblêdden, as de hurdfytsers wer los geane, want dan is de maitiid ek wer los. Ja ik wit wol dat de reedriders sawat oant april ta op de izers stean, mar dan ha wy al ljipaaien.

Ja, ha jim ljipaaien?  Dat bepaalt de Raad van State hjoed wol jonkje. Ja mar soks is dochs altyd goed gien. Wy Friezen…..  Werom eins wy Friezen. Werom stelle we ús sa apart op as it om ljipaaisykjen giet. We moate ferdorie mei in mobiele tillefoan it lân yn en earne yn  Ljouwert stiet in kompjoeter dy’t ferteld at we dat aai wol of net oppakke meie. En likegoed we hâlde mar net op. Wy bin  yn alle oare dingen sa suver op’e graad as at we mar kinne. We skiede de teepûdsjes oant it lêste nietsje ta. We ha sa’n fiif oant seis bakken njonken it hûs stean. We snieskoue, helpe âlde buorfroulju.  Immen dy’t samar op’e grûn pisset wurdt yn’e bak setten. We komme pas op it iis at Jan Oostenbrug seit dat it kin. We sjogge ûnbegryplik nei Moordvrouw en dr Deen en konstateare dat it flut is, soks bart hjir noait. En toch at de ljip komt en hjir syn aikes del leit dan moat we efkes in wike, oardel wike ha  om efkes de striid mei dy fûgel oan te gean en dy aaien te finen. Dat is, dat is, ik wit net wat dat is. We ferskûlje ús efter oarlogen yn Mauretanie, wertroch der ’s winters net goed op ús skriezen en ljippen past wurdt. We ferskûlje ús ek efter de Fransen en Italianen dy’t de ljippen sjitte en opfrette, sa’t wy de guozzen sjitte en  opfrette. En we sjitte stiekem dy rôffûgels ek want dy frette ús ljpkes op. En we witte wol, we soenen de ljip wat better stypje at we dy aikes lizze lieten en ús neisoarch op 15 maart begûnen en net op 1 april. Foar dy lúzige wykjes fechte we no al jierrenlang yn alle rjochtshûzen fan Nederlân en de rest fan de wrâld om ús oars op te stellen as gewoane minsken. It is in geweldige ûnsin stelling dat wy better op de fûgels passe omdat we earst twa wike de striid mei de fûgels oangean. Dat is net sa. Dus lit de Raad van State aanst…. En dan komt dat maaitiidsgefoel wer boppe. Ik ha juster it lân efkes yn west. Efkes sjoen. It bin fansels Sweedske, dy’t hjir wachtsje op in tillefoantsje dat de ynsekten dêr ek út de wintersliep binne. Mar at je sa’n ljip sjogge. Dat gefoel. Kom op Raad van State, wy meie toch noch efkes wol……

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s