Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

29 02 12

 

Fannemoarn wurdt de earste peal slein foar de safolste fernijing fan ien fan moaiste musea yn Fryslân, it Damshûs yn Nij Beets. Leanbedriuw Lageveen hat wat noardeliker in nije tagong makke nei de Domela Nieuwenhuiswei, je moatte no noch altyd by in boer oer it hiem knoffelje om der te kommen, da’s aanst oer. Mei sân en pún makket Lageveen der in moaie echte turfdyk fan. It arsjitekteburo Brouwer en Kijlstra fan de Sweach hat in moai nij entreegebou tekene, en derfan sille de earste pealen aanst yn de grûn slein wurde troch frijwilligers Ittsje Wolthers en Ate Jeeninga. Dan kin oannimmer Mulder fan Beets begjinne te bouen, takom seisoen is alles klear. Prachtich he, dy nammen. Dan giet, krekt as at ik dêr bin my in kriebel troch de mage. Want ik sei no wol moaiste museum, tagelyk is it it meast tryste museum wat je je mar betinke kinne. It Damshûs yn Beets jout in tekening fan de feanderij yn dy omkriten dy’t inkel meilijen opropt. Wat ha dy minsken it wreed hân yn it begjin fan de foarige ieu. Alderonhuerst. Myn pake en beppe ha der wenne, ús heit is der noch berne. Ek de âlde skippers dy’t derwei kamen, de Brouwers, fertelden wolris wat. Mar it die pas sear at je yn it Damshûs kamen. Tsjintwurdich is it suver fleurich, it Sudergemaal heart der no by, de wynmoter fan de Feanhoop, je kin der by lâns farre mei de Snikke, skoalbern leare de feanderij troch allerhande aardige spultsjes. Yn de begjintiid seagen je inkel noch de ellinde fan de feanarbeiders, dy’t yn kninehokjes libben, foar minder as 60 sinten deis mear as 15 oeren yn de turf omstutsen. Leechfean, it moast ûnder it wetteropperflak weihelle wurde, almeugend swier wurk. En de feanbaas hie in winkel, in kroech en skearderij en de feanarbeiders wiene ferplichte der te boadskipjen, dus brochten se de sinten like hurd werom. Utbuiting. In sûr wreed libben. Fansels waard dat wol sjoen doe. Mar de measte minsken kearden har om. Utsein sokke mannen as wer’t de Beetsterdyk nei neamd is, Ferdinand Domela Nieuwenhuis.  No jim gean noch marris nei it Domela museum yn Hearenfean by it Willem van Haaren, dan wit jim alles fan de man dy’t úteinlik út it dûmnys ambt stapte en troch de feanarbeiders Us Ferlosser neamd waar. Hy hat neat ferlost, hy hat inkel minsken wekker skodzje kinnen. Doe’t Troelstra yn 1919 dochs mar revolusje dwaan woe, wie Domela al anarchist en wei. Mar at je earne sykje nei de boarne fan it kommunisme, dan leit dat dêrre. Domela wie de man dy’t fanastysk sprekke koe, syn skriuwen wie folle minder.  In flamkjende rede hâlde foar de feanarbeiders. Dat wie syn ding. Opjage waarden se troch de feanbazen, mar hieltiid wer kaam Us ferlosser, dan monkele it tusken de dollende wurkers, hy komt, hy komt en dan wiene dy arbeiders efkes dwers. Letter wat mear, en doe’t alles wat mear nei bûten kaam en sokke mannen asGerrit Roordadekommunistyske lampe oernamen kaam it wat better klear. Mar tink der goed om, op guon plakken hat it hiel lang duorre,  wol oant de twadde wrâldkriich ta.

Goh wat sa’n sintsje yn de aginda net dwaan kin. Moai dat dy peallen hjoed slein wurde, want we meie nea ferjitte hoe’t frije merk en kapitalisme ûntstien binne út ûnminsklike tastannen. .

 

 

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s