Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

01 03 12

 

Ik tocht noch ik wurd ferstandich en lit de earste grutte lulkens besakje, miskien falt it noch wol wat ta. Mar it proses giet gewoan troch en ik wurdt hieltiid lulker. It moat derút, ik moat it útraze, oars dan barre der freesliike dingen mei my. Sju, earst efkes rêstich by it begjin begjinne. Der wiene 4 kandidaten om Job Cohen op te folgjen , mar yn it wykein  kaam in oar Keamerlid fan de PvdA , Lutz Jacobi ûnder hieltiid mear freonlike druk te stean. Toe, Lutz, dat kinsto bêst, do seist altyd presies sa’t it is, by dy fiele wy ús tús. Sju Lutz is in echten, at ien njoggen sinten fertsjinnet en in oar alve, dan makket Lutz der by beide tsien fan. Net yngewikkelder. Doe’t se de sneintejûns op bêd gie, lei se lang nei te tinken. En moandeitemoarns sprong se fan it bêd ôf en rôp “ik doch it”. No ja, en Lutz is Lutz , dan giet it ek los. Se swile efkes 100 hantekenings op, en  lei se trije menuten foar tolven op tafel. No skine se dêr in systeem te hawwen dat at je 100 hantekeningen op tafel smite dat der dan fuort in automatysk beltsje nei alle media giet. Dus om tsien oer tolven stie al op de NRC site dat harren eigen ferslachjouwer noch nea fan Lutz Jacobi heard hie. Dat se dus gjin inkele kâns hie en dat we trocheamelje koenen oer Samplasdamrak. En sa is it dus trochgien, twa menuten letter siet Joost Vullings foar NOS radio har gewoan út te laitsjen  En allegear wisten se wol dat Luts har maidenspeech oer klapmûtsen gien wie. Ha ha ha. Net ien dy’t wist dat se twa jier lyn doe’t selfs Halsema noch bestie, en Samson yn har eigen fraksje de miljeusjaal omheech hâlde, dat se de grienste politikus fan it lân wie. Mar wêr t al dy oare fjouwer moai yn Pauw en Witteman, de Wereld en Draait door en wit ik al net sieten, kaam Lutz net yn byld. Ja by de NOS wachten se krekt sa lang dat der in rige dronken maskottes foarbykaam, en dy bylden stjoerden se út. Ek  de oare deis yn de kranten: ha ha ha.  De Volkskrant wie it slimste yn de Fryske betsjutting: fjouwer keurige fotootsjes en ien fan Lutz mei de hannen omheech, it clowntsje. En justerjûn by it debat flikte de presentator it ek, doe’t er ynienen immen frege en weet u ook hoe de vijfde kandidaat heet?

Fansels, Lutz hie it noait dwaan moatten. It debat makke dudlik werom net, se kin likemin debateare as Cohen. En at Wim de Bie twittert dat elkenien tocht dat Lutz in typke fan him wie, bin je helemaal ferlern. Ja der is in cult, in Lutz cult dat wol wat opsmiet, mar dat giet eins ek tsjin de Lutz dy’t we kinne yn. Mar goed se hat it dien,

mar dan moat se deselde behanneling ha as alle oaren. At de Hilversumse en Haagske lju har net kinne, seit dat wat oer dy minsken, je moat se alle 30 kinne, alle 150 dus. En je meie as sjoernalist net tsjin de minsken sizze dizze sil it net rêdde. Jo moat objektief bliuwe. Net ien is objektief oer Lutz. Wy ek net want wy binne ynienen fansels foar Lutz. En tsjin dy oaren. Ik doch ek mei. Folslein subjektief. At Samson praat harkje je binnen de heale menuut net mear, te wittenskiplik. Plasterk, eigenwiis ûnderwizerke. Albarayk, se hie wol blond wêze kinnen sa dom, Van Dam noch noait fan heart, en at al dy oaren sizze dat Lutz gjin kâns hat, dan dogge wy dat ek by Van Dam. En al dy oaren. Dat moat se de oare kears ek dwaan by de ferkiezings, ach Grien Links en Christen Unie ferjitte we mar.

Dus aksje. Lutz op Job syn plak. Se komt altyd by Hearrenfean dus dy 26.000 hat se al. 5000 foarkar stimmen hie se ek al. Noch ien gesamelike aksje fan de LC  it FD en O F ûnder it motto sy ûnearlik dan wy ek mar. Al moat al dy lju noch wol gau efkes lid fan de PvdA wurde. Sju at sokken as Sander de Rouwe en Retze van der Honing roppe o wat moai, der ha we neat oan. Sy stimme net hear. Dat moat de rjochter middenkant dwaan fan in partij dy’t nei links wol en moat. En dat slagget net. Se hie’t net dwaan moaten, mar o wat is it moedich te striden tsjin de Hilversumske en haagske haffelkonten.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s